diff options
Diffstat (limited to '77495-0.txt')
| -rw-r--r-- | 77495-0.txt | 608 |
1 files changed, 608 insertions, 0 deletions
diff --git a/77495-0.txt b/77495-0.txt new file mode 100644 index 0000000..b727522 --- /dev/null +++ b/77495-0.txt @@ -0,0 +1,608 @@ +*** START OF THE PROJECT GUTENBERG EBOOK 77495 *** +Priis 15 sinten + +Striidskriffen fen De Jongfryske Mienskip + +No. 1. + + + + +Fryslân en de wrâld. + +Rede, sa likernôch hâlden op ’e Mienskipsgearkomste fen 29 Jan. 1916, + + +fen D. Kalma + +W. A. Eisma Cs. — Ljouwert — 1916. + + + + +_Achte Mienskipsleden!_ + +Do ’t Jim’ niis-krektsa hast allegear jim’ bitinken to witten dienen +oer de frage, hok for wykblêd, „Sljucht en Rjucht” ef „Fryslân” de +minste ûnsuvere ynfloeden ûndergiet, en oan hok for blêd it dos +winskelik hâlden wirde moast as Jong-Fries mei to dwaen, en do ’t Jim +praetten, lyk ik fen Jimme biwend bin, iepen en rounút, ek my gjin +ôfkarring bisparjend, as Jim’ mienden, dat der reden for bistie, do haw +ik dêrnei harke mei blide nocht, om ’t hwet Jim’ seinen, bliken joech +fen earnstich oertinken en oertsjûgingsmoed. Ik winske dit oan it +bigjin fen hwet ik to sizzen haw, efkes to forklearjen, om ’t ik it +dochs nedich achte, in inkeld lid to binnen to bringen, dat er net +bûten ’e oarder to gean hie, en om ’t ik soks in kearmennich sei yn +moai forheftige wirden, as it my talike, dat der oars gjin acht genôch +op slein wirde scoe. + +Mar wier der dos blidens yn my, as ik harke nei Jim’ kleare tael en +faken tocht to bifinen, det Jim’ wier-wier it bilang fen ’e jongfryske +saek, dy ’t it fryske bilang by útstek is, foar eagen hâldden, ik scoe +dochs tsjin myn sin prate moatte, as ik sei, dat Jimme wirden my +alhielendal foldien hawwe en dat der neat yn wier, hwertroch ik myn +fordildigens heal forlear. Hwent al binne de útkomsten, dêr ’t Jim’ +oerliz Jim’ hinne laette, ek mines, en al binne Jim’ opfettings oer ’e +persoanlike frijdom, dy ’t elts heart to biwarjen, gelikens as myn +oertsjûgings yn dit stik, der giet mar neat fen ôf, dat wy op tige +ûnderskate menearen ta dyselde útkomsten kamen; ja, sikerwier, op sok +in ûngelikense wizânsje, frjeonen mienskipsleden, dat soks klear +oantsjut heart to wirden, as wy yn kommende tiden, lyk as eren, witte +scille, hwet wy krekt oan inoar hawwe. + +Somliken fen Jimme binne sa ôfgryslike praktysk, dat ik der heal wé fen +wird. Jim’ sjogge de tastân, lyk as dy op dit stuit is, nei myn sin +hwet al to klear: in jonge en wis, tige warbere, mar faken wol hwet +bjuster forheftige biweging, dy ’t bitrouwende giet hjar fryske wegen +lâns, kastijt en útheuvelet, hwet in útfûtering fortsjinnet—en soks is +der op ús fryske fjilden net in bytsje—en dy ’t sadwaende aerdich hwet +fijânnen krige en tsjinaksel ûnderfoun. Dit scoe nou krekt neat wêze, +en ús al in bidroefd bytsje bihinderje, as wy in eigen tiidskrift +hienen, hweryn wy ús ynlikste oertsjûgings forkindigje en fordigenje +koenen, sûnder to bûgen yn it biwâld fen ljue, dy ’t neat oer ús to +sizzen hearden to hawwen, en hweryn wy Fryslân lokkich wisten to +meitsjen mei de wirden en de lieten, lyk as dy ús ynjown wirde fen in +wûndere en forearensweardige, mar geheimige Krêft; dôch mieri! soks +liket to’n earsten in fromme winsk bliuwe to scillen, en sa waerden wy +dos wol twongen, mei to dwaen oan ûneigen blêdden, hwerby jamk +lûdbearende hânswoarsten en gearkomste-roppers, dy ’t wy minachtsje, it +measte to sizzen hawwe. Dêrom wirde de minsken, dêr ’t ik niis krektsa +op doelde hwet bûtenwenstige praktysk, en hja lizze oer yn hjar +siikjend forstân en hja sizze: »Lit ús dochs dalik nimme, hwet der to +krijen is. Binne der minsken, dy ’t ús net noaskje en ûnfortsjinne +kamen to sitten dêr ’t hja net thús hearre, hwet need! sadré wy bûten +hjar kinne, litte wy hjar de hakken sjên, en sa gau wy ús it krêftichst +fiele, keile wy hjar ôf fen it plak, dat nea net hjarres wêze moatten +hie.” + +Achte mienskipsleden, fûleindich kom ik tsjin sok in redenaesje op. Ik +kin it net goed krije, as, hwennear der in hjerststoarm oer de keale +diken gûlt en de heil yen om ’e earen kletteret, en der rydt yen in +feint efterop yn in smûke en sêft-fearjende wein op gummy-bânnen, as +men den sok in fint flaeikjende freget, meiride to meijen, mei de +stikume miening, om, sa gau men der kâns ta sjocht, de jongkeardel oer +it spatboerd hinne to keilen, en sels sa it rytúch to hawwen for yen +allinnich; ik kin soks sels net goed krije, as men fen to foaren al +sjocht, det it yens eigen stellene wein is, hweryn dy feint sok in swé +slacht. Ek komt der almeast fen sok in slûchslimmens net sa botte folle +goeds. + +Frjeonen, it wier myn miening net, dingen to sizzen dy ’t de ien as oar +fen Jimmes stekke en faeks slim yn ’e wei binne—mar ik winskje Jim’ +derop to wizen, det wy ús hâlding, al hinget der ek noch safolle fen +ôf, net hawwe fêst to stellen nei it tafal fen it eagenblik, dat wy +gjin rekkenskip hâlde meije mei persoanlik oansjên en persoanlike skea, +det wy net hearre nei to gean, hwet ús moarn en oaremoarn wol de measte +ynfloed tafoegje scil, mar det wy ús liede litte moatte, inkeld en +allinnich, troch it ivige Ideael, dat yn ’e fiere fierte wol tige heech +en wol wûnder glinsterjend, mar noegjende wachtet op ús, lytse ljuwe +mei lytse krêften. Hwet ik sei yn „De Jongfryske Biweging’[1]—ien fen +Jimmes neamde it ienris: ús evangeelje, hwet my wol haechlik yn ’e eare +klonk,—it hat syn bitsjutting en syn krêft yet alhiel net forlern: + +„Mar ûnwiten better as in foarderjen-trêd-for-trêd, om as der útfier +jown waerd oan ien plan, nei to gean, hweroan men nou de measte +oandacht tsjinnet to wijen, is dochs ek earst fêst to stellen in +fier-útstrieljend doel, dat lyk it stjerte twinkeljend ús leart stadich +mar wis de rjochte wei to bigean. As men earst wit, hweroan men yen to +hâlden hat en jimmer syn tinzen fêstiget op it fiere wyt, dat men +ienris, sij it ek nei tsjientallen, tritichtallen jierren, winsket to +birikken, den scil men, kommen oan in krúswei, allinne mar nei dy +stjerre hawwe to sjên, om mei in fornoegjende wissens fierder to gean, +dy ’t likefolle krêften jowt as yen de twivel binimt. Den hoecht men +allinne mar op yens hoede to wêzen, om fen de stjerre forlaet, net mei +to brimstige hast de wei to bigean, sadet men stroffelet ef, slimmer +yette, warch delfalt, ear ’t men kaem, hwer ’t men wêze woe; en hawwe +wy yn ús Frysk aerd, dat nea net talit de sokken deryn to setten, as +men it ôfdwaen kin mei stadich traepjen, dat fij is fen alle +oerdwealskens, mar oanstiet op rêstich en forstânnich hânneljen, net in +treflik biwiis det sok in útlitten dwaen dalik gjin geneed hat?” + + [1] De Jongfryske Biweging, fen D. KALMA, útjown to Dokkum by I. + BERGSMA, jowt bysûnderheden oer wirk en wollen fen de Jong-Friezen. + + +Myn frjeonen, ik winskje noutiids net mear to praten oer it +„uteringsfraechstik”, dêr ’t wy it dochs maklikernôch oer iens wirde +scille, nei ’t it my taliket, mar ik bin fen doel in wird mennich to +sizzen oer it keninklike ideael, dat wy aloan foar eagen hearre to +hâlden, om, as wy der klearrichheit oer krigen, ho ’t det eigentlik +krekt is, út dy ienriedigens ôf to lieden hok for hâlding it bêst +oannommen wirdt tsjinoer in blêd as „Fryslân”. En ik forsiikje Jim’ +minlik, myn wirden oan to hearren mei earnst en earlikens, lyk as ik +harke nei hwet Jimme niis yn ’t formidden brochten, en ik stean der +ynlik op oan, dat Jim’ dêrnei Jim’ oardiel foarmje scille sûnder +persoanlike foarljeafde en foarkar to biachtsjen, mar allinnich +tinkende om it wicht fen myn wirden en de hilligens fen ús fryske saek. + +Nimmen, achte mienskipsleden, dy ’t it forrin neigiet fen ús +tael„striid”, lyk as dy hjirre yn ’e lêste tiden fierd waerd, scil +sizze kinne, dat it ús miskearret oan ljeafde for hwet Frysk is, en dat +de saneamde lieders earm west hawwe oan idealen, hja mochten den +forachtlik ef weeldrich, dof ef glânzgjend wêze. Mar dat der oan dizze +idealen wol ris hwet hapere, dat der sims in nuver rookje oan wier en +dat hja faken sels earmer oan ynhâld en skrielder fen bitsjutting +wiernen as de oertinkings, dy ’t wenje yn it kopstik fen in moartsjende +bigge—soks is ek wol eltsenien dúdlik, dy ’t him de eagen net fol sân +struije lit fen alderleije, bûnt-tariste hânswoarsten. Myn frjeonen, +gin it my, det ik in lyts en tige ûnfolslein oersjoch jow fen hwet +somlike ljuwe foar hawwe mei it Frysk, somlike tige fatsoenlike ljuwe, +achte mienskipsleden, dy ’t it safier brochten, det hja hjar brochje +ite en hjar slok drinke kinne, hast krekt sa ’t de étiquette soks +foarskriuwt, mar dy ’t like goed gjin grevel ôfwitte fen hwet in Fries +fielt for syn saek, en dy ’t wend binne de âlde tael to misledigjen +troch hjar to brûken as in delstapke, om ’e troane fen ’e Forneamdens +to bikliuwen; ja wisse, frjeonen, gin my soks, hwent it scil jimme wêze +as wiernen Jim’ mids in lûdroftige, âlderwetske doarpsmerke, lyk as +Ostade dy wol skildere, hwerop it brune bier streamt en de dronkene +boeren, earm yn earm, stoattelje oer de inge, feestelik-biwimpele +strjitte, en troch de tsjokke walm, dy ’t driuwt út ’e kreammen fen it +oaljebaksel. + +Hok in droktme, bigammen, en hok in opskoer! Hwet mei der dochs wol to +rêdden wêze, dat de wenten fen ’e earmen en de stinzen fen ’e greaten +forlitten steane, towile der kloften fen fjildbiwenners gearstreame nei +de grize tsjerke, der jinsen op dy grienjende hichte, dêr ’t great +gewiuw is fen kleurige flaggen en gedroan fen geheimige oargelmuzyk? O +frjemd’ling dou yn Jeruzalem! hear it ûnthjit fen ’e takomst en ús +tynge, en fornoegje dy mei ús: jister, dollend yn ’e terp njonken ús +doarp—de kipkarren stienen ré, en rôllen mar stadich fierder, swier fen +’e modder—do steaten de arbeiders op in geweldige kiste fen stiel, en +groeven dy warber bleat, en teakelen him omhegen mei folle lijen en +lêst; de grytman waerd roppen, dy ’t de kiste soarchsum iepenje liet +fen syn stevichste smidden mei hjar krêftichst ark, en men foun in +glinsterjende troane fen lottere goud en dêrop dit treastlik boadskip: +„Jim’ fynders, set my yn ’t formidden fen Jim’ tsjerke en bûg del, en +nim Jim’ hânnen gear, hwent der scil in nije hearsker op my forskine.’ +En ik folge hjarren, dy ’t sa seinen, yn ’e tsjerke, en seach dêr de +troane glânzgjend, en de ljuwe bûgden foardel, d’ eagen ticht, en hja +wachten yn from bitrouwen; mar ik hâldde myn eagen iepen en seach dryst +nei de tsjerkedoarren, hwent ik wist, de kening kaem yet lang net. En +sjoch, dêr kaem in paljas út in hyngstespil, de narremûtse skeef op syn +holle en hy stroffele oer syn eigen klean en swaeide hinne en wer nei +de troane ta, mids it folk, dat from foardel seach en tocht: hy wier de +kening. Mar do ’t er my gewaer waerd, en seach, dat ik wist hwa ’t er +wier, doarst er net fierder gean, om ’t er soarch hie dat ik de ljue +oanmoanje scoe wer sjênde to wirden; dos bleau er stean, en tocht myn +swijen to keapjen mei hwet falske munten. Mar dit haw ik him to sizzen: +dat ik nea net dildzje scil, dat in pijas mei in ûnnoazel glimke toevje +scil op earnstich Fryslân syn troane, en dat, as er bisiket my stil to +hâlden en de hân leit op myn mûle, dat ik him den in draei jaen scil om +syn earen, dat syn holle efterstefoarst op ’e rêch komt to stean, sa ’t +er teikene wêze scil yn ’e minskewrâld, sa lang hy hjir yet tahâlde +mei. + +Mar hwet woe sok in hânswoarst dochs yn ’e goedichheid op Fryslân syn +troane? Biwûnderje hjir, myn frjeonen, in krêftich idiael fen in nuver +soarte, hwent de stakker tocht wier-wier, dat dy troane nou krekt hwet +wêze scoe for him, en … hy krekt hwet for dy troane. + +En alwer is der lûd gebear en forheftich geraes yn ’e seale dêr jinsen +yn in greate stêds-herberge, dêr ’t, nei ’t men lústerjend +fornijt—hwent men doar der gjin lûd wird mear oer to kikken—in +gearkomste hâlden wirdt fen in rountsje goe-ljue, dy ’t hjar der op +foarstean litte de saek fen Fryslân krûdich to forsoargjen. Men koe it +der mar net iens oer wirde, eft men „nidle” skriuwe scil mei _dl_ ef +_ll_, mei in _i_ ef in _u_, en om to biwizen dat men der wis wol hwet +fen ôfwit, keilt men eltsoar de inketpotten om ’e earen, smyt men de +finsters yn mei skoandere kofjekopkes en slacht men de stoellen stikken +op ’e tafels en op ’e flier, om eltsoar den mei de ôfbritsene poaten to +liif to gean, en sa de oar to bringen ta in oare opfetting fen dit +wichtich taelkindige frachstik. En oan ’t ein fen ’e seale stiet der in +man to roppen en to bearen fen syn eigen treflikens en de minnens fen +elts, dy der oars oer tinke doar as hy, wylst er soks bisiket ta to +ljochtsjen troch de steapel itensboerden, dy ’t njonken him stiet, mei +rynske hân to forsiedzjen oer ’e glânzgjende krunen fen syn achtbere +tsjinstânners. Mar o fyt! der wraemt ien fen syn eigen frjeonen de +tafel mei foarsje om, en de yet altyd gûlende redener trudelet yn ’e +bidelte, wylst er yn syn fal in stik ôfskoert fen ’e kostbere fryske +flagge, dy ’t boppe syn holle hong en dêr ’t er him oan bisocht fêst to +hâlden. + +Mar hwet miskearre ús earbere boppemaster den wol, om sa glânzgje to +wollen as earste minister fen ’e circus-potentaet! Myn frjeonen, +biwûnderje wy wer de krêft fen dit nuversoartich ideael, hwent de +ropper wier sikerwier oertsjûge, dat hy de saek fen Fryslân tsjinje +koe, en … de saek fen Fryslân him. + +En strieljend, om ’t it midsimmer is, midsimmer, de waerme tiid fen +glânzgjende weelde, laket de sinne oer de wite dunen fen Skylge, en +dounsjende en streakjende en ljeavjende swevet om hjar ljochtens hinne +de trintene wyn út it salte wiet. En de grienjende sé, twinkeljend en +glinsterjend dêr ’t it suverste ljochtgoud gliidt oer syn rimpels, +streamt oan mei lytse slanters fen skom, dy ’t maklik torane yn it +wiet, en der is in ienlûdich en birêstend gerûs yn it nuvere riigjen +fen syn rêstige weagen. En it raeijige gers fen de dunen risselet sa +stil oer it wite geblikker fen it sân, dêr ’t it ljocht is en de +waermte en de wyn. En op it heechst fen in dún, dêr ’t de measte sinne +is en it brûzjen fen ’e ivige sé it klearst, dêr ’t omhegen it blau is +fen in einleaze loft en it blau fen in einleaze sé omlegen, sit in +jongfeint fen Fryslân, it lân, dêr ’t de wâlden nou sa geheimich rûzje, +en dêr ’t de marren wyt binne fen seil, en dêr ’t it folts warber is, +hwent it wiuwende, bûgende gers waerd al meand. En hy dreamt silveren +dreamen oer syn soun en skrander en krigel folts, dat jinsen wer +soarget, lyk it al ieuwen wend is yn ’e simmer noed to hawwen for de +tiid, as de wollige wite flokken wer twirje om de wenten; en syn tinzen +geane oer ’e ivige sé nei it West, dêr ’t it folts wennet, dat de +wâlden bihearsket, it folts mei syn kleare eagen en syn skerp en suver +antlit, dat folts, dat gjin hea mear ynhellet noch soarchleas net +doarmet troch de wrâlden fen Skotlân, hwent it fjochtet for syn rjocht +en syn bihâld; en weroan geane syn dreamen heech it Easten yn en hy +sjocht de jongfeinten fen Sweden, lyk hja studearje yn it witnis-rike +Upsala, it jongfolk fen ’e Noaren, sa ’t it klatteret oer it swarte +berchtme en delskôget yn ’e rûzige fjorden, en hy sjocht de bloeijende +en fruchtbere eilânnen fen Denemarken, it wirksume… + +Frjeonen, ik leau, it is sikerwier de moeite wirch it ideael, dat der +berne wirdt op ’e blikkerjende dunen fen Skylge ús oandacht to wijen, +en to sjên, yn hofier wy forplichte binne en rjocht hawwe om to wirkjen +for de forwezentliking dêrfen. + + +Achte mienskipsleden, somlike ljue dy ’t fen ’e wize rekke wiernen om +’t ik yn it bilang fen ’e mienskiplike taelstriid oanstie op in +(geastelike) oansluting by Ingelân, hawwe my bilein, det ik op +steatkindich gebiet tinkbylden hie, dy ’t waerden hja trochset, de +goede en saneamde fruchtbere forhâlding twisken Hollân en Fryslân +forsteure scoene; sels hat der ien, hwaens namme ik hjir yet net neame +scil, my driigje doaren, det, as ik soks ea ûndernaem, hy dat +foartdalik to witten dwaen scoe, dêr ’t men dêrfen op ’e hichte hearde +to wêzen. Op sokke minne en ûnwize biskildigings kin ik allinnich +anderje, dat ik sûnder mis idealen haw, lyk as hja miene, mar dat ik +inkeld den bisiikje scil dizze to forwezentlikjen, as de tsjinwirdige +forhâlding twisken de twa provinsjes dochs al tobritsen is troch in +forkearde die, dy ’t fen Hollân útgiet; salang soks lykwol net bard is, +scil der fen my neat ûndernommen wirde, noch scil ik der op oanstean +eat to ûndernimmen, hwertroch de iendracht fen it Ryk earnstigen skea +lije koe. Ik hâldde it winskelik, soks hjir mei klam to forklearjen, om +’t somlike net tige skrandere ljue efter de geastelike oansluting mei +Ingelân, dy ’t ik fordigene yn „De Jongfryske Biweging” dochs wer +steatkindige mienings socht hawwe, om my makliker bistokelje to kinnen; +ik mei dos bitrouwe, det, sels as der in pro-Dútsker yn ús formidden +wier, hy fen syn eigen oanstriid en meifieling gjin sin krije scil, +partidigens en geheimige bidoeling to siikjen yn de ienfâldige wirden, +dy ’t ik oer dit stik yn it formidden bringe wol. + +Ek foar dizze oarloch, dy ’t ús leard hat oer in hopen dingen wer +klearder bigryp to krijen, wier it ús skoan bikend, det der gjin praet +wêze koe fen ien algemiene Jeropeeske biskavinge—mar, hwet der yn ús +dagen woedet tichte by ús grinzen like goed as yn de ynlânnen fen +Afrika, wier (it is bidroefd, dat men soks tajaen moat) nedich om de +tige forskate kulturen fen Jerope ús yn hjar djipste bitsjutting sjên +to litten. Alhowol ik der gjin witnis fen haw, dat de yndieling, dy ’t +ik hjir mei in wirdmennich taljochtsje wol, earder makke waerd en +earder fordigene, en hja dos by my alteast oarspronkelik is, scoe ik +net tinke kinne, det hja yette nij is en noch ynfierd wirde moat, om ’t +hja sa tige dúdlik liket, det eltsenien, ek hwa ’t fen ’e ûnderskate +folkskarakters gjin stúdzje makke, hjar wol foartdalik ynsjocht, as er +efkes oer dizze saek trochtinkt. Hwent hja binne mar tige út ’e fierte +oan eltsoar bisibbe, de neikommende kulturen: + +I. de Slavyske (Ruslân en de fierdere Slavyske lânnen), dy ’t faeks op +hjar suverst teikene wirdt, troch hjar to neamen, „dy fen it tsjuster +en fen de stjerren”, om ’t hja, dy ’t ûnder hjar ynfloed libje, èf +folslein ûnûntwikkele binne, lyk as de greate birêstende en +moreel-heechsteande, mar ûnwittende Slavyske massa, èf hjarren sok in +djip en ynlik geastelik libben eigen makken, dat hja fortsjinje neamd +to wirden ûnder de klearst en fynst-fielende geasten fen hiel Jerope: +de wûndere Russyske skriftekennisse, de folsleine Serbyske muzyk. + +II. de Latynske (de lânnen mei Romaenske folkssiele), dy fen de +geheimige rêst yn ’e djipten en de uterlike twinkeling; dy ’t +forhearliket it brûzjende en skomjende libjen, de ljochten fen Parys en +de swiere wyn-tunen fen it weeldrige Súd, mar yn ’e inerlikste fieling +de wûndere en ivige earnst bisteviget, dy ’t dochs aloan al sa krêftich +wier yn it moed fen ’e Romaenske foltsen: de Renaissance yn Itaelje, +hiel de skriftekennisse fen Itaelje en Frankryk, de Spaenske dounsen. + +III. de Teutoanske (de lânnen mei Dútsk folkskarakter), dy de +persoanlike frijdom krêftleas siket to meitsjen, en de organisaesje +forearet as it iennichst-wiere, dy ’t ier-ryp is en dêrtroch grouwelich +lijt oan selsoerskatting, dy ’t wol tinkt, mar ûnsuver fielt, dy ’t +hjar lykwol it measte optwingt en dy ’t de 42-c.M. kanonnen útfynt, dy +’t ôfbrekt mar net opbout, en dy ’t yn safier hja net bifruchte waerd +fen Slavyske ef Latynske ynfloeden, earm is oan ynderlike wearde: de +efterlikens fen ’e Dútske skriftekennisse, de oanbidding fen ’e +soldaterij om de soldaterij. + +IV. de Anglo Skandinavyske (ik mien hjir de lânnen mei Noardske +folksgeast), dy ’t de meast suvere harmonije biwûnderje lit twisken it +himsels lang gelyk bliuwende, strange en hwet ôfwizende uterlik, en de +wis-bisletten, troch-settende en soun-tinkende geast; dy ’t maklik hwet +stiif oandocht, omdat it hjar miskearret oan de hertstochlike fieling, +en dy dochs de measte dingen fen bliuwende weardij ta stân bringt, om +’t hja nuvere waerm is fen tinken en maklik ynsjocht ho ’t men it bêste +to wirk giet; dy ’t opwoechsen is ûnder de foartsterkjende amme fen +binammen de Noard-sé, dêrtroch biwarre in by útstek soune libbenskrêft +en mei greate en úthâldende rêst tinkt oan ’e wichtichste +libbens-riedlings: it kolonisearjen fen Ingelân, it stadige, mar +winnende Ingelske trochsetten, de Skandinavyske skriftekennisse. + +En al wit ik, achte mienskipsleden, nou tige skoan, dat it net op ús +paed leit ús drok to meitsjen oer de sounens ef de sjochtme fen ’e +hollânske folkssiele, en dat wy wol wichtiger dingen to dwaen hawwe as +de hollânske kultuer mei krektens to bistudearjen, it scil ús dochs +klearder ynsjoch jaen ek yn it wêzen fen ús fryske saek, as wy ris +efkes tinke om it folts der jinsen oer ’e Súdersé. Ik leau, wy scille +den maklik de forklearring fine, hwerom der binammen yn ’e lêste tiden +wer sok in wearze yn ús woechen is tsjin alles, hwet it hollânske +merkteiken hat, en hwerom it ús sa tige maklik falt en sels sa’n goed +docht, de geastelike oansluting, hwermei wy eartiids oan Hollân fêst +sieten, biret en rêstich to forbrekken. En dúdlik scil it ús wirde, +hwerom wy Rinke Tolman, dy ’t mar tige wiis dien hat mei him net oan to +slúten by ús Mienskip, foartdalik de eare-namme fen Jong-Fries +ûntkearden, do ’t er it yn in „Fryslân”-artikeltsje bistie to sizzen, +dat it him moeide, dat wy it Hollânsk biskôgen as fijân, datselde +Hollânsk, myn frjeonen, dat it Frysk forkrong yn wide fryske gebieten +en war die, ús tael út tsjerke en skoalle wei to bânnen nei +heide-klinten en braekhokken. + +Yn in „Telegraaf”-artikel, dat hjoed iepenbier makke wirdt, en dêr ’t +ik moai wiidweidich twa fen ’e wichtichste wierhedens yn bisprek, +hwertroch ús biweging hjar ûnderskaet fen hwet âldere ljue wolle, haw +ik Hollân bylein, det ik gjin siele mear hie. Eren hat de folksgeast +fen Hollân wiswier Germaensk west, en wie er nei bisibbe oan it wêzen +fen it Ingelske en Fryske folts, lyk as men maklik ynsjocht, as men de +suvere en krêftige poëzije lêst fen Vondel, as men Potgieter syn +steatlik-weagjende en breed útwirke folsinnen yn yen neiklinken heart, +en yen fornoeget om de klearens, de suverens en de sterkens fen Perk +syn gnapste sonnetten. Mar ieuwen en ieuwen hat Hollân, dat nei ’t it +Suden gjin bolwirk hie, troch de sé skaet wier fen Ingelân en aloan +heibel hie mei Fryslân, dat syn rjochten socht to fordigenjen, bleat +lein for de ynfloeden út it Suden, for de Romaenske biskaving fen +Frankryk like goed as for syn oerhearskjende legers. Salang men oer +soks yn Hollân in klear bigryp hie en wist, hok for gefaren it lân en +de folkssiele bidrigen, mocht it neat gjin kwea; mar do ’t yn ’e +achttjinde ieu de Frânske biskavinge kaem to stean op sok in hichte, +det hast hiel de wrâld hjar mei ljeafde bisocht oer to nimmen, wylst +Hollân syn krêften forlern hie en ôflibbe fierderkroaske, en do ’t om +1880 hinne de Hollânske geast yn syn utering wer bliken jown hie fen +syn ûnbitsjuttendste eigenskippen, wylst de kinst fen Frankryk wer +bloeide en gloreare, as hast nea to foaren, forlear Hollân swietsjeswei +de weardearringe for himsels en waerd it foreale op hwet der yn it Súd +sa feestlik noege. En sa bande Hollân mei wearze en forspijing syn +eigen siele út, dy siele, dy ’t yn ’e tiid fen lok en fen bloei ienris +hâlden wier for it heechste, dat him op ús wrâld ûntjoech, sûnder +dennoch—en dit is krekt it fortretlike—it wêzen fen Frankryk, dêr ’t it +nea net hwet bigriep, ho ’t it him der ek oan forgappe, to biërvjen. Yn +Hollân syn kinst, syn skriftekennisse binammen, sjocht men dat nuvere +klear, as men by de kinst fen Vondel en Huygens en Hooft en Luyken ris +hâldt de oerfloed fen ûngeve en dekadinte poëzije, dy ’t der jinsen +ûntstie wol tsjin de miening fen ’e tachtigers yn, mar dochs as gefolch +fen hjar yn wêzen net ûnsuver streevjen. Dêrom is it, myn frjeonen, det +ik de tachtiger biweging, dy ’t hjir langlêsten op sok in minne en +ûnsedelike menear birabbe waerd fen Jan fen ’e Gaestmar, wol biskôgje +as in lok fen de kinst, mar teffens as in ûnk for de Hollânske geast, +dy ’t dochs al sa fen frjemde ynfloeden oantaest waerd; dêrom is it, +det men mei wissichheit oankommen sjên kin, det Hollân mei gauwens _ef_ +alhielendal Romaensk wêze scil fen siele, sa ’t it for de Germaenske +kulturen ôfdien hat, _ef_ tobekfalle scil yn ’e bitizing fen ’e +Middelieuwen, lyk as ek Dútsklân dat scil, sa ’t it ôfdien hat for hiel +de wrâld. Wy hoopje for Hollân, dat wy neat gjin lêst en fortriet, mar +in heap moais en swiids tawinskje as it us alteast mei rêst lit, sûnder +mis it earste; mar ho ’t it ek rint, for elts dy ’t sjên wol, en syn +earen tichtstoppet by de jankerij fen somlike oerstjûre minsken en by +it getsjânsel fen somlike efterlike, howol goedmienende ljue, stiet dit +ûnwrigber fêst: _de geast fen Hollân is dea._ + +Mar stiet Hollân dos op dit stuit bûten de eigentlike kulturen en +hjarren striid, en is it ek tige to bitwiveljen, eft syn folksgeast wol +ea it meast wezentlike fen ’e Romaenske siele, dos net it getwinkel en +geflûnker en jamk de oanstellerij, mar de tsjustere earnst en it +hertstochtlike fielen oernimt, mei greate wille is it, det ik nou in +wirdmannich siz oer de fryske folkssiele, dy ’t hjar sels gelyk bleau, +dizze tweintich ieuwen lang. Wis wier, Fryslân hat syn siele rêdden, de +suvere en kleare, dy ’t ynbânnich is en krêftich, en it fryske folk hat +him stadich en earnstich ûntjown, lyk it ûnthiet yn ’e dizige +Middelieuwen, do ’t it in ein makke oan ’e liifeigenskip, foardat yn +oare kontreijen de geast fen it folk dêrfor ryp wier; de soannen fen +Fryslân, dat de moarntiid yn ’e mjitte strevet, hja kinne, lyk as hja +gean oer de forwielige greiden en it hea optiemje ta de reakken, ef de +bûgende ieren sichtsje en de goudene rispinge garje, ef lyk as hja gean +nei de skoallen fen Ljouwert en studearje, faken fier bûten de grinzen +fen de fryske kontreijen, hja kinne skoan út tsjin it jongfolk, dat de +dreamer op Skylge oanskôge. En it warbere folk fen Fryslân, dat fen +gjin rêsten wit en de striid forearet, om ’t syn krêften in útwyk +siikje, dit folk, dat hatet hwet tsjuster is en ûnwier en ûngeef, mar +dat ynlik hâldt fen syn rêstige marren, syn rûkende wâlden en syn +fruchtbere klaei, dit folk, dat syn wei giet en docht hwet laet nei it +goede, dat trochset en gjin hegere ljue nei hjarren goedkarring +bifreget, dit folk, dat frij wêze wol en frij wêze scil—och siker! it +folk fen Fryslân, myn frjeonen, it glimkjende en steatlike, it winnende +en aloan fierder stridende, it biwarre wol kostlike klear syn krêftige +siele, en soun scil it bliuwe salang it bistiet. + +De minsken fen Fryslân hja easkje for hjar persoanlikheit in almeast +folsleine frijdom en hja binne dy tabitroud; hja sjogge yn organisaesje +jamk in needsaek, mar biskôgje hjarren forienings jimmer as middel en +nea net as doel, sa ’t hja fruchtber binne sûnder to twingen; hja kenne +hjar eigen krêften, mar forlieze de grinzen fen hjar kinnen net út it +each; hja hawwe forheftigen ôfkear fen soldaterij en haetsje it +hearskjen fen ûnbitrousume jonkers—de ljue fen Fryslân, hja libje +wiswier net in Teutoansk, mar in Anglo-Skandinavysk biskavingslibben. + + +En nou, frjeonen Mienskipsleden: as men de Jeropeeske kulturen, lyk as +ik dy niis krektsa opneamde, ris biskôget, en binammen neigiet de +forhâldings fen ’e ûnderskate foltsen, dy ’t ien en itselde +biskavingslibben libje, den is der ien nuver forskeel, dat al +foartdalik yens oandacht opeasket; hwent wylst de foltsen fen ’e +Slavyske kultuer (Ruslân-Serbië), de naesjes fen ’e Romaenske (b.g. +Frankryk-Itaelje) en sels dy fen ’e Teutoanske (Dútsklân-Eastenryk) mei +eltsoar stean yn in ing forbân, ûntbrekt twisken Ingelân en Skandinavie +net allinnich de steatkindige, mar hwet wichtiger is, ek eltse ynlike +geastlike oanslúting. En as men nou den tinkt om de lizzing fen ’e +fryske kontreijen, tinkt om hwet wy biskôgje as lân-mei-fryske-siele: +de sélânnen fen Starum oant Cuxhaven en de eilânnen fen Skylge oant +Sylt—jinsen yn it West Ingelân en heech yn it Noard Skandinavië—mar +wûnder! Jim’ antlit klearret op, en ik fiel it, Jim’ bliuwe my by, +hwent ik foun de wirden, dy ’t it djûrst binne oan ús herte. + +Net wier, wy hawwe ús wol faken binijd ôffrege, hwet it Albiwâld dochs +wol fen doel wier, do ’t it Fryslân skoep, it lân, dêr ’t in flok op +like to rêsten, sa ’t it al mar mear forlear fen ’e biwende groun, sa +’t it net ienris rounom yn steat wier syn erflike tael to biwarjen; en +sims yn feale hjerstige dagen, as de dizen sa súntsjes wynderje koenen, +en der in wûnder en wiet rûzjen wier yn ’e keale krunen fen it +mistreastige beamte hawwe wy, oan hwa de moedleazens net frjemd is, wol +twivelje doaren oan ’e bistimming fen ús lân en ús folk. Mar nou scil +it wol altyd simmer wêze yn ús herte, de weeldrige tiid, dat de frucht +him sa stadich ûntjowt, dy ’t yn ’e hjerst de minsken fornoeget; hwent +hok in hate ús diel ek wirdt by minsken, dy ’t delknibbelje for de +eigen hilligens en yn wierheit dochs to min binne as dweilstik for ús +foetten, ho ’t men ús ek bistokelje scil mei de feninichste rabberij en +de ûnredsumste kwealaster, wy scille ek fierder ûndernimme, hwet ús hân +fynt to dwaen, mei bliid bitrouwen en rêstige moed: hwent Hy, dy de +ljeafde wol en ta hwaens eare wy it suver liet sjonge oer de +ienriedigens fen broerren út it selde hûs, Hy freget fen ús, dat wy +byelkoar bringe hwet byelkoar heart, om ’t it ien is fen fielen en ien +fen siele. Net wier, ienris scil men sjên dat Fryslân yn ’e wrâld net +in ûnnut wier, ienris scil men, as it geastelik libben fen Ingelân en +Skandinavië bistiet as in ek ynwindich krêftige ierheit, mei nocht sjên +nei dit lân mei syn warber folk en syn fruchtbere mieden; hwent mei ús +kinst en ús streevjen bouwe wy ienris de brêgge twisken Skandinavië en +Ingelân. + +In geweldich ûndernimmen, myn frjeonen, sûnder mis. En do ’t dizze +dream it earst forriisde for de eagen fen ’e dreamer op Skylge, en hy +tocht om de lytsgeastige heibel yn ’e skriftekennisse fen syn eigen +lân, en om de persoanlikheden fen Keats en Shelley, en de ûntsachlike +tinkkrêft fen Ibsen en Björnson, de helten út it Noard, do kaem der in +waes for syn dreamende eagen en twiveljend frege er by him selme: Scil +it wol ea sa wêze? Mar de sinne lake, det hiel it strân der blik’kre yn +syn ljocht, en de wyn wier sa soun en sa fris, en de weagen dy rûzen sa +klear; en it wier him, as toeve der nêst him de geast fen Rupert +Brooke, de laitsjende jonge dichter fen Ingelân dy ’t fier fen syn +heitelân stoar op Lemnos, op reis nei de Dardanellen, hy fen hwa ’t syn +frjeonen tochten det Balder wer kommen wier op ierde; en de dreamer op +wite dúnkling fen Skylge, hy fielde dat en hy riisde omhegen en liet de +suvere séwyn waeije troch syn hierren: Ave beata amicitia fraterna: +wolsillige frjeonskip fen ’e broerren, wêz wolkom! + +Mar like goed scille der jierren en jierren yet oan ús foartbytsjên, +ear ’t sok in ideael forwezentlike is en wy blêdzje yn it earste nûmer +fen it Noardsé-tiidskrift, dat de weardichste bydragen út ’e +skriftekennisse fen Ingelân, Fryslân, Denemarken, Noarwegen en Sweden +bringt oan de lieders fen it geastelik libben yn ’e ûnderskate lânnen. +Achte mienskipsleden, ik stean der op oan, det men yens eigen brekken +sjên scil en war dwaen yen to forbetterjen, dat men meistimme scil det +de Jong-Friezen oan wirk fen wezentlike kinstwearde yet mar in bidroefd +bytsje levere hawwe—howol mear as de Selskipsboekjes ea bifetten—en +fûleindich kom ik der tsjin op, dat men, foardet de wrâld sjoen hat, +hwet men kin, de mûle al yn beide hânnen nimt, as tocht men, dat men +mei de bineaming ta lid fen dizze Mienskip nou ek foartdalik ta de +ûnstjerliken bihearde. Hjir bin _ik_ praktysk, frjeonen, en hjir +winskje ik de tastân to sjên, lyk as dy wezentlik is, sûnder eigen +ynbylding ef geastelike heechmoed ef fromme forwachtings to biachtsjen; +en hjir wol ik iepen útering jaen oan myn bitinken, sa ’t hiel Fryslân +it mei gauwens fornimt, det de Jong-Friezen, hja meije den yn it +ôfroune jier (1915) neat yn ’t ljocht jown hawwe, dat net fier boppe de +middelmiette fen ús skriftekennisse útriisde, dat hja dochs oan wirk +fen bliuwende weardij, dat foldocht oan de strangste kinst-easken, net +mear levere hawwe is ien kritysk fragmint fen in mennich blêdkanten en +trije goede fersen—as bigjin treflik, mar like goed: in bidroefd +bytsje. + +En nou is dat tige skoan to bigripen. Hwent 1915, myn frjeonen, wier +for de measten fen uzes in swier en fortretlik jier, hweryn ús +tinkbylden en ús bigjinsels woechsel, al mar woechsen sûnder det wy +sels yn steat wiernen se to foarmjen nei ús eigen foarkar en wil; en wy +witte it, mei hast alle geastelike forromming en ûntwikkeling giet it +lyk as it devys fen Waldeck-Pyrmont leau ’k, dat sa treflik ûnder +wirden bringt, arbor sub pondere crescit: de beam groeit tsjin it wicht +yn, mar de groei is sa swier en sa pynlik. Amper foun men in wierheit, +dy ’t men ljeaf kriget en dy ’t men yensels ûnthjit to fordigenjen, +hwet der ek tsjin yn ’t spier komme mei, ef men fynt yn ’e redenaesje, +dy ’t men brûkte, in lytse en maklik to forklearjen, mar ûntalitbere +flater, dy ’t yen twingt wer hwet oars as wier en streksum to +biskôgjen; en as men einlings en to’n lêsten in wierheit machtich +wirden is, dy ’t hjar net foroarje lit, en dy ’t fêst stiet, +ûnforwrigber, den komme de konsekwinsjes, dy ’t faken yensels +tsjinsteane, mar dy ’t men nou ienris to oanfeardigjen hat, om ’t men +oertsjûge is fen ’e wierheit fen yens grounslach, en om ’t men wit, dat +men stean moat for hwet men wol en mient. Sa gyng it hiele jier 1915 +for ús foarby, wylst somlike tsjinstânners, dy’t der bilang by hienen, +aloan yet ynhakken op ’e bigjinsels, dy ’t men sels al tiden lyn to +boppe kaem en dy ’t men yn it iepenbier weromnommen hie—mar +aldergeloks, it jier leit nou efter ús, en de measten fen uzes, hja +kamen ré mei hjar libbensbigjinsels en meije dy biskôgje as in suver +gehiel, opboud, wis mei folle lijen en lêst, mar dochs ek yn in mennich +treastlike en kleare skoften. En, myn frjeonen, nou ’t wy dos fêste +witnis krige hawwe oer de kwesjes yn Frysk, nou ’t wy seagen de +forleegjende en foartsterkjende ynfloeden, nou ’t wy de earste +ûnrêstigens oerwounen en bitrouwende wachtsje op hwet komt, lit ús nou +soarchsum en hoeden ûntwikkelje, hwet der yn ús wennet oan sêfts en +krêchtichs, oan ljeafde en frjeonskip en kinst; litte wy net to gau +foldien wêze, en ek yn ús sels aloan skifte en ûndersiikje en +bifoarderje, oant wy ús sterkernôch fiele om in oanbigjin to meitsjen +mei it wirk, hwerfor wy as Friezen to wrâld kamen: de brêggebou twisken +Skandinavië en Ingelân. + +lenris—yet sjoch ik de diken dêr ’t wy rounen en de mieden dêr ’t wy +doarmen—hie ik in frjeon mei in hearliken oanliz om yn sêfte en wûndere +kleuren wer to jaen, hwet syn bernlike eagen ljeaf hienen op dizze +wrâld, dy ’t him sa wiid wier en wûnder. Mar hy, dy ’t de dreamen +ljeave en de skoften, det er lizze koe mids de blommen fen ús waerme +mieden, syn eagen wiid siikjend nei de bylden yn it einleaze blau fen +’e loft, hy, dy ’t de nuverste forhâldings winske en dêr sok in ynlike +blidens om fiele koe, hy seach my glimkjend oan, as ik him noegjende +spriek fen it libben fen in kinstner, en andere „Och, hwet scoe ’t… Al +dat oefeningswirk, dat ré-meitsjen fen yens kinnen is sa forfeelsum, sa +swier… En ik wol myn dreamen hâlde for my allinne”. En do’t ik aloan +sok in biskie krige en neat opskeat, haw ik, dy’t in walch haw fen +wirkleazens, my fen him ôfjown, rêstich en fêst-bisletten, hwent ik koe +dat net langer oansjên, mar mei hwet weaks yn myn moed, hwent ik +fielde, det dêr hwet moais en hwet ynliks forlern gyng. Myn frjeonen, +dreamen is sa fyn en sa tear, mar ús, Friezen, dy ’t safolle yet hawwe +to dwaen foeget wis net de einleaze dream, dy ’t ús lân de dieden +ûntkeart; lit elts fen uzes dos, libjende yn de stiltme mei de ljeafde +for syn lân, rêstich jaen hwerta it moed him twingt, sûnder +ûnfordildich to wirden, as in inkelde kear syn wirk minder bliuwt as er +winske: ik leau, den klinke der oer dizze ús sa minlike mieden yet +folle suvere lieten en kleare en moedige wirden. + +Achte Mienskipsleden, fergje my net ôf dat ik yetteris myn bitinken siz +oer it nije Selskipswykblêd, dat men „Fryslân” doarst to neamen, as hie +men ús kostlik lân yet net genôch hún oandien; mar lit elts neigean, ho +’t syn hâlding wêze scil, tinkend yn syn forstân, hwet der ienris bart, +as wy ús krêftigernôch fiele om de striid oan to gean mei de brûzjende +en skiedende weagen, dy ’t ús net mear bihinderje kinne as wy willich +binne hjar to oerbôgjen mei ús glânzgjende brêgge fen ljocht. + +Myn frjeonen, men wiisde ús jamk op ’e lytsens fen it gebiet fen ús +tael, op it fyt, det forskate Friezen hjar sprake forlearen en oaren +hjar kearden ta weismiten, en men foarsei fen de wente fen Fryslân, dat +hja de langste tiid stien hie, en ringen ynsakke, forware en tomôge: it +kin allegear bêst sa wêze. Mar frjeonen, dit wit ik wis, en litte folle +fen myn lânsljue dizze wirden fornimme, fordet hja wer bitrouwen krije +yn hjar sels en hjar âlde lân, dat hjar moedige dieden sa tige fen +neden hat: dat de Krêft, Dy ’t ús folk laette troch de tsjusterens en +it lijen fen tweintich faken sa swiere ieuwen, en Dy ’t ús jimmer +oereinhold, ho ’t de weagen ek brûzen en de foltsen tsjin ús opstienen, +det dizze Macht ús inkeld leare woe to bihirdzjen, en det Er wis-wier +net de hân ôfnimme scil fen ús holle, ear ’t ús lân syn libbenstaek ta +’n útfier brocht. + +Frjeonen, myn tank. Ik bin útpraet. + +*** END OF THE PROJECT GUTENBERG EBOOK 77495 *** |
