diff options
Diffstat (limited to '75842-0.txt')
| -rw-r--r-- | 75842-0.txt | 3614 |
1 files changed, 3614 insertions, 0 deletions
diff --git a/75842-0.txt b/75842-0.txt new file mode 100644 index 0000000..49e05b1 --- /dev/null +++ b/75842-0.txt @@ -0,0 +1,3614 @@ + +*** START OF THE PROJECT GUTENBERG EBOOK 75842 *** + +De Jongfryske Biweging + +fen D. Kalma + + + + +For myn fryske en ingelske frjeonen. + + + + +Ynhâld + + I. Ynlieding + II. De persoanlike kinst + III. De ûntwikkeljende utering + IV. Us taelstriid + V. Stipers + VI. De Jongfryske Biweging en Geart Jans Fenema + + + + +I. + + +By it bigjin fen dit wirkje, dat troch earlik en frijmoedich utering to +jaen oan itjinge tsjinwirdich omgiet yn herte en forstân fen ’e +moedichsten ûnder ús jonge, opbloeijende fryske skriuwers, meiwirkje +wol om it safier to bringen, det ús letterkinde, dat is: de +wjerspegeling fen ús fielen en tinken, mei eare, sûnder meilydsum +glimke alteast, neamd wirdt neist dy fen oare, mei it den ek wêze +machtiger en talriker foltsen, binammen neist dy fen Hollân—dit ommers +stiet wol fêst, det ús sprake foar alles to soargjen hat hwet folmakke +uteringswize en kleurich wirdebrûkme oanbilanget net minderwirdich to +wêzen oan hjar gefaerlikste sister—bin ik wol tige binijd nei it +oardiel, det oer myn uterings fen ’e measte lêzers útspritsen wirde +scil, en de ynfloed dos, dy ’t dit wirkje hawwe kin op ús +skriftenkennisse en taelstriid. + +De soargeleazens for ús tael, dochs in geastelik goed fen it heechste +wicht, dy ’t men mismoedich sa faken merkbyt by ’t fryske folts, is +foarâl hjirtroch ûntstien det de fryske foarmannen, eang det hja +twongen wirde scoenen ta to jaen, det hjar wolmienende lieding sûnder +geastdrift en dertroch earm oan fortuten west hie, der nea net ta gear +komme koenen, hjar lânsljuwe earlik yn to ljochtsjen oer de wezentlike, +ridlik ûnbihaechlike tastân. Mar om ’t it ûndwâenlik is in syktme to +genêzen, sa lang men syn bistean ûntstriidt en dochs al dalik de +soargeleazens, hwerop ik niis-krektsa doelde, in blyk is fen in net +soune en geve stân fen-saken, scil yn dit wirkje it foarbyld fen +ûnoprjochtens net neifolge wirde, en wol ik ynliker klam, as men oant +nou ta wend wier, lizze op ’e gefaren dy ’t ús sprake bidriigje, om den +nei to gean, ho ’t men dy it bêst hjar slimme macht ûntnimme kin. + +Fensels sprekt it, det ik allinnich troch dit to dwaen, al faek yn +tsjinstriid komme moat mei de wichtichste uterings fen somlike fryske +foarmannen, dy ’t, ynsjênd det de tastân fen ús tael earnstich wier, +mar dochs fen bitinken, det it winskelik like dit to’n earsten mar hwet +stil to hâlden, om ’t oars it biswier, det hiel ús streevjen omdôch +wier, him ringen wer hearre litte scoe, frijichheit founen jimmerwer +fleurige teltsjes to dwaen oer ’e takomst fen ús tael. Net minder scil +ik der op wize moatte, det wylst somliken fen ús taelstriid-lieders, +binammen de konservative ljuwe fen it Haedbestjûr fen it greate +Selskip, it altiden bjuster drok hawwe mei to dwaen, eft hja tige +warber wiernen, yn ’e lêste jierren, wylst de tastân súntsjeswei al +earnstiger en gammeler wirdt, noch eat fen bilang ta stân kaem troch in +moedich oanpakken fen selskipswegen, noch der oars eat barde, dat hwet +brûksume krêft oan ús sprake tafoege. + +Hwennear in krêftich lân, ryk oan warbere biwenners, him mei sok in +forbjusterjende rêddens bigjint to ûntwikkeljen, det oare steaten, +mânsk fen groeikrêft mar mei lytser tal boargers, der minder nochlike +ynfloed fen bigjinne to ûnderfinen, om ’t it earste war docht de +grinzen fierder út to lizzen, sadet syn bûrlânnen ôftakje yn +bitsjutting, den kin der wis gjin twivel bistean, ef in +frjeonskipsforhâlding wirdt op ’en dûr twisken hjarren ûnmûlk. Wol ek +in krêftige tael winne oan gebiet en moat dertroch in sistersprake in +diel fen syn fjild ôfstean, wylst op it oerbliuwend diel de ynfloed fen +’e oare jimmer klearder en pynliker wirdt, wis hat men den rjocht, ho +stikum en geheimich sok in striid tagean mei, to sizzen det sokke talen +yn hjar ynlikst wêzen fijânnich jin eltsoar oer steane en scoe it al in +tige nuver stypjen fen ’e bidrige tael hjitte moatte, de miening yet to +fordigenjen, det fen in gefaer gjin praet wêze kin. Om ’t nou soks wis +it gefal is twisken Frysk en Hollânsk en men forwachtsje mei, det it +fryske folts, wirdt der mar ienris earnstich op wiisd, fiele scil det +it syn plicht is him to meitsjen ta fordigener fen ’e eigen tael, kin +inkeld dit de konsekwinsje wêze fen it fjochtsjen for ’e fryske saek, +det wy mei ús lânsljue bisiikje scille, ús tael al hjar rjochten werom +to jaen, om der brûkme fen to meitsjen yn safier dit oerienkomt mei it +deistich praktysk libben. + +Dit is it suver doel fen ús taelstriid. Hwet nou de fryske +skriftenkennisse oanbilanget, dy ’t as gefolch fen lange jierren fen +fortretlike forsloffing sa earmtlik waerd, dat eltse Fries mei fieling +for syn tael him deroer skamje moat, ek hjir liket it ridlik-ienfâldich +to kommen ta it wyt fen eltse letterkinde: in suvere kinst, dy ’t yn +steat is de eare fen ús tael heech to hâlden en de +geastelik-heechststeanden ûnder ús lânsljuwe bringt ta meifielen en +wirdearringe. Om ’t wy wol nea net brek hienen oan skriuwers mei wier +en suver talint, en foarâl noutiids net, lyk as men foartdalik bifine +scil, kinne wy ús lokkich priizgje om it bisit fen in goede +skriftenkennisse, sadré wy bislute ús dichters en proazeskriuwers de +meast folsleine uterings-frijdom ta to stean, dy ’t in skriuwer fen +neden hat om suver, lyk him dat sels it bêst haget en lyk as hy de +ljeaflikste harmonije fielt twisken syn tinzen en syn utering, syn +fieling to forklankjen. In skriftenkennisse dy twongen wirdt ta in +folgjen-út-âlderwenst, sadet hjar dichters inkeld den wirdearringe fine +scille, honear hja, eang fen ûnbikendens, derta bislute eigen utering +en faek sels eigen fieling to fordraeijen, scil in ivige en hounske +mislediging bliuwe for de greate kinst, hwerfen hja in diel útmakket. + +De bêste tsjinsten oan ús tael scil dos sûnder twivel hy biwiizgje, dy +’t de konsekwinsjes fen syn bigjinsels oandoar en dy ’t, fordigenjend +de rjochten fen syn eigen sprake en de ynfloed fen it Hollânsk +bistridend, sels net skrutel wirdt as er bifynt det ek de Hollanders +bisiikje mei earlike en ûnearlike middels de grinzen fen hjar +taelgebiet út to lizzen, mar ek hjarren moedich tomjitte giet. It +treflikst as letterkindige is yn ús tael like goed as rounom oars hwa +’t syn fieling, sûnder rekkenskip to hâlden mei ynfloeden fen ’e wrâld +om him hinne, sa suver uteret, det de harmonije twisken foarm en ynhâld +folslein wirdt. + +It krêftichst scoe nou de taelstriid tsjinne wirde, as de Friezen +bislute koenen neist inoar to fjochtsjen, net for it bihâld, mar +aldermeast for de rjochten fen hjar tael, sûnder persoanlike kwesjes +mear to biachtsjen en sûnder in ûnfortsjinne wearde ta to kennen oan +somlike forskeel-punten, dy ’t mei hwet ynskiklikens maklikernôch +oersljochte wirde koenen. Us skriftenkennisse scoe ringen hiel hwet +foarútgean yn geastelike bitsjutting, sa gau men der ta gear kaem de +dichter hielendal frij to jaen hwet de wize-fen-uterjen oanbilanget en +it getsjânsel fen bigryplikens en ienfâld, beide wirden dy ’t foarâl +brûkt wirde om de namme fen somlike folkskinstskriuwers tsjin oanfallen +to fordigenjen, as ûnsuvere bigripen bringend en bitizing stiftsjend +net mear taliet. + +Mar it ûntbrekken fen in krityk, dy ’t de wiere fortsjinsten fen ús +skriuwers en taelstriders oanjoech, en net dildzje woe det ûnfortsjinne +eare somlike minsken heger stelde as hja hearden to stean, brocht mei +det faken ljuwe, dy ’t net allinne de boppeneamde opfettings net +oannamen, mar der sels net nei dwaen woenen, en sa taelstriid en +skriftenkennisse hjar rykste krêft binamen, de hilde krigen, dy ’t +inkeld it suver talint takaem. En omdet der ûnder ús jinwirdige fryske +lieders somliken binne, dy’t ljeaver ús bigjinsels forknoeije en it +Hollânsk stypje, as ôfstân dogge fen eigen ûnfortsjinne hilde, dy ’t út +in lytse en leffe earsucht de saek fen it Frysk forriede, scil men net +earder ús taelstriid wer trochsette kinne mei úthâldende krêft, as der +ûnmeilydsum in ein makke is oan ’e ynfloed fen sokke ljuwe. Om ’t der +fierders forskate fryske skriuwers libje, dy ’t allinnich hjar namme to +tankjen hawwe oan hjar jimmerwer delknibbeljen for ’e ginst fen it +folts, en dy ’t tige bêst foar ’t forstân hawwe det hja as kinstner +neat bitsjutte, kinne wy inkeld den wer hope hawwe op swider bloei fen +ús skriftenkennisse, as sokke folksslaven de achtinge wer ûntnommen is +om dizze de wiere hearskers mei-it-wird wer ta to wijen. + +Net earder scille wy dos de striid-nei-bûten bigjinne kinne ear ’t der +oan ’e ynrjochting fen ús eigen gebiet net sa folle mear haperet, det +it ús hinderet yn ’e striid, en ear ’t wy sokken, dy ’t de ynfloed fen +it Hollânsk fordigenjend en stypjend, ús yn ’e rêch oanfalle koenen, +alle ynfloed binommen hawwe. It bliuwt in greate fortsjinste fen ’e +Jong-Friezen, det hja soks ynseagen en it tsjoede op eigen fjilden +krêftich bistride wolle, ear ’t hja, fjochtsjend for ’e rjochten fen ús +tael, bisiikje de ôfbrekkende ynfloed fen it Hollânsk tsjin to gean, al +binne hja wol alderminst fen doel út it each to forliezen, det ek for +it lêste de tiid kommen is. Yn dit wirkje scil dos wiidweidich oanjown +wirde ho ’t wy foar ús nommen hawwe to wirk to gean hwet taelstriid en +skriftenkennisse oangiet, soks mei de hope det elts, dy ’t it +neikommende lêst mei krektens en oandacht, him it suver ynsjoch, dat ús +gelyk jaen wol, net binimme litte scil troch de krêft fen ’e sleur en +it âlderwetsk brûkme, hwertsjin wy alderearst yn forset komme wolle. + +De jongfryske biweging wirdt troch dit boekje ynlet. + +Mar ik ken myn lânsljuwe foldwaende om to fielen, det it net genôch is, +as ik op de folgjende siden sa klear mûlk oanjow hwet dizze biweging ta +stân bringe, en op hokker wize hja hjar doel birikke wol, mar det ik it +like goed as myn plicht biskôgje moat to biwiiz’gjen, det de biweging +in deugdelik _rjocht fen bistean_ hat. De faek hwet al to praktyske, +bûtenwenstich-forsichtige libbensoertsjûging fen de Friezen bringt mei, +det al sjogge hja yn, det it doel fen de ien-as-oare foarstien, hwet +souns hat, hja der dochs net ta oergeane sok in streevjen to stypjen, +as it hjar net klear oan it forstân brocht wirdt, det der gjin kar mear +bistiet, en eltse oare wei laet nei in sompe ef ôfgroun. De measte +minsken ljeavje in blom, sadré dy, kommen ta ripe ûntwikkeling en +ljeaflike iepentearing fen syn pronk, it each fornoeget troch syn swide +rykdom fen kleur, mar in Fries is net tofreden ear ’t de blom yn hjar +lústertael him yn ’t ear reaunte hat det op it plak, nou troch hjar +ynnomd, dochs net in nôt-ier dije koe, en det hjar oanwêzen net inkeld +hearlik mar ek needsakelik is. Den earst bigjint der in twinkeljend +libben yn de blauwe eagen fen in Fries, en him rjochtsjend ta hwa ’t +him selskip hâlde, seit er rêstich: „Wis, de wûnders fen Natûr binne +moai.” + +De takomst birêst by de jonkheit. Ik siz dit sûnder waenwizens, hwent +men hoecht net tabidield to wêzen mei in forstân, dat yn skerpens en +skranderens siket om syn gelikens, om yn to sjên, det ho treflik (!) +der nou ek skreaun wirdt troch somlike skriuwers fen it âlderein, dochs +ienris der in egenblik komt, det hja hjar lêste tinzen utere hawwe, en +de fryske letterkinde den langjend ûtsjên scil nei opfolgers; det +fierders dat rounstoarjen omdôch wêze scil hwennear de jonge skriuwers +hjar _den_ yet foarmje en ûntwikkelje moatte, omdet foar dy tiid hjar +de gelegenheit hjar frij en oprjocht to uterjen binommen waerd; mar det +it wol it bêste wier det der dalik klear stie in rige frisse striders, +dy ’t hjar al ré makken for de lêstige taek, do ’t somliken fen de +âlderen yet oan ’t wird wiernen. Mei alle mûlke en foegjende +wirdearringe for de skriften fen dizze lêsten,[1] scil men dochs +forstânnichst dwaen de measte oandacht ta to wijen oan it bisiikjen en +streevjen fen de opbloeijende skriuwers, omdet dizze, howol mei hjar +foargongers foriene ta it tsjinwirdige, dochs yn hjar drage it ûnthjit +for kommende tiden, wylst it measte hwet fen it âlderein ta stân brocht +wirde kin mei it each op de takomst, is de wei ré to meitsjen hwerlâns +it folgjende slachte it maklikst syn wyt birikt. _Hjiroer_ binne wy it +dochs wol iens, det mei by machtiger foltsen, hwer de takomst fen de +tael allinne al feilich is troch it greate tal minsken, dat hjar +sprekt, it biwûnderjend bistudearjen fen âlder skriften wêze in tige +prizenswirde saek, by ús dy ’t hielendal gjin wissichheit hawwe oer de +meast bilangrike omstânnichheden for ús sprake, dy ’t folgjende tiden +ús bringe kinne, alderearst soarge wirde moat for in rêstige en fêste +takomst, hweryn de taelbloei him sa ûntwikkelje kin, lyk as wy soks it +ljeafst seagen. Lykwol miene men net, det ik skokskouderjend it soune +en ripe, det forline tiden ús letterkinde taskikten, sûnder in wird fen +wirdearringe forbygean woe, al bin ik ek hjir wer fen bitinken det for +ús fen de ynhelle rispinge it sie „det biwarre moat for ’t oare jier” +wis bilangriker is as hwet nou al fêst forkoft wirde kin. Ho scoe it +wêze, as wy nou al ús sie fen ’e hân dienen, om yn ’t oare jier +neat-dwaende del to sitten, ûntslein fen de soarch, dy ’t ús diel waerd +as wy ek _den_ rike rispinge rispje woene? Ho scoe it wêze, as wy al ús +oandacht wijden oan skriften, dy ’t tsjûgje fen forline tidene geast, +rêstich amjend en glimkjend omdet wy mei moedleas hângebeart de soarch +for ús tael, lyk as dy wirde moat yn letter tiden, fier fen ús ôf +skouden? + + [1] Myn streevjen wier jimmer to wirdearjen en sa min mûlk wei to + smiten; sjoch myn opstel-rige „Fryslâns Dichters,” dy ’t mei gauwens + forskynt yn Ljouwerter Krante en Forjit My Net (Fryslân). + +It moeit my det it needsakelik wier to sizzen hwet ik nou utere haw. +Jimmer lykje der yet minsken to libjen dy ’t neat ljeaver dogge as +tinkstiennen to ûntbleatsjen, wer op to dollen hwet sa lokkich yn de +modder bidobbe wier, blomlêzings to easkjen út it wirk fen skriuwers, +hwaens geast forâldere is en yngiet tsjin de ljeafste winsken fen hiel +ús fryske folts, en fen hwa wy bliid wêze mochten nou einlings ûntslein +to wêzen—minsken fen nearzige fieling en lytskimich ynsjoch, dy ’t de +ôfgod fen it Forline hoeden op in houten troane sette, om dêrfoar den +del to knibbeljen ef mei hjar kromme spronkjes in Indiaenske earedouns +to dounsjen, sjongend hjar iennichst liet: „Loaits, loaits: de greatste +der goaden!” Yn it East ljochtet de dage, hiel de bliid to wekker +skriljende ierde mei sêfte en ljeavjende strielen streakjend, mar de +ôfgoaden-tsjinners slute rimpen de formôge finsters fen hjar +neargeastich sliepkeammerke ticht, stekke triljend fen bewûndering for +hjar bûnt-bimielle ôfgod in kerske oan, om yn hjar himd fierder to +springen hjar ienteanige douns, mei skriemerige stimme fierder +njuentsjend hjar gammelgeastige sang. O Great-Machtige Bistjûrder fen +wolkens en wrâlden, nei hwa ’t wy siikje hiel ús libben lang en dy ’t +wy yn ús dreamen miene foun to hawwen, reagje dochs om it +kersljochtsje, det yn lôgjende gloede tobrânne hiel it sliepkeammerke, +de wrigge op syn troane en de minskelike flearmûs! Hwent wy ljeavje de +minsken en eangje fen bisten dy ’t it libbene ljocht net forneare +kinne. + +_Wije wy dos al ús soargjen en wirksum wêzen de takomst fen ús tale +ta!_ En hjirfen bin ik oertsjûge, det gjin inkelde Fries, yn hwa yet +libbet de ljeafde for syn grize groun, en dy ’t it ljeafst mei syn +frjeonen petearret yn de fortroude lûden fen syn swiere tael, hjir net +mei my sizze scil: „Sikersonk, sa seit ek myn bitinken.” Mar +neimimerjend scil it him talykje, det al is dúdlik it doel, yet +tsjuster binne de wegen, en wolkom scil him wêze de liedstjerre, dy ’t +de wisse wei wiist troch suchtsjende sompen, oant de groun fêst wirdt +en de stjerre weiwirdt for sinneljocht. + +It bêste scil, tinkt my, wêze det ik, yet foardet oanjown wirdt hwerfen +ús tael lok en seine to wachtsjen hat, mei klam wiis op de niis miende +tsjoede ynfloeden, dy ’t as men hjar tiid lit yet mear krêften to +sammeljen, de syktme fen ús sprake sa bifoarderje scille, det der mei +gauwens gjin krûd mear for waekst; miskien docht it bliken det efter de +wolken, dy ’t wy weireagje wolle, al in sinne wachte. + +Yn de lêste ieu hat der yn Fryslân in skerpe striid wêst twisken +_folkskinst en persoanlike kinst_, hweroer ik my foarstel strak in +ôfsûnderlik haedstik to skriuwen, sadet ik nou dos mei algemiene +meidielings folstean kin. Howol de dichters yn it persoanlik genre net +inkeld yn wiere en suvere oanliz, mar meastal sels ek yn wittenskiplike +foarming fier stienen boppe hwa ’t, om jildmakkerij jamk, de saneamde +folkskinst bioefenen, is it oan de lêsten, dy ’t, omdet se wûndere +skoan ynseagen, hwermei hjar lânsljuwe heech rounen en hwerfor hja net +waerm fielden, alle mûlke lytse middeltsjes, oan mear heechsteande +minsken ûnbikend, faken op biwûnderenwirdlepe wizânsje wisten to +brûken, dochs lokt ienris in oerwinning to biheljen. It foarnaemste +gefolch hjirfen wier, det de minder ûntwikkele Friezen, dy ’t hjar op +’en dûr fêst wol yn ’e hichte lêzen hiene,—for in diel omdet hja ringen +for ’t forstân krigen, det de „kinst”, nei foaren brocht op +winterjounen troch sprekkers, dy ’t yn hjar findel skriuwend wirden as +humor en koartswyl, bliken joegen net ienris to witten, hwet men +dêrûnder heart to forstean, hiel hwet makliker wier as it treflike wirk +fen H. Sytstra en syn Idunaskriften, for in diel ek omdet hja fen +bitinken wierne, det de winterjoune-flauwichhedens dochs meiwirkje +koene om de fryske tael mear ta folkseigendom to meitsjen.—bikeard +waerden ta trouwe folgelingen fen de saneamde folkskinst. Yn de lêste +jierren fen de XIXde ieu en yn ’t bigjin fen de XXste riisden as +poddestoellen op wearzige mieden tropkes jonge fryske skriuwers +omhegens, dy ’t greatbrocht yn de allinne-sillich-meitsjende leare fen +folkskinstbiwûndering, wer nije oanwinst waerden for de minsken, dy ’t +it lokt wier oerwinners to bliuwen yn dizze striid. It fryske folk, sa +njonkenlytsen deryn bihirde, lies, al wier it sims mei inerlike +tsjinsin, dy ’t nea ta iepenbiering kaem, omdet hja soks holden for eat +goddeleas, geregeld en trou al de wûndere kinst, nei oanlieding fen +„doomnij’s, sûpers, sleauwe fammen en feinten, dy ’t safolle ieten” +útbret yn de oerstjûre gammele tinzen-tizeboel fen ús +folkskinstskriuwers; sa hawwe wy ús sels lange, lange tiden bilachelik +makke yn ’t each fen hiel de forstânnige en suver-fielende wrâld, wy: +in âld skriuwerslaech úttinkend bryk-núvere setten en frjemde +hoanne-op-’e-matte-eftige flauwiteiten, in jong skriuwersslach, nei +bigearlik-toarstich ynsûgen fen dizze fordoarne wetter-en-môlke-kost +wer opjaende rymkes oer „Pronk” en „Djûr flesk”, en einlings in great +diel fen in dochs tinkend folk, him blyn stoarjend yn biwûndering for +minsken, dy ’t ûnder de kinstners wiernen hwet de mol is ûnder it +djier. + +Hwet scil der barre, hwennear der net in ynfloed komme wol, +krêftigernôch om dit formôge klintsje omfier to keilen? Dit: _jonge +minsken_, yn hwa wach wirdt langstme nei ljeafde en frjeonskipsbigeart, +yn hwa ’t ûnder ynfloed fen eigen kreftich fielen, opbloeit de drang yn +klank to úterjen, hwet wikseljend libbet yn it rêd-klopjend herte, +_scille_, ho ’t hja yet ljeavje de stoere, krêftige groun fen it +heitelân en miskien mei tsjinsin, _hjar losmeitsje fen ús tael_. + +Hwent om hjar hinne hearre hja leech en yn alle smoarge goarichheden +omwrottend gerimel, sadet hja, foarljochting fen golle frjeonen en +ûntwikkele riedsljue missend, sûnder det men it hjar kwea nimme kin, +wol twongen wirde to mienen det waenwize minsken, dy ’t mei in +troanjemint as hie men to knibbeljen for hjar wizens en ynsjoch, +jimmerwer sizze doare, det yn de lêste tiden ús tael, ús libbene +folkstael, slim forearme is, gelyk hawwe en det men dos mar it +forstânnichst dwaen scil, yen to úterjen yn it Hollânsk, hweryn de +wier-ûntwikkele Friezen like goed thús binne as yn hjar eigen sprake. +Bûtendat lûkt de tael, spritsen oan de oare kant fen de Súdersé, dochs +altyd al, omdet hja prieljend wize mei op in flûnkerjende letterkindige +skiednis, ûnwitend riker as dy fen it Frysk, en scille dêr al licht +mear ljuwe wêze, yn steat de dichter-skriuwer yn syn heechste en +hillichste oandwanings, en dos ek yn syn swiidste wirdstyl, to folgjen +en to biwûnderjen. Myn fryske lêzers witte, sûnder det ik soks yet +ôfsûnderlik hoech to biwiiz’gjen, ho ’t al forskate jonge skriuwers fen +fryske komôf, foar de kar steld, lyk hja miene, twisken it forknoeijen +fen it meast forheven-minskelike dat yn hjar libbet (lykwol mei it +biwarjen fen de eigen tael) en de hearlikste fordjipping fen in +fieling, dat is: de utering, dy ’t it meast yn harmonije is mei dy +oandwaning, to brûken, (mar den yn in sprake, dy ’t hjar yn heechste +ynstânsje, frjemd is,) bisletten hawwe it lêste to kiezen, lyk as men +meast sjocht, hwet hillich is for de persoan sels (it individu) wer +heech settend boppe de plichten tsjinoer it heitelân. My sels kostet it +siker-sonk al moeite genôch om somliken fen myn jonge +frjeonen-meiwirkers, minsken fen wier talint, fen hwa ’t it Frysk alles +te wachtsjen hat, mar dy ’t mismoedich wirde fen ûnfordildigens, omdet +der for hjar útering sels gjin goed plak to finen is, lit stean den +wirdearringe, to biwarjen for ús fryske saek, al is it ek myn fêst +bislút dêrfor fen al myn krêften brûkme to meitsjen. Hwent ik ealgje +hwet it lot fen myn tael wêze scil, as de jonge, moedige, ûntwikkele +striders hjar ôfskiede fen ús jonge biweging en oergeane nei it +forliedelik-wiuwende Hollânsk... Sangeret it húnjend wird _boere_-frysk +yet net jimmer yn ús earen nei? + +Mar der is yet mear; en nou skriuw ik net yn ’t bilang fen somlike +jonge skriuwers allinne, noch for it wier-ûntwikkele en suver-fielende +diel fen de fryske lêzers, noch for de wyljende fryske letterkinde en +sels net út namme fen inkeld ús tael, mar ik uterje my yn ’t bilang fen +hiel it fryske folts en de takomst fen ús lân: _ûnmûlk_ is it det ús +sprake neamd wirde kin yn de rige fen de biskaefde tealen, _gjin kâns_ +bistiet der det sels in Fries by de ynlike ljeafde for de djip swiere +klanken ek de biwûnderjende achting krije scil for syn deiske wirden, +dy ’t de Hollander hat for it Hollânsk, for it Ingelsk de Ingelskman, +sa lang ús tael net biwiiz’ge hat, det ek hja bisit de wirden en +sizwizen, dy ’t nedich binne as utering fen geastelike streamingen. Men +bigrypt hopelik, hwer ’t ik hinne stjûre wol: it Frysk mei yn gjin +gefal it bolwirk wirde fen tinzen út it skiere forline, dy ’t rounom +oars al forblikke binne for it kliuwend ljocht, mar de ûntwikkeling en +de wiere geastelike biskaving heart syn merkteiken to stimpeljen op ús +tael, scil dizze ek yn de takomst syn groei- en bloeikrêft biwarje. +Ljuwe, hwaens macht allinne leit yn negative dieden, dy ’t de timpel +ôfbrekke mar yn gjin ivichheit fen dagen wer opbouwe kinne, stinne en +kleije der yn iepen brieven en oare steapelplakken fen deadwaners en +leech-by-de grounske banaliteiten oer, det as de Friezen hjar +opfettings uterje wolle oer staetssaken en ierpelnegoasje (dit lêste +triviale neamt men tsjinwirdich yn frysk-letterkindige kringen humor en +men seit fen sokke minsken, det hja geastich skriuwe!) hja foartdalik +oan ’t ploaitsjen gean yn hollânske taelfjilden, hwerút hja net mar ien +ier stelle, mar hiele boskjes mei ûnkrûd-en-al skûrre,—sûnder to +bitinken det dit kwea sels wer in middel, om it to forhelpen, oan ’e +hân docht, nammentlik: _ek yn de fryske tael to skriuwen oer it +bilangrike, det om ús hinne bart, en ús miening to sizzen oer de +greate, hearskjende forskynsels yn kultuer en geastelik libben_. Dos +die it my tige nij, det yn it karnûmer fen Frisia, ho bêst it technysk +ek forsoarge wier en hokke treflike dingen de sikerwier lêzenswirde +ynhâld ek ûnthiet, neat to bikennen wier, dat like op in ienfaldige, +mar fris-skreaune kronyk, dy ’t—der stean ik, dy ’t myn fryske lânsljue +hoopje te kennen, for yn—mei oandacht en blide wirdearringe lêzen wirde +scoe. + +Dit binne de twa greate bigjinsels, dy ’t mei krêftige moed fordigene +wirde moatte ont hja yngong foun hawwe rounom hwer ’t it nedich is: de +twa opfettings dy ’t yn striid binne mei de toarre en droege geast fen +hiel de foarige ieu yn ús letterkinde; de twa foroarings wol, dy ’t by +útfier strange striid to weech bringe scille, mar foarâl: sa binne de +beide herfoarmings, dy ’t, inkeld en allinnich hja beide, ús tael +biwarje kinne for de ûnweardige en pynlik-stadige dea fen alles, dat +yngean wol tsjin de machtige tiidsgeast, dy ’t ljeafde is en forheging. + + +Mismoedich-swijend sieten wy mei syn fiven yn de keamer, hwer ’t it al +skimeriger en grizer waerd, neimimerjend oer hwet ien fen uzes sa niis +sein hie, elts mei fortretike fieling en wrevelich moed, omdet wy, +jonge, krêftige minsken mei soune ûntwikkeling, dy ’t wisten det wy +ûnder ginstige omstânnichheden yn steat wêze scoenen flink wirk to +jaen, mei eltsoar gjin kâns founen de takomst sa ljocht en ljeaflik te +meitsen, as wy dy jerne seagen. + +Op de tafel laei de „Klankboarne”; ien fen úzes hie lang spritsen oer +dy dichtsamling en hie de biwûndering for dat wirk by de fjouwer oaren +ringen fordrifke. Wy wisten, det al syn wirden binlik west hienen en +oprjocht, det wy nea it wirk wer mei ljeafde lêze koene; hwent lyts +wierne de forklanke tinzen en de tael falsk oppronke. Dochs fielden wy +de earlike bisprekking as in slach for de fryske letterkinde, hwent nei +de achting for de minske Hof wier fordwoun de biwûndering for de +dichter Jan fen ’e Gaestmar... En dat die ús dochs efkes sear; wy +wiernen wer earmer wirden. + +Do’t de lêste wirden fen de bioardieling weiklonken wierne, sieten wy +in skoftke yn tinzen, sûnder folle to sizzen. Ien sei der, as om de +stiltme to brekken, tsjin him dy ’t spritsen hie: + +—Dou wist dyn miening oertsjûgjend to biwiiz’gjen... + +Mar andert kaem der net; wy tochten allegear, det soks wol spitich +wier... + +Einlings klonk it stadich-mimerjend: + +—It is net folle: trije dichters yn trije-hûndert jier. + +—Fjouwer, weage ik skrútel. Dr. Schepers... + +Mar de oar skodde forheftich fen né: + +—Dr. Schepers hie in hearliken ynfloed hawwe kinnen op ús taelkindich +libben, as er him skikt hie op it stik fen stavering. Nou is hy +forlern, och né, wis net, ik mien net as dichter, mar hy hat gjin +ynfloed útoefenje kinnen. Ja, as hy noch ris in „bondeltsje” nije +fersen yn ’t locht joech, mar suverder en den yn ’e +selskips-stavering... + +Ik wist mar al to goed, det hy gelyk hie en swei dos. + +—En hwet ef wy dwaen scille? frege wer in oar. Miskien, det der ûnder +ús fiven wol ien is, dy ’t hwet bliuwends leverje koe, mar wy hawwe net +ienris plak om ús to uterjen en hwet kin men den bigjinne? It forfeelt +my sa swietsjeswei, dat wachtsjen. + +—„Een nieuwe lente en een nieuw geluid,” sei der ien sjongend. Ik +bigriep him foartdalik net, mar oan it antlit fen de oaren seach ik, +hwet der miend waerd: men tocht wer oan it Hollânsk. + +—It scoe in gemiene streek wêze, as jim’ Friezen Hollânsk bigounen to +skriuwen, en de âlde tael ta weismiten kearden, sei ik wrimpen.—Men +biheart der net iens oer to praten; bilangstelling for ús saek yn +Hollân siikje haw ik frede mei, mar fierder to gean en it Frysk yn ’e +steek to litten, allinne om gauwer plak for jim’ wirk to krijen, is +forrie oan ’t âlde lân. + +—Miskien detst yet to jong bist, om it to fielen lyk as ik, sei hy fen +hwa ’t ik it measte forwachte.—Mar in dichtersiele is net as in +wetterlieding, det men mar in kraen hoecht iepen to setten om der in +fers út streame to litten; en in fers moat koart nei ’t it skreaun +waerd, printe wirde, hwent as men it letter tsjinkomt is it in dea en +frjemd ding, hweroer men yen sels ergeret. En sa is it mei alles. En +bûtendat: hwerom scoenen wy yn ’t earst net nei it Hollânsk oergean? +Komt der letter in goed frysk blêd, hweroan wy meidwaen kinne sûnder ús +sels to forleegjen, sa as tsjinwirdich moat, den kinne wy noch altyd +mei it Frysk bigjinne. Us krêften scille den yet tanomd wêze, en... + +—Hwerom forwachtsje wy ek alles fen in oar? frege ik, om’t ik eange +mear sok moais to hearren, dêr ’t ek somliken fen de oaren hiel wol oan +liken to wollen.—Litte wy sels de hânnen oan ’e ploege slaen: litte wy +it haedbistjûr to kennen jaen, det ús in nij wykblêd de bêste jefte oan +ús tael taliket. + +—It haedbistjûr! spytgnyske in oar; hy like mei de bistjûrder fen +Sljucht en Rjucht yn briefwiksel stien to hawwen.—Dat bistiet út +hearen, dy ’t hwet prate kinne, hwet ite kinne, hwet skriuwe kinne +sels; goede, bêste minsken dy ’t wol graech ris hwet rûzje mei eltsoar +hawwe, tige bilangryk dwaen kinne mei hjar fâldij oer it Frysk, mar +sûnder ... ja, ho scil ’k it sizze ... sûnder wier-ynlike fieling for +it doel, det hja sizze foar to stean. It is in tige aerdich pronkstik, +mar it is dea. + +—Né! sei ik forheftich, dat is net wier! Al sitte der +aeklik-ljochtskouwe minsken yn, it meartal wol graech sa folle dwaen +for ús saek, as it mar kin, mar it mei bikend stean, det de finânsjes +fen it selskip der tinkelik wol ris better foarstien hawwe. Mar der +bistiet gjin twivel, ef hja scille ljeaver in jongfryske biweging sa as +wy ús foarstelle, stypje en sadwaende in stikmannich ûnthjittende jonge +skriuwers biwarje for de tael, as in pear sinten mear yn kas to hâlden. +Ik scil hjar alles meidiele, en... + +—Sjoch, sei der ien dy ’t nei bûten kipe,—de dize lûkt wer op. + +Ik foun do en letter gjin wirden, waerm en hertlik genôch om myn ynlike +tank oan him sa to sizzen, det de utering lyk stie mei myn fieling. +Hwent hy hie de moed der wer ynhâlden. + + +Krêftich scille nou wêze moatte myn wirden, en myn taljochting suver. +Hwent it meartal fen it Haedbistjûr, dat sûnder mis foarútstreevjend is +en wichtige foroarings ynfiere wol, knibbelet faken eang en forbjustere +del for in pear bihâldende gearkomste-roppers en scil út dy nuvere +tastân net maklik oereinrize, howol hja bitinke moasten det it for +hjarren ivige skande bliuwe scoe, as it Selskip hjar leare moast hjar +plichten en hjar for hjar sleauwens straffe. + +Ik mien der nou op wiisd to hawwen, det in jong-fryske biweging rjocht +fen bistean hat (ommers it is net mear as forstânnich en plicht, derfor +to soargjen det der jonge skriuwers foarme wirde, yn steat letter de +geastlike lieders fen it fryske folts op weardige wize to wêzen; omdet +dizze jonge skriuwers oanstjûre wolle op bilangrike foroarings, kin it +net oars ef hjar mei- en neist eltsoar wirkjen nimt it karakter fen in +biweging oan), ik hoopje dúdlik oantsjut to hawwen, hwer dizze biweging +frjeonlik mar mei klam om forsiikje moast (in nij selskipswykblêd +Fryslân, hweryn plak komme koe èn for persoanlike kinst èn for +biskôgings oer bilangrike forskynsels op geastelik-wittenskiplik en +praktysk-steatkindich gebiet), en ik leau teffens oanwiisd to hawwen, +det in oar orgaen sels in libbensbitingst wier for ús biweging. + +Oer de twa greate herfoarmings-punten, mar foarâl ek oer de saek, +hwerom it ús ûndwaenlik wier langer meidoggers to wêzen fen Sljucht en +Rjucht—dit lêste scil ik, howol it my moeit, like goed op persoanlike +as op sakelike wize bisprekke moatte—folgje hjirefter wiidweidiger +biskôgings. Nou moat ik yet somlike dingen meidiele oer ús biweging, +omdet ik foar ’t forstân haw det der minsken binne, dy ’t fen alles +hwet yn myn wirkje minder dúdlik en klear wêze mocht, tankber brûkme +meitsje scille om my forskate dingen yn de skoen to skouwen, dy ’t +hielendal net yn myn bidoeling lizze en dos net fornommen hearre to +wirden. + +—Tajown, koe men freegje, det der ûnderskate oarsaken wierne, dy ’t +jim’ twongen hâld oan eltsoar to siikjen, m. o. w. det dizze biweging +rjocht op bistean hat, den mei foarwis dochs wol dizze frage dien +wirde, eft it wol forstânnich wier dit jier derfor út to kiezen? Fen +strymjende fleagen oanfallen, kreakje de pylders, kreaket it bynt fen +it âld wirden en waer-oantaest Jeropeeske hûs; de lânnen hymje fen +ynspanning, droech bliuwe de eagen fen foltsen, dy ’t sels it skriemen +forlearden; en nou yn Fryslân, sok in miniatuer-lântsje, bidrige yet +wol fen talrike tsjoede, mar machtige ynfloeden, in nije biweging fen +jonge minsken, dy ’t moarn de dei oproppen wirde kinne om to striden en +to stjerren for it lân, hwerta hja nou ienris bihearre? Under sokke +omstânnichheden sok in biweging? + +En myn andert is: sikersonk, just _nou_ de biweging. + +Hwent eltse dei det Fryslân wer mear biwend rekket yn de sleur fen it +forline, sûnder det der minsken opsteane, dy ’t wytgjend wize nei +herfoarming, is forlern net allinne, mar mei oanskreaun wirde as in +ramp. En yn de jonge Friezen brûzet en skommet it sa by it oanskôgjen +fen al dy yllinde, det der in uteringswize foun wirde moat: en ho +hellet eltse dei it gefaer net oan det hja yn pleats fen de smelle +fryske wei yn to slaen, bigeane de wide wei fen it Hollânsk, hwerfen +men spitigernôch net sizze kin, det er laet nei it fordjer! + +En yet is der eat, sa ienfâldich en sa dúdlik, det ik it sels neamen +heard haw fen minsken, hwa ’t dochs net in djip-geand ynsjoch oer +frysk-letterkindige saken taskreaun wirde kin: yn dizze dagen, det +troch de mobilisaesje de jonge Friezen for in great diel oer it +keningryk Nederlân forsiedde wirde, geane hjar eagen iepen for +bilangrike forskynsels yn ’e wide wrâld, hwerfen hja eartiids it +bistean nea net ealge hienen, en foarâl: fiele hja klearder as ea it +moaije en lûkende fen de fryske groun mei syn romme mieden en +wiksel-rike wolkenloften, en—de banaliteit bliuwt jimmer sa +brûksum—wirdt de bân dêrmei yet binender en sterker. + +—Mar, as dizze biweging goed gefolch hawwe scil en krêftige ynfloed op +ús skriftenkennisse, lyk as nei ’t it bliken docht, dochs eigentlik +hjar ljeafste doel is, den mei men foarsiker de oandacht der wolris op +fêstigje, det hjar lieders en leden ek wis hwet men neamt, _krêften_ +wêze moatte? + +En myn andert is, det dizze krêften der binne, det hja hjar wis, +earnstich en deugdelik ûntwikkelje scille en det men fen hjarren op syn +minst ridlik goed wirk, boppe de middelmiette fen ús fryske letterkinde +steande, forwachtsje mei. Net lykwol kin men fen my fergje, det ik hjir +in himelheech-priizgjende útwreiding bigjinne scil; it iennichste hwet +ik as myn goed rjocht freegje, is det men myn opstellen yn de +Ljouwerter Krante soarchfâldich neigean wol, en fierders moat ik, +sûnder dizze kear eat to biwiizgjen, yn neifolging fen oaren +fortrouwend forklearje: „Wachtsje ús dieden ôf!” + +In inkelde sei my: „It mei jo bikend wêze det Friezen eltsoar om de +nuverste lytsgeastichheden yn ’t hier fleane. Yn ’t miene sein, scil +miskien in biweging wol mear ta stân bringe kinne as ien inkeld +persoan... Mar dochs, scoe jou jonge biweging, al sizze jy det jy just +mei ’t each dêrop fen in boun ef foriening neat witte wolle, net to +neate gean kinne troch ynwindich mieningsskeel? Det scoe jo mar de +moed, binimme.” + +Woloan, frjeonen, hjirop is myn andert dit: + +Det der in krêft is, dy ’t ús by eltsoar hâlde scil, sels al mochten de +meast ûnderskate geastelike streamingen ûnder ús oanhing fine, dy ’t +meitsje scil det wy by op ’t each ûnwitend-wide mieningsforskillen +dochs in fen noegjende roazen sierde middenleane fine. Det de krêft +bistiet, hwerfen men nei lange tiden fen ynwindige rûzje forwachte hie +det hja fordwoun wier út ús lege lân, dat lijde troch brek oan ljocht. +Det dizze krêft yn steat blike scil de skriklikste tsjinslaggen to +oerwinnen, det hy machtiger is as de ljeafde ta it heitlân sels, det hy +machtichst is ûnder alle ynfloeden, goede en tsjoede, omdet op him rêst +de seine der goaden. + +Us stipet de bitrouwende fryske frjeonskip. + +Hwent wy, meistriders troch it lot, scille frjeonen wêze as troch eigen +kar, lokkich priizgjend de rieslach fen ’e Nornen-sisters, dy ’t ús ta +frjeonskip twong. + + + + +II. + + +Neidet ik yn myn earste haedstik, dat inkeld as ynlieding neamd en +biskôge wirde wol, biwiizge haw, det like goed de omstânnichheden op +steatkindich-stoffelik as op letterkindich-geastelik gebiet in nije +oplibbing rjochtfirdigje, al jow ik foartdalik ta, det in biweging, dy +’t sokke bilangrike herfoarmings fordigenet, striid to weech bringe +moat mei de mol-bline bihâldende partij, is my nou meiien de wei +oanwiisd, dy ’t ik yn de neikommende haedstikken yn to slaen hawwe +scil: ho fortretlik my it wird ek yn de earen klinkt, ik scil nou it +program útwirkje moatte, dat wy ús tinke, it teffens taljochtsjend, +hwer it bliken docht det soks nedich is, troch teikenjende +bisûnderheden. De folkskinst-saek glimket my minlik ta, en om ’t ik +njonkenlytsen foar ’t forstân bigjin to krijen det it foarâl dizze +kwesje is, dy ’t in hopen kwea stiftet yn ús tael,—miskien wol mei, +omdet út eangstme for de geast fen ’e heech-forneamde Omkes, eigentlik +yet nimmen him sa dúdlik en iepen utere hat, det wy krigen in +forhâlding fen bigjinsel neist, ef earder tsjin bigjinsel, ynpleats fen +in ûnwis, op falske forearing en biwûndering rêstend gesach boppe in +stúnjend, ûndúdlik, protteljend forset,—mien ik hjirmei bigjinne to +moatten. + +Ik liz der klam op, det yn it neikommende de sizwizen „folkskinst” en +„persoanlike kinst” troch my yn in hwet oare bitsjutting brûkt wirde +scille, as troch de bank deroan jown wirdt, en det men dizze ûnderskate +bigripen ljeaver net troch eltsoar helje moat. Ta dizze lytse wiziging +yn de biteikenis wird ik wol twongen, omdet ik oars jimmerwer yn pleats +fen dizze maklik-koarte sizwizen forklearrings to jaen hie fen in pear +rigels lang. + +Under _folkskinst_ forstean ik den yn dit forbân: de kinst, lyk as +dizze fen skriuwers levere wirdt, dy ’t yn ’t earste plak by hjar sels +freegje, hokker ynfloed hjar wirk op it hiele folk hawwe moat, en nei +dizze frage biandere to hawwen, mei opset sin hjar skriften sa skriuwe, +det nei minskelike birekkening de ynfloed op de folkslêzers tichte komt +by de útwirking, dy ’t men winsket. De folkskinstner nimt dos +opsettelik de skriuwtrant oan, dy tsjinstich is om syn wirk sa bikend +mûlk to meitsjen, hy mei dit den dwaen út lytsgeastige earsucht ef om +’t er oertsjûge is, det er in wiere en suvere saek tsjinnet, hwerfor +folle oanhing nedich liket. Under folkskinst forstean ik hjir dos net +de kinst dy ’t opklinkt út it hert fen it folk sels. + +En oard mien ik, as ik de sizwize _persoanlike kinst_ brûk, de kinst dy +’t ûntstiet út ynlik-waerme, wier-twingende fieling, hwerby de kinstner +allinne syn oandacht wijt oan de oandwaning, de utering dêrfen en hwet +neffens syn ynsjên de suverste harmonije wêze scil twisken dizze beide, +sûnder det op ’t egenblik fen skriuwen ef sjongen tocht wirdt oan +ynfloed op bûtensteanders. De persoanlike kinstner giet dos út fen de +opfetting det syn kinst yn ’t earste plak fen bilang wêze wol for de +kinde fen it minskelik wêzen, en is fen bitinken, det sûnder de +uteringswize to forleegjen en to forknoeijen, syn kinst dochs birikke +scil de ljuwe, dy ’t er birikke wol, to sizzen: de minsken, dy ’t mei +him yn ûntwikkeling en oanliz lyk steane ef dêrnei streevje. In +persoanlik kinstner kin dos like folle, ja mear ynfloed útoefenje op in +hiel folts as de folkskinstner, as hy fielt en tinkt lyk as de geast +fen it hiele folts dat docht. + +Dizze twa opfettings binne fensels fjouwerkant mei eltsoar yn striid; +men kin dy beide hearskers net tagelyk tsjinje. Ear ’t de jong-fryske +biweging hjar yn dit wirkje for ien fen beiden oppenearret, wolle wy +efkes neigean ho ’t dizze striid yn de fryske letterkinde roun is, al +scil sok in biskôging miskien hwet oan ’e bûtenkant bliuwe moatte, +omdet it bistek fen dit boekje in wiidweidige en djippe bihânneling net +talit; hjir kin dat punt allinne by de meast forneamden fen ús +skriuwers ûndersocht wirde. + +Ik rekkenje nou de skiednis fen ús letterkinde to bigjinnen yn de tiid +det Gysbert Japiks de moed fynt, yn in tael, dy ’t men oan syn dagen ta +biskôge hie as in wylde sprake, hweryn gjin taelkindige rigels en +wetten to bikennen wierne en dy ’t algemien neamd waerd as in +boerich-rûch dialekt, de forklanking fen syn ynlikst fielen en syn +suverst tinken to bisiikjen. Ommers de wetten, lânsrjochten, kroniken, +testaminten ensf. dy ’t yet ta it Ald-Frysk bihearre, hawwe foarsiker +rike wirdij for de ûntwikkelingsrin for ús tael, mar sels de dreechste +learde yn dizze skriften scil hopelik wol tajaen, det, mei de naïve, +bernlike foarm eat hawwe, dat ús oanlûkt, dochs fen letterkindige +wearde yn dit sakenwirk mar in bytsje to bikennen is. En dit kin like +min tsjinspritsen wirde, det de Rymlerije fen Gysbert Japiks, ho folle +moeite letter ek fryske folksmannen dien hawwe hjar lêzers wiis to +meitsjen det dizze suverste fen ús dichters, hwaens wirk fortsjinnet +neist dat fen Hooft neamd to wirden, eigentlik mar in tige gewoan +folksrimeler wier—okkerdeis krige ik yet in boekje fen W. Dykstra yn +hânnen, dat miskien in lytse blomlêzing forbylde moast en der ’t dizze +it yn bistien hie, stikken út de Rymlerije ôfprintsje to litten neist +minderwirdich wirk fen saneamde dichters, dy ’t nou lokkich frijwol +forgetten binne—wol wis in samling is fen fersen, for in diel ûntstien +omdet se sa opklonken yn it moed fen de dichter, en for in diel skreaun +út ljeafde for de tael. Der kin gjin twivel bistean ef Gysbert Japiks +scoe, as ien him forsocht hie bigrypliker to skriuwen, om fen mear +deistige lêzers fette wirde to kinnen, dit field hawwe as in swiere +mislediging for syn kinst; honear hy somlike minsken haegje woe mei syn +wirk—ik tink oan in man as S. A. Gabbema—den wiernen it jimmer ljuwe, +dy ’t mei him lyk stienen yn ûntwikkeling en djipte fen fielen, ef fen +hwa ’t de dichter alteast miende, det soks it gefal wier. Syn dichten +binne inkeld „út ljeafde for de tael ûndernommen” en nearne docht it +bliken, det de skriuwer sels in oansjênlik tal lêzers forwachtet; yn +dat gefal hie syn skriuwtrant hiel oars wêze moatten, hast hie ik sein: +hie Gysbert Japiks gjin dichter wêze kinnen. Hwet Starter oanbilanget, +miskien det men fen dizze mei rjocht sizze kin, det er by it skriuwen +fen syn wirk in dúdlik byld fen syn fryske lêzers foar eagen hawn hat, +en det men him dos biskildigje mei fen de folkskinst bioefene to +hawwen, al bliuwt it fensels ek mûlk—howol it myn miening net is—, det +Starter in lytse, machtleaze geast wier, dy ’t net better koe. Mar sels +as men oannimt, det it him ynmoed wier de folkskinst to forrykjen, den +scil men my dochs net ûntstride kinne, det dit in bigjin liket, dat wis +net folle goeds for de heech priizge folkskinst ûnthjit: Starter neist +Gysbert Japiks. + +Oardel ieu folget, dy ’t wy rêstich ûnbispritsen litte kinne: de psalm +biriming fen Althuysen kin net biskôge wirde, om ’t in oersetting, +hwerby maklik eltse persoanlike opfetting op ’e eftergroun rekket, for +ús doel gjin wearde hat en de oare skriften út dizze tsjustere tiden +binne net bilangrikernôch om se hjir ien foar ien nei to gean. + +De greate striid twisken persoanlike- en folkskinst bigjint mei foarse +krêft earst yn de XIXde ieu, in striid dy ’t foarâl ek hjirom ús +oandacht fortsjinnet, det ûnderskate foarmannen hjar net dúdlik +rekkenskip jowe fen de saek, dy ’t se fordigenje, sims hjar sels +tsjinsprekke, mei de mûle oare opfettings forkindigje as hwerfen hjar +dieden bliken dogge, om den wer hâldfêst to siikjen oan de miening, dy +’t hja oars al lang as forâldere ôfsward hiene. _Hjirtroch_ is de +tizeboel ûntstien, dy ’t men tsjinwirdich gewoanlik de skiednis fen de +fryske letterkinde yn de lêste hûndert jier neamt, det de machtige, +alles oerhearskjende frage: persoanlike kinst ef folkskinst? nea net yn +al syn krêft en suver dúdlik sjoen waerd, de lêzers net wisten hwet hja +oan de skriuwers hienen, somlike skriuwers der net efter komme koenen +hwet hja fen hjar broerren tinke moasten en om mei it nuverste to +bisluten, fierwei de measte skriuwers gjin klearrichheit krigen oer +hjar sels.[2] + + [2] Men scil wiis dwaen mei foar eagen to hâlden, det as der yn it + folgjende in rju ginstige ynfloed taskreaun wirdt oan in dichter ef + proazaist, dit inkeld jildt yn forgeliking mei it algemien peil fen ús + skriftenkennisse, sûnder det ik dermei sizze wol, det er wearde hie + for de wiere, boppe folts en tael steande, kinst. + +Dalik komme wy al to stean foar in frjemd en lêstich gefal, as wy +sjogge ho ’t de broerren Halbertsma, fen hwa wy om hjarren gjin skande +oan te dwaen, net oannimme meije det se hjar ynlikste fieling +útspritsen hawwe yn de skriften, letter samle yn de „Rimen en Teltsjes” +en dy ’t wol neamd wirde moatte as de lieders fen de folkskinst, faken, +miskien omdet dizze kinst hjar op ’en dûr net foldwaen koe, hjar witte +los to meitsjen fen it ivich en ûntreastelik tinken oan: ho ’t de +lêzers tsjinoer hjar skriften stean scille, om efkes in pear +persoanlike ferskes to skriuwen en den, as wiernen hja forheard en eang +oer dizze skriklike forhevenheit, hjar wer deltommelje to litten yn de +walchelike folkskinst-sompe. En binije kin it yen den net, det hjar +persoanlike kinst meastentiids sa breklik en ûnfolslein is, det de +namme _dichter_ hjar ûnmûlk jown wirde mei, as men alteast earlik +bliuwe wol, wylst hjar folkskinst, dy ’t men oars net bioardielje kin +as nei de útwirking op de lêzers, om net to praten fen goedens en +bêstens—hwent folkskinst easket oare wirdearringe—dochs ridlik sterk +liket to wêzen. Mar, hwet for ús it bilangrykst is: hwet is it doel fen +hjar bisiikjen, hwet stelle hja hjar foar to birikken mei hjar +folkskinst? „Gewoan-minskelike earsucht wier it, dy ’t hjar ta skriuwen +twong, en omdet hja eangen det hjar talinten for it Hollânsk to swak +wierne, namen hja it Frysk for kar, dat yet gjin greate letterkinde +hie, dy ’t de forstânnelike draechkrêft fen it folts net to boppe gyng, +sadet hja dêr aerdich fêst op biwûndering rekkenje koenen,” hear ik +tsjinwirdich faek sizzen; it is slim to wjerlizzen, mar dochs mien ik +groun to hawwen in oare opfetting as earliker en binliker to +fordigenjen: de Halberstma’s meije faek nearzige breklik skreaun hawwe, +it hat hjar oprjochte bidoeling west de yndodde ljeafde for hjar tael +by de Friezen wer wekker to meitsjen. + +Mei der by de Halbertsma’s by riten twivel bistean, hokker wei hja +ynslaen woenen ta lok fen de fryske taelbloei, en greate forwûndering +hielendal to bigripen wêze, as in lêzer fen ús dagen nei min efte mear +misselik wirden to wêzen fen somlike flauwiteiten-steapelingen yn de +útdijde Lapekoer hommels komt to stean for in fers, hweryn dúdlik wirdt +det der bisocht is ynlike fieling to uterjen, hwet wol mislearje moast +omdet de oanbiddene folkskinst dochs in hwet forleegjende ynfloed liket +to hawwen, fêst en rêstich stiet der tsjinoer de persoan fen Harmen +Sytstra, op ien nei de greatste dichter yn hiel ús letterkinde en yn +safier wy neigean kinne ek it heechst steand as man fen krêftich +karakter, dichter fen ienfâldich-suvere fieling, dy ’t de earenamme +„strider” wiswier fortsjinnet, en wol for alle kommende tiden yn +Fryslân in noegjend foarbyld bliuwe scil. By him is twivel ûnmûlk: is +twivel net in oertsjûgjend biwiis fen swakkens? Syn ljeafde for de +tael, hwerfen hy de krêft en dos de bisibbens mei him sels trochfielt, +is sa great, det hy, dy ’t ek hjiryn de earste is, ta it ynsjoch komt, +det men allinne den yn útlânske kringen de binlike achting for ús +sprake krije scil, hwennear dizze biwiiz’ge hat lûden en wirden to +bisitten om de suverste fieling to forklankjen; dêrom is it, det hy der +net oan tinke kin folkskinst, dat is: greate-bernekinst to jaen en +sjongt hy hiel syn libben út, sûnder de humor, lyk as men it troch de +bank neamt, fen de Halbertsma’s, mar sims yn sokke forheven, earnstige +klanken, det wy, dy ’t mienden wiis to wêzen en wolwittend, fiele ús +lytsens en ûnwit. Oan de ljuwe fen ús tiden, dy ’t hjar net skamje yn +’t iepenbier to sizzen det hja for ús fryske kinst Dokterom mear fen +bilang achtsje as dizze forgetten dichter, doch ik it útstel yn it +Ingelsk ris oer to setten somlike Regine-sangen en de Lapekoer; om ’t +de dichterlike en bliuwende wearde fen in wirk nea net better oan ’t +ljocht komt as by oersettings, scoenen wy sûnder mis den fen sokken út +it lân oer ’e sé, dy ’t yn steat wiernen hjarren in suver oardiel to +foarmjen, in miening to hearren krije, dy ’t net bjuster ginstich wier +for de Halbertsma’s. En H. Sytstra is in tige persoanlik dichter. + +Yn de rige fen de foarnaemste skriuwers heart de namme fen Tsjibbe +Gearts net forswein to wirden, de frjeon fen ús allegearre, dy ’t gâns +trefliker as de Halbertsma’s wist fen hokker aerd de humor is, dy ’t +sikerwier djip leit yn de fryske folkssiele. Hy, de dichterlike +proazeskriuwer en de proazayske dichter, dy’t fen it hiele libben in +tige eigen opfetting biwarret en al hwet bart en foroaret yn ’e wrâld +op bisûndere, op ’t each koartswilige, mar suvere wize sjocht en wit to +teikenjen, tinkt der al like min as syn frjeon Sytstra oer, de maklike, +sloppe folkskinst to bioefenjen;[3] docht it bliken, det syn skriften +de Friezen better oansteane, den is det allinne hjirút to forklearjen +det hy, dy ’t yn ûntwikkelens jimmer fier de mindere fen syn skerpe +frjeon bleau, troch dit brek forhindere weard sa heech boppe de +forstânskrêften fen it folts to rizen, as dizze yn steat wier to dwaen. +Oer alles, hwet him de moeite wirdich tinkt, seit hy iepen lyk in bern, +syn oprjochte miening, dy ’t faek yn ’t earst ús hwet bryk en nuver +taliket, mar dy ’t by earlike biskôging dochs hiel hwet wizer blykt to +wêzen as wy yn ’t bigjin wol leauwe woene; alles, hweroan hy niget hat, +forhellet hy op sa’n bliere, ljochte wize, det wy, swier-tillende +minsken fen de soargjende, oerweagjende en biskôgjende tweintichste +ieu, ús lichter en rommer to moed fiele, as wy wylst de hjerstrein +tikket tsjin skriemende finsters, wer bisletten hawwe syn samling „Ald +en Nij” ris nei to slaen, in wirk fen hiel hwet kinstiger en biskaefder +ynhâld as de faek rouwe „Rimen en Teltsjes”. En Tsjibbe Gearts is in +persoanlik-dichterlik skriuwer. + + [3] Inkelde aerdige en krekte dingen, dêr ’t men wol jerne mear fen + witte woe, seit dizze skriuwer yn syn „In healûre yn ’e Skimerjoun”: + sj. Ald en Nij, dl. I, s. 82. + +Neist him mei as oarspronkelik en puntich forheller-biskôger neamd +wirde de hear C. Wielsma, de iennichste humoristyske, ef hjir earder +koartswilige skriuwer, dy ’t ús oerbleaun is fen it alear sa greate +tal. It sterker ef swakker didaktysk karakter, dat it eigenaerdige, +sims sels it foarnaemste is yn syn measte stikken, scoe him al bilette +de folkskinst to bioefenjen, omdet dizze net folle romte jowt oan +persoanlike opfettings, ef hja moatte mei opset sin al sa forknoeid en +forwrongen wêze, det hja wierlik ynslagge omdet hja mei soarchfâldige +birekkening spritsen binne nei it herte fen it folts. Mar mei sok in +minderwirdige skriuwersrêdsumens is lokkich de hear Wielsma—yn safier +ik in eigen oardiel foarmje mei oer syn wirk, hwerfen it my moeit sizze +to moatten, det ik it net allegear lêzen haw, om ’t it my oant nou ta +ûnmûlk wier syn forsprate bydragen yn de Ljouwerter Krante machtich to +wirden—nea net to wirk gien; as man fen wier-heechsteand karakter hat +hy hwet „om him hinne” barde, dúdlik útteikene, faken efkes goedmienend +útlake en sims mei glimkjend antlit pript yn syn puntige wirden. De +foarm fen syn wirk mocht ienfâldich-bifettelik wêze, hwet maklik to +forklearjen is út syn eigen aerd, dat rjocht op it doel ôfgiet sûnder +in oermiettige opheapping fen wirden, dy ’t allinne it kleare minder +dúdlik meitsje,—foarâl de ynhâld, de geast fen syn stikken tsjûget +krêftigernôch fen in tige persoanlike libbensopfetting, om fêst to +stellen, det Wielsma persoanlike kinst joech. + +En det persoanlike kinst, al hâldt se hjar nea op mei fyn-biskôgjend en +oerweagjend nei to gean eft hjar utering wol sterkernôch is _ef_ om de +lêzers oan ’t laitsjen _ef_ oan ’t trieneagjen to krijen, dochs greate +ynfloed hawwe kin op it geastelik fielen en de letterkindige +ûntwikkeling fen hiel in kinst-earm folk—fornoegjend forskynsel dit, +omdet men der aerdich wis út ôfliede mei, det yn lektuer de kliber like +goed opkliuwe kin nei de hichte fen de skriuwer, as de dichter him +forleegje ta de fieling fen it folk—dit wirdt wer oertsjûgjend +biwiiz’ge troch de treflike útwirking, dy ’t de Rispinge fen Piter +Jelles hie op de fryske lêzers. En grif jowt it moed oan de ljuwe, dy +’t de saek fen de persoanlike kinst fordigenje, det men fen dit wirk +nearne sizzen heard hat, det de ynhâld to dreech wier en de tinzen, yn +krêftige, sims foarse en sims stil-dreamende fersen forklanke, nea net +to heech gyngen for de fettingskrêft fen de lêzers; wis, it „Frysk +bloed, tsjoch op!” klinkt yette yn ear-forskûrrende meldijen oer ús +lege lânsdouwen, en folle oare sjongsume en stroffelige lieten steane +yet heech yn de achting fen ús lânsljuwe, mar men mei bitwivelje eft +der ûnder hiel dizze klanken-chaos ien sang is, dy ’t mei mear wijïng +en stille nocht songen wirdt as „Oan ’e kant fen ’e mar”, it fers dat +tagelyk—hege útsûndering ûnder de fryske poëzije fen de lêste tritich +jier—de meast strang-krityske bioardieling lokkich trochstean kin. For +it hiele fryske jongfolk, de ûnthjittende feinten binammen scil sûnder +twivel de Rispinge, just omdet dizze samling yn alles it krekte, +soarchfâldich-útwirke byld is fen in heech-minskelik fielingslibben, +bliuwe it hearlikste „confiteor”, de suverste forklanking fen in +krêftige libbensoertsjûging en de striid, nedich om dizze hichte to +birikken. By Piter Jelles merkbite wy fierders de treastlike +bisûnderheit, det, mei de folkskinst syn forleegjende ynfloed twingend +útoefenje hwennear in skriuwer, dy ’t hjar hildiget as it heechste, +bisiket for de aerdichheit ek ris in rymke to skriuwen, dat +wjerspegelet de oandwaning fen eigen moed, de persoanlike kinst, sels +hwennear de dichter fielt det it nedich wêze koe syn utering for in +egenblik yn safier gewelt oan to dwaen, det dizze de lêzer ienfâldiger +en bigrypliker yn de earen klinke scil, dochs yet oan dizze twongen +utering in haegjend en suver lûd wit mei to dielen. Ik wiis hjir op it +greate forskeel, dat yen opfalt as de skriuwer fen „Mostert nei de +Mieltiid” hommels bisiket him dichterlik to uterjen yn „de Blide +Bernkes” en as de dichter fen „de Striid om it Heechste” in fers +skriuwt as „de Priisfraech”, dat howol bidoeld as folksrym dochs bleaun +is in haechlik dicht. Wer reauntsje ik myn refrein: en Piter Jelles +bioefen’t de persoanlike dichtkinst. + +In skriuwer dy ’t neamd wirde moat, net omdet hy de brede lagen fen it +folk wist to birikken, mar mear om de wier-dichterlike wearde fen syn +wirk, hweryn de stimmichste ienfâld syn doel liket to wêzen, is sûnder +twivel Dr. Schepers; ho ’t men der elts egenblik ek klam oplizze mei +det yn syn fersen greate technyske en taelkindige brekken foarkomme—ik +wol oannimme, det dizze ûnginstige miening net ûnder ynfloed fen +oerginst foarme is—dochs bliuwt it fêst, det syn dichten for de +letterkindige skiednis fen ús tael fen ’t measte bilang binne. Hwent hy +is it, dy ’t as men oardielje mei nei it foarwird yn syn „Gedichten” it +earst merkbyt, det in striid twisken folkskinst en persoanlike kinst +geande is, en mei it each dêrop de jonge skriuwers oanret, yn hjar wirk +hjar inerlikst fielen op suver-ienfâldige wize to uterjen; den, sa +liket it him ta, en ik moat my tige forsinne, ef syn miening is: _den +allinne_, scille wy in letterkinde krije, hwerop men greatsk wêze mei. +Hwerom ik persoanlik greate biwûndering haw for syn fersen en fen +bitinken bin, det dizze frij hwet mear wirdearringe fortsjinje, as men +hjar gewoanlik mei in heech-foarnaem glimke wol takenne wol, foreasket +in brede forklearring, hwerby ik oer forskate dingen útwreidzje moat, +en hwerfor yn dit wirkje dos gjin romte is. Ljuwe, dy ’t hjiryn bilang +stelle, fêstigje ik de oandacht op myn stúdzje „Dr. Schepers” yn de +opstelle-rige „Fryslâns dichters” dy ’t mei gauwens wol yn’e Ljouwerter +forskine scil; nou kin ik allinne as myn miening útsprekke, det +minsken, dy ’t genôch stúdzje makke hawwe fen de fryske skriften om in +binlik en rjochtfirdich oardiel oer dizze saek to uterjen, it +njonkenlytsen hjiroer dochs wol iens wirden binne, det dr. Schepers, ho +freeslik syn taelkindige sounen den ek wêze meije, as dichter wol wis +achte heart to wirden; wol mei de wrâld forwûndere wêze, det sels de +hear Hof—ik mien hjirmei fensels hielendal net to sizzen, det dizze +rjocht hat op de namme kritikus, yn de biteikenis fen bioardieler mei +de easken, dy ’t ik hjir boppe útspriek—it forbûke Fryslân meidield +hat, it hjirmei iens to wêzen! En nou ’t ik dos, út namme fen Fryslâns +bêste skriuwers, Dr. Schepers hjir wolfortsjinne hilde as dichter +bringe mei, scil nimmen it my ûntstride kinne, det ek hy ús persoanlike +dichtkinst joech. + +Dizze koarte bisprekking fen somliken fen ús foarnaemste en meast to +wirdearjen skriuwers wol hielendal net oansjoen wirde for de meidieling +fen in folslein en wiidweidich ûndersiik, al jow ik ta det sok +soarchfâldich neigean tige bifoarderlik wêze scoe for de klearrichheit +oer ús letterkinde; as men lykwol de útkomsten, hjir boppe oantsjut, +neigiet, den kin it hast net oars ef men moat wol tige forwûndere wêze +to sjên, det de bêste fryske skriuwers hjar, op de Halberstma’s nei—fen +hwaens wirken de treflikens yn de lêste tiden wer danich yn kiif steld +wirdt, al forjit men dêrby neffens myn miening al to folle, det men +foarâl dizze skriuwers to bioardieljen hat yn ’t ljocht fen hjar +tiid—gjin fen allen bikeard hawwe ta it bigjinsel, det men yen yn sok +in trant uterje moat, det it greatste diel fen it fryske folts yn steat +is ek to fetsjen, hwet hja lêze. To nuverder liket den it forskynsel, +det de folkskinst, ho ’n bytsje den ek bioefene en ho skoudere fen de +trefliksten, sûnder det dizzen it meast yn wirden uteren, dochs it +biwiiz’gjend mei de die, to sizzen it skriuwen en dichtsjen fen +persoanlik kinst-wirk, op ’en dûr dochs net bilies hoechde to jaen, mar +it sels sa fier wist to bringen det hja net sûnder rjocht der op romje +koe, in folsleine oerwinning bihelle to hawwen. Ho dit to forklearjen? +Ik scil bisiikje de lêzer nou wer wei to lieden út de riedseleftige en +geheimige doalhôf, hweryn ik him moedwillich brocht haw, om to +meitsjen, det er, nou ’t er it ljocht in skoft net mear yn syn stoere +krêft field hat en dos der wer nei bigjint to langjen, de strielen en +hjar seine better wirdearje scil; mar mocht der immen in útgong sjên, +dy ’t hy oannimmeliker wit to meitsjen, wis, dy scil fen my net +oantaest wirde. + +Om to bigjinnen mei men den in ridlik krêftige ynfloed oannimme fen de +toanielisten, skriuwers, dy ’t der wol op oanwiisd wiernen alteast hjar +stoffe sa to bihânneljen det it fierwei it greatste diel fen ús folk +net slim wêze scoe, hjar yn hjar utering to folgjen, hwermei ik lykwol +hielendal net sein haw, det dizze minsken hjar tinzen forlege hawwe en +de eigen fieling binommen oan hjar stikken, inkeld om dizze genietliker +to meitsjen for it greate folts. Mar howol it for de harkers sadwaende +minder maklik waerd yn selsfoarme miening, goede kinst fen +minderwirdige to ûnderskieden troch it forskeel yn uteringskrêft nei to +gean, dochs giet it net oan hjarren de skild fen de ûnsillige +folkskinst-oerwinning hielendal yn de skoen to skouwen. + +It mei bikend wêze det yn eltse striid, op geastelik like goed as op +stoffelik gebiet, de measte skea oan in partij faken tabrocht wirdt, +net troch de fijân, mar fen minsken fen hwa ’t men forwachte hie, det +se neist yen stean scoene, dy ’t dit miskien ek wol miene to dwaen, mar +bliken jaende yens saek op sleauwe ef forkearde wizânsje to +fordigenjen, de fijân wolkomme gelegenheit jowe syn ljeafste +foarnimmens út to fieren. Sa gyng it ús persoanlike dichtkinst yn ’t +bigjin fen de XXste ieu do ’t hja, mienend in krêftich meistrider yn to +heljen, fen hwaens wirk men folle fortuten forwachte, yn it tal fen +hjar fordigeners taliet in man, dy ’t op sok in nuvere wize mei syn +sjittersark omgyng, det forskate fen de wolmienende minsken, dy ’t him +sa minlik oanglimke hiene, swier woune waerden, sûnder mear út to finen +hwa ’t de pylk op hjar ôfsketten hie. It wirk fen de oer it hynsder, +ja, ta de stjerren tilde rimeler Jan fen ’e Gaestmar hat—binammen +Klankboarne en Drankjes—ús fryske tael-biweging sok in pynlike skea +dien, det wy hoopje det hy hjir op ierde yet lang tahâlde mei, fordet +er, foar nei de ivige ôfgroun fen it forjit forstaet to wirden, yet +gelegenheit krije scil goed to meitsjen, hwet er sa grouwelich fordoarn +hat. Ik neam hjir mei de measte klam Jan fen ’e Gaestmar in rimeler, en +men wit det ik dizze kwaliflkaesje nea net mei de namme dichter forsin; +mocht immen, dy ’t dit kritysk oardiel lêst, achtsje det it nedich is +hwet ik yn ’t iepenbier sein haw, teffens yn ’t iepenbier to +biwiiz’gjen, ik noegje him minlik út my dit bitinken meidiele to +wollen, en ik scil hem net in moanne op biwiis wachtsje litte[4] for +myn sizzen, det yn hiel de Klankboarne, miskien ien inkeld fers +útsûndere, gjin dichten to bikennen binne hweryn in suver-fielende +siele sjongt; mar wol rymstikken dy ’t deselde yndruk meitsje as in +neargeastich geramt, dêr ’t men om derfor to soargjen, det in +maklik-oandien minske gjin to felle skrik krijt, in tweintich-ieusk +kostuem om hongen hat. It brûken fen in hopen forâldere wirden, dy ’t +op ús gjin oare yndruk mear meitsje, as det se ús kinstich socht, net +oprjocht en deadsk talykje, brocht, lyk as to forklearjen is, in great +diel fen tinkend Fryslân yn opstân en hie ta gefolch, det forskate +minsken, dy ’t gjin klear ynsjoch yn de saek hiene, tochten det +persoanlike kinst út hjar sels ûnbigryplik wêze moast en for de fryske +sprake dos mear lok to wachtsjen wier fen folkskinst, wylst ljuwe dy ’t +yn steat wierne to bigripen, ho’n bytsje wiere fieling to finen wier yn +dizze opheappings fen rou-klinkende rombom, hjar wer bikearden ta hjar +âlde opfetting, det it Frysk minderwirdige boustoffe wier for poëzije +en allinne brûkt wirde koe for koartswyl en humor fen fortocht soarte. +Sa jerne scoe ik mei oaren leauwe wolle, det Jan fen ’e Gaestmar +noutiids sels ek ynseach, hok in jeugdsoune syn Klankboarne is, mar my +tinkt det út somlike plakken fen syn lêste skriften ôflaet wirde mei ho +’t er sels yet fen bitinken bliuwt, det dizze samling him forgoed plak +jowt ûnder de greatste fryske dichters. Mei de hear Wumkes winskje wy +him net mear op it stikelfjild fen de taelwittenskip oan ’t skarreljen +to sjên (men forhellet, det er it tsjinwirdich oerjown hat, him der in +paed op to meitsjen, mar ’t om ’t it syn hillichste ljeafde liket to +wêzen, hwerfen er, ho húnsk ek bihânnele, dochs gjin ôfskie nimme kin, +der kronkeljende hoalen yn graeft), dôch like min is it ús in swiid +geniet, him to finen op de glêdde iisflier der poëzije, hwer ’t er +sokke nuvere sprongen en evolúsjes makket, det wy, wend ús +minskeljeafde lang to biwarjen, tûzen noeden útstean det er yet ris in +skonk brekke scil. Us ljeafste winsk is, út syn mûle yette de +forklearring to hearren, det er fen nijs oan bigjinne scoe en nou +ienfâldige lietkes skriuwe, hweryn neat foarkomt, dat liket op in +opsettelike miette-foroaring, om in stjerrende kening prate to litten +yn hexameters-mei-foarslach, rigels dy ’t in soun minske sels hast net +útbringe kin; wy fen ús kant wolle den ûnthjitte, ús oardiel yn ’t +earst net op ûnnedich strange wize to uterjen. + + [4] Sûnt ik dit skreau, waerd de saek yet hiel hwet ienfâldiger, om ’t + ik nou forwize kin nei myn artikels oer it wirk fen Jan fen ’e + Gaestmar, dy ’t yn ’e Sneinsblêdden fen ’e Ljouwter Krante fen 27 + Maert, 24 April, 5 Juny en 3 July dit jier (1915) plak foun hawwe. + +En dochs: sels troch de skriuwerij fen de kinst-earme Gaestmarder Hear +is de forwûnderjende oerwinning fen de folkskinst net to forklearjen; +dêrfor moat ik de namme neame, dy’t eltsenien al lang forwachte hie yn +myn koarte biskôging oer de foarnaemste fryske skriuwers: Waling +Dykstra. It gefal fen dizze forneamde forheller en taelkindige is wol +sa bûtenwenstich, det it de moeite leannet der efkes langer by to +toevjen. + +Men mei oannimme det de jonge Dykstra, do ’t er him yet net ûntwikkele +hie op de net ûnfortsjinstlike wize, dy ’t wy letter yn him earje +moatte, yn it bigjin fen syn skriuwen, do ’t er sûnder twivel tige +ûnder ynfloed stie fen de Lapekoer, net yn steat wier eat oars to +leverjen as kinst, dy troch it greate folk, hwerfen er do sels yet diel +útmakke, sûnder ynspanning to fetsjen en to folgjen wier. Lykwol stiet +it fêst, det er yn letter dagen, do ’t er him dochs wol hwet kinde +forgearre hawwe scil oer treflike skriften, ek fen oare folken, do ’t +fierders syn uterjen tanimme moast yn krêft en biteikenis, en hy de +djippe fieling yn de dichten fen H. Sytstra wirdearjen learde, faken +bisocht hawwe moat, wirk to skriuwen fen mear geastlike biteikenis, +fersen dy tsûgen fen suverder fielen. Syn earste stikjes wiernen, hwet +boppe fen my neamd is persoanlike kinst; dos moast men wol forwachtsje, +det do ’t de persoan him ûntwikkele en syn tinken tanaem yn djipte, dit +ek to merkbiten wêze scoe oan syn wirk, sadet dit, it mocht den +fierders maklik for it folk to fetsjen wêze ef net, bliuwe scoe de +wjerspegeling fen syn eigen fielen, sûnder det er fierders in dúdlike +foarstelling hie fen de yndruk, dy ’t it op de ûnderskate lêzers +meitsje moast. Dochs is dit net bard; yn letter tiden hat Dykstra him +jimmerwer forklearre for de folkskinst, jimmer herhelle det men sa +skriuwe moast, det de measte lêzers net to bek skrilje koene for +lêstige uteringswizen, en sels it foarbyld jown. Wol komt de minske +Dykstra dúdliker út as hy teltsjes skriuwt dy tsjinstich wêze moatte om +de reformearde opfettings bilachelik to meitsjen, mar dochs, hok in +wiid forskeel mei de didaktikus Wielsma! Wylst de lêste syn snedige +setten al op ’t pompier hat ear ’t er him der sels rekkenskip fen jowt, +sels earst glimket om syn wirden, sûnder to wachtsjen op it laitsjen +fen oaren, waerd der—it docht bliken oan alles—fen Dykstra earst frege: +scil it sa ynslaen, de yndruk meibringe, dy ’t ik meitse wol? In +treflik biwiis hjirfor fynt men, as men de opgong fen de skriften fen +Dykstra ris forgeliket by de bidêste, mar dêrom net minder +oprjocht-miende hilde oan de Grouster master tawijd for syn bizige +wirkjes; en dochs is dit net to forklearjen mei to sizzen, det dit sa +kaem, om ’t Dykstra folle mear skreau—hwent neidet hy safolle skreaun +hie as master Wielsma oant nou ta, wier syn ynfloed by de Friezen al +gâns greater—noch jowt men der in goede útliz oan, as men úthâldt, det +it talint fen Dykstra greater wier—ommers troch net ien kin soks sein +wirde, dy ’t stúdzje makke fen beide ljuwe’ wirken—en likemin mei as +wier oannomd wirde, det it _sin_ fen Dykstra frysker bleaun wier as det +fen Wielsma, noch det de ûntwikkeling fen Dykstra minder wier as dy fen +Wielsma, sadet de skriften fen de lêsten as fensels minder maklik to +folgjen wiernen; de iennichste forklearing kin wêze, det de Holwerter +him sels twong to skriuwen lyk as it folk det it ljeafst hearde, wylst +de Grouster skreau om glimkje to kinnen en sels ta klearder ynsjoch to +kommen. + +En wer freegje ik, lyk as by de Halbertsma’s, hwet dochs wol de reden +for Dykstra wier om de folkskinst to bioefenjen, en faeks seit nou wol +nimmen: om persoanlike earsucht, hwent dizze skriuwer bleau altyd in +wier stânfries, fij fen alle persoans oanbidding (tinkt der +tsjinwirdich den nimmen oan, det in tinkstien, lyk as men fen doel is +for him op to rjochtsjen, hielendal yngiet tsjin de geast fen dizze +skriuwer, ef hat men for syn inerlikst wêzen alle earbied forlern?); +mar ien andert is hjir mûlk: hy skreau wiswier lyk it folk it ljeafst +seach, om folle frjeonen to biwarjen for de tael; syn doel wier lyk as +ik langlêsten earne dúdlik en ienfâldich wier lies: it Frysk to +meitsjen ta folkseigendom. Troch _syn_ ynfloed bihelle de folkskinst +sok in forbjusterjende, howol net bliuwende, oerwinning. + +Gearfetsjende bifine wy, det alle skriuwers dy ’t yn ús letterkinde fen +great bilang binne, hjar forklearre hawwe for de persoanlike kinst, +wier it net altyd yn dúdlike wirden, dy ’t gjin twivel oerlieten, den +dochs mei de die, útnommen allinne de Halbertsma’s en Waling Dykstra, +dy ’t de folkskinst bioefenen út ljeafde for de tael, hwerfor men wol +in wird fen wirdearring oer hawwe mei, as men bitinkt ho ’t derfor faek +nedich is de hillichste en ljeafste eigen fieling oan kant to skouwen. +Yn de hiele njoggentjinde ieu hawwe wy neist elkoar hawn dizze beide +bigjinsels, hwerfen men ek nou en letter ûnmûlk ien fen beiden +foartbanne kin, sûnder de tael sels greate skea to dwaen. _Hwent troch +de folkskinst wei to reagjen scil de tael gjin folkseigendom bliuwe +kinne, en hja scil net mei eare neist hjar sisters neamd wirde kinne, +as men it persoanlik uterjen tsjingiet._ + +Hjirút folget + +1o. det it ûnbinlik is de gefolgen fen de greate folkskinstoerwinning +to bistindigjen; + +2o. det de persoanlike kinst wer heart to kommen yn ’t bisit fen al +hjar rjochten; + +3o. det lykwol de folkskinst net hielendal forwaerloazge wirde mei. + +Men mei wol betinke, det de tastân by it Frysk hiel oars is as by de +haedtalen, hwer men for ’t bihâld fen de sprake gjin soargen hoecht to +hawwen, op syn heechst tasjoen wirde moat, det de suverens fen tael net +to lijen had ûnder frjemde ynfloed en dos de folkskinst hielendal net +nedich is. En ek wy scoene hjar net fen neden hawwe, as ús tael net sok +in swiere striid om hjar bistean út to fjochtsen hie mei it Hollânsk, +sadet wy reden hawwe to bislúten, det wylst de persoanlike kinst nea en +nearne ûntbrekke mei, as in sprake der op stiet for folslein oansjoen +to wirden, de folkskinst ûnder ginstige omstânnichheden tige skoan mist +wirde kin en det men de earste neame mei ivich-bliuwend, de twadde +lykwol mar tidelik, det dos + +4o. de folkskinst minderwirdich is oan de persoanlike kinst. + +Biskôgje wy dizze fjouwer wierheden, lyk as ik dy hopelik foldwaende +biwiiz’ge haw, yn it ljocht fen ús frysk-letterkindige skiednis, dy ’t +hjir boppe yn tige algemiene wirden bispritsen waerd, den bifine wy +det, howol de trije earsten hielendal oerien komme mei de geast, dy ’t +yn dizze skiednis hearsket, de fjirde, ho nuver it ek liket, frijwol +nij is, sa det men oannimme mei, det hjirtroch hiel oare tastânnen +berne wirde. Dit is den ek wezentlik it gefal. + +Ta bislút fen dit haedstik wol ik yet oer myn twa earste stellingen, dy +’t hjirop delkomme det de folkskinst oan ynfloed biheart to forliezen +en as gefolch dêrfen de persoanlike yn krêften to winnen, in pear +opmerkings meitsje, dy ’t al kin ik der net oer útwreidzje, dochs net +oerslein wirde meije. + +Men scil ynsjên det de forhâlding twisken dizze twa bigjinsels net +wirdt lyk hja heart to wêzen, as men út skrutelens der tsjin oan sjocht +om dizze saek biret oan to fetsjen, alles oan de takomst oerlittend yn +moedleaze miening, det it dochs fensels wol torjochte komme scil. Hwet +easke wirdt fen elts, dy ’t ljeafde fielt for ús tael en net sjên wol, +det wy skielk, as wy bigjinne to bisiikjen yn Hollân bilangstelling for +en binlik oardiel oer ús saek to krijen, en lyk as wy fen doel binne, +in birop dogge op de Ingelske taelkindigen, faeks op it hiele ingelske +folts, om net ûnforskillich oan to sjên, det in sistersprake forlern +giet, hweryn in stamme petearret, dy yet krêftich fielt for hjar greate +broerren oan de oare ich fen de Noardsé, in rampsillich stilswijen +biwarje moatte, as men ús freget eft us tael al dy moeite en ynspanning +wol wirdich is, kin allinne dit wêze: mei to wirkjen, det ús +persoanlike kinst wer de troane bikliuwe kin, dy ’t hjar neffens de rin +fen hiel ús letterkindige skiednis takomt, de persoanlike kinst, mar +den lottere troch hjar striid en krêftiger, gelegenheit kriget hjar wer +sa to ûntwikkeljen, det hja wirk ta stân bringt fen ivich-bliuwende +wirdij. + +Dit heart ús doel to wêzen—en wy, jonge Friezen dy ’t fiele en witte, +det der hwet souns yn ús libbet, dat ho machtleas syn utering noutiids +sims yet wêze mei, dochs nei in stikmannich jierren sa taninime scil yn +bloei-krêft, det ús wirk to wirdearjen wêze scil en to genietsjen—wy +sjogge roun nei in fikse, warbere stipe, dy ’t ús oanmoedigjend seit +fierder to gean as wy wirk leverje, dat ús tael gjin skande docht, en +as wy omtoarkje yn fortretlike dize, ús wiist in ljochte wei. Mar +alderearst wier nedich in gelegenheit, hwer ’t wy ús ynlikste fielen, +mei it den ek wêze yn ’t earst yn faek ûnfolsleine foarm, frij +útsprekke koenen, en moast men ús binimme de twang ûnderhearrich om +romte to forsiikjen yn in blêd, hweryn wy ús net thúsfiele en dat, +prieljend mei in findel hweryn forneamde mannen en nommele skriuwers +hjar bliuwende namme opnimme lieten, deroan ûntrou waerd en syn gammel +bistean fierder libbet as in hún en mislediging for ús tael. + +De greatste tsjinst, dy ’t it Selskip for fryske _tael_ en +_skriftenkennisse_ de twa saken, hwerfor it him, nei ’t syn namme seit, +to skoar set, noutiids biwiizgje koe, wier op myn forsiik to bisluten +ta útjefte fen in Wykblêd, en dit net by in ienfâldich bislút to +litten, mar nou einlings en to ’n lêsten ris moedich troch to setten, +mei „Sljucht en Rjucht” en dêrtroch de dekadinte +Halbertsma-Dykstra-skoalle de liedende posysje to binimmen. + + + + +III. + + +Mei ien inkelde die, hwerfor de tiden sa njonkenlytsen wis wol ryp +wirden binne, scil men dos útfier jaen kinne oan hwet fêst lein waerd +yn de twa earste gearfettings, op in wize dy ’t yn ’t bilang is fen de +fryske skriftenkennisse en sadwaende ek fen hiel ús folts, hwerfen it +bistean ûnmûlk de dea fen de sprake oerlibje kin. En mocht it ris +safier komme—mar wy scille goed dwaen der nou yet net op to +bitrouwen—det wy ús lokkich neame koenen troch sok in forskaet fen +persoanlike kinst, det dizze ljuwe mei it meast forskillend fielen en +tinken birikke koe, en forgoed ta hjar biwûnderers meitsje, wy scoene +den gjin folkskinst mear fen neden hawwe, en dizze as in bihelp hwerfen +wy al lang it ûnbihaechlike ûnderfounen, sadet it ús einlings in wearze +waerd, gerêst bistride, ef ljeaver forjitte kinne. Mar it liket der net +nei, det dit mei koartens barre kin, hwent sels de iennichste +persoanlike dichter, dy ’t in great diel fen it folts ta oprjocht en +ienfâldich meifielen wist to bringen (Pieter Jelles) swijt en biskôget +faeks de ûntwikkeling fen syn dichterlike opfettings mei de taheakke +fen 1909 as ôfroun; en yn safier ik op ’t egenblik de fryske +letterkinde fen de alderlêste jierren bistudearre haw, leau ik frij +sizze to kinnen det in opfolger, dy ’t de oandacht fen ek mar in lyts +diel fen it folk for him wist to winnen, him yet net hearre liet. +Tajown moat wirde, det de omstânnichheden, hwerûnder de fersen fen +Pieter Jelles op ’e nij yn ’t locht jown waerden, bûtenwenstige +ginstich wierne: ommers de biwûndering for de steatsman makke de +bilangstelling for syn dichten krêftiger, en troch it genietsjen fen de +Rispinge riisde yet de achting for de politikus. Ho forkeard scoe it +dos fen ús wêze, as wy, ús blynstoarjend op de rykdom dy ’t de +persoanlike kinst faeks folgjende jierren oanbringt, noutiids wylst wy +sjogge, det gjin inkeld persoanlik dichter yet it herte fen in +oansjênlik tal lêzers to stimmen wist ta meifielen, forgeaten derfor to +soargjen det de tael, dy ’t as folkseigendom dochs al sok in faei +libben laet, ek _as sadanich_ yn wêzen bleau! Dos wolle wy wer oandacht +jaen oan ús minlike folkskinst. + +Yn it foarich haedstik haw ik as myn bitinken utere en sa folle mûlk +biwiizgjend taljochte, det ommers de folkskinst net hielendal +forwaerloazge wirde mei, mar det hja dochs minderweardich oan ’e +persoanlike kinst bliuwt. It liket sa op it each, det dizze beide +wierheden in nuvere, net bjuster haechlike tastân to weech bringe +scille: hja, dy ’t it bigjinsel fen persoanlike kinst mei de die +fordigenje, scoenen jimmer mei meilydsum glimke delskôgje op him, dy ’t +sasein út ljeafde for de tael en om dizze krêftiger libben ta to +foegjen, mar sûnder twivel yn wierheit út brek oan sterk-persoanlike +fieling, de folkskinst, wier it den ek mei tawijing, bioefene. En om ’t +it al ringen bliken dwaen scoe, det de wiere dichters dy ’t for de +_eare_ fen de sprake soargje, wylst de oaren mear noed steane fen hjar +_krêften_, ûnfordildich wirde moasten by it lêzen fen rimelderij, +hweryn hja allinne mar in bisiikjen sjên kinne om by it folts alle +langstme nei heger geastelik libben to deadzjen, scoenen nei minskelike +birekkening wûnder-healslachtige kritiken fen dizze kinstners it +gefolch wêze, hweryn hja twongen waerden, twiveljend twisken langstme +om de minderweardigens fen de folkskinst yn skerpe en stikelige wirden +ta to ljochtsjen, en de eangstme, skea to dwaen oan de libbensformogens +fen de tael, hinne en wer drifke wirde scoenen as in skip sûnder stjûr. +Dochs scille wy it hjiroer allegearre wol iens wêze, det wy yn de lêste +jierren al mear as genôch striid op frysk-letterkindich fjild bilibbe +hawwe, en det it heech tiid wirdt om in ein to meitsjen oan dy ivige +bitizing en ûnbinlike ôfbrekking fen it wirk fen oaren, dy ’t noflik +noch nuttich neamd wirde mei. Socht scil dos wirde moatte nei in modus +vivendi, sadet de folkskinst yn wêzen bliuwe kin, sûnder dochs sa leech +to stean yn gehalte, det hja ta skande is for de fryske sprake. + +Under de forskate genre’s, dy ’t yn it Frysk oant nou fiersto min +bioefene waerden, it mei den wêze omdet wy yet nea skriuwers hawn hawwe +mei krêftich talint derfor, hwet men, as neigien wirdt ho ’t it yn ’e +fryske folksaerd leit, eltse saek earst soarchfaldich en earnstich to +biskôgjen, ear ’t men tawird ef goedkarring útsprekt, net bêst oannimme +kin, ef omdet it genre op him sels rju lêstich is en hiel hwet stúdzje +foreasket, moat fêst neamd wirde dat fen kritysk kinstproaze. Ik wol +tige bêst tajaen, det sok wirk, omdet it faken oansjoen wirdt for +droech en toar, en sels yn ’e rop stiet fen slim to genietsjen to +wêzen, hielendal net in rom tal lêzers forwachtsje mei, sadet it my ek +neat gjin nij docht, det yet gjin skriuwer it bistie sok in samling +proaze to jaen, hwerfor tinkelik ek net maklik in útjower to finen wêze +scoe;—mar dochs bihearde men yn to sjên, det saeklike, ûnpartidige, mar +foarâl net oan ’e bûtenkant bliuwende kritiken fen greate opfiedende +krêft binne for de skriuwers, binammen by sokken ûnder ’e jongeren, dy +’t yet in eigen paed to siikjen hawwe en langjend rountaeste nei hâld. +Det it in tige ûntankber wirkje is, omdet yens bêste frjeonen faken +blyk jowe net yn to sjên, det hwennear men twongen is hjar wirk minder +ginstich to bioardieljen, men jimmeroan allinne it each hat op de +kinstner, en nea de minske sels to nei komme wol, en men sa sels mear +fijânnen kriget as men op ’en dûr yn steat wêze scil to bistriden, +wylst mar in himpen tal lêzers komt ta wirdearringe for de sakelike +geast en de moedich-stoere wirden, scil fen my net ûntstriden wirde; +mar swierder as dit alles heart dochs to weagen it bilang fen de tael, +dy ’t men tsjinje wol nei yens krêften, dat mei klam easket oprjochte +en binlike kritiken, om sa einlings ta klearrichheit to kommen oer +saken, dy ’t kwea stiftsje en de tastân yet heisliker meitsje, salang +oer hjar allinne in dizige twivel bistiet. Seagen wy net oan it âlder +slachte yn ús letterkinde, ho ’t sels de bêsten en moedichsten, by it +brek oan krityk, bitiisd reitsje yn hjar eigen opfettings, den hjar dêr +al fêster en fêster yn biwoelje, sadet de koarde troch to snijen lyk +stean scoe mei it tabringen fen swiere wounen? Yn alle talen is krityk +in kinstgenre, dat net mist wirde mei, omdet de lêzers, dy ’t it sûnder +twivel tige drok hawwe, sadet fêst wol nimmen fen hjar fergje doar sa +lang troch to tinken, det hja hjarsels yn steat fiele in klear en +binlike miening to foarmjen oer it wirk, dat hja jamk mear trochblêdden +as liezen, tige nedich hawwe it inerlikste tinken, dat yn hjar slomme +mar net ta folle waeksdom kaem, sels nou en den yn dúdlik-útwirke foarm +op pompier wer to finen, fordet hja net ho langer ho mear forbjustere +wirde scille as hja jimmer wer komme to stean tsjinoer de meast +forskate opfettings. Hofolle to mear is dit den net wier for _ús_ tael, +hwer de meast mei eltsoar stridende bigjinsels faken yn it moed fen ien +en deselde skriuwer hjar sa bihaechlik en fornoegjend troch eltsoar +wine, det men sims sin hat it hearskip fen ûnfryske karakterleazens to +biskildigjen, bitocht men net det it kristeliker wier deselde fromme +oandacht to bitrachtsjen, dy ’t men jonge, hjitfolgige minsken tawijt, +yn hwaens siele like folle revolúsjes hjar útlibje as yn de woelichste +latynske steaten. En det iksels, dy ’t jong yette bin en fiel, ho ’t +myn tinken him eltse dei wider ûntjaen wol en myn earlike miening faeks +yn to oprjochte wirden siz, ho ’t ik my sels ek twing dochs foarâl +rêstich en steatlik-deftich to bliuwen om de yndruk by myn lânsljuwe, +dy ’t de hertstocht oars wol kennend, it nedich achtsje dizze mei de +ljeaflikste namkes to neamen, ryboskjend oer al hjar lea by de +skrutelste utering derfen, net hielendal to bidjerren, twongen bin, ik +allinne, kritiken to skriuwen, sjoch, is dit net in nytgjend biwiis fen +de machtleazens fen forskate skriuwers en in ûnnochlike fingerwizing, +det de ljeafde for ús tael, hwerfen men meastal sa sketterjend opjowt, +wol ris hwet slopper wêze koe as men jerne oannaem? + +En yn dit forbân moat spitigernôch de namme fen Jan fen ’e Gaestmar yn +ûnginstige biteikenis neamd wirde ... ho lang dochs, o Catilina, scitte +misbrûk meitsje fen ús fordildigens? Hwent dizze skriuwer hat, faken al +wer, om ’t er yn ’t earst oer ’t hynsder tild waerd, trochdet in +earlike en oprochte krityk yn Fryslân dodestiids al like min to +bikennen wier as yn letter dagen, yn pleats fen dit brek út tankberens +rêstich bistean to litten, it nedich achte oer syn mei-skriuwers ris +tige de swipe to lizzen, dêr ’t lykwol de koarde hieltyd fen ôfstrûpte, +sadet den allinne mei de stôk fûleindich gatten yn ’e loft slein +waerden, lyk as in orkest-lieder jamk docht, dy ’t op oerstjûre en +falske wizânsje dirigearret. Dochs kin ik for syn moed, in nij genre yn +it Frysk to bioefenjen, al is it him den ek mislearre dit soun en +weardich to dwaen, net oars oer hawwe as in wird fen blide biwûndering, +en bin ik it hielendal mei him iens det it better is, soks dit yn’t +iepenbier to bistean as efter de rêch fen de bioardiele om, lyk as men +my fornijde det it letter fen minder moedige minsken, ef ljeaver sein +fen minsken yn in minder moedige rite, tapast waerd—sikersonk al wer in +nij genre, as men betinkt ho fier sok in hânnelwize it fryske aerd +ûntrint. En fierders jow ik ta, det de wearde fen de kritiken, hwerop +ik boppe doelde, fen hiel hwet mear bilang is as dy ’t de „Klankboarne” +bifettet, al is hjirmei nou net sa bjusterbaerlike folle útspritsen; +mei de hear Wumkes jowe wy utering oan ús bliere, loksillige hope, det +Jan fen ’e Gaestmar mei gauwens wer sa minlik wêze wol syn kritysk wirk +op it bikende plak to forfetsjen, dat ús wizer makket, omdet wy deryn +sa treflik oan ’e weet komme, ho ’t men it wirk fen oaren _net_ hat to +biskôgjen. Wy steane der út namme fen hiel letterkindich Fryslân by him +ynlik op oan, det hy syn nije rige iepenje scil mei in bydrage, hweryn +er den geastich en mei heech glimke, lyk as hy allinne soks dwaen kin, +de oanwenst op net neijer oan to tsjutten wize it wirk fen oaren +ljeafst efter dy hjar rêch om to bioardieljen, priis jaen scil oan ’e +forspijing, omdet wy mei him wol wis fen bitinken binne det nei ’t soks +ienris pleats hawn hat, forgoed ûnmûlk makke heart to wirden. + +Hwet der den oan dizze kritiken haperet? scille somliken freegje. +Foarâl dit, det der aloan in miening utere wirdt yn algemiene, +ûnbitjuttende wirden, dy ’t sûnder biwiis taljochte, fierder krûpt oer +’e groun, lyk in klimmerplant him net omhegens jaen kin, as der nearne +hâld to bikennen is, en teffens, det dizze weardeleaze meidielings yn +sok in Frysk oan ’e lêzers foarset wirde, det it der tige bigjint op to +lykjen, as hie de skriuwer sterk tocht oan ’e miene ûntwikkelens fen de +minsken, ûnder hwaens eagen it sa dalik forskine scoe, as hied er dos +krityk-yn-folkskinst jaen wollen. + +En ik moat, al moeit it my, wol sizze det bûten dit bisiikjen my mar in +tige bytsje kritysk wirk fen de lêste jierren bikend is, dat +fortsjinnet hjir neamd to wirden; hwent as men yn Forjit My Net sa nou +en den ris op ’e moaijens fen in boek wiisde, tsjûge dit meastal mear +fen suvere biwûndering as fen heech-steand kritysk ynsjoch, al wier +sims de tael krêftich en waerden de wirden mei krektens brûkt; en de +ivige plomkes oan skriuwers, dy ’t nou ienris fen eltsenien priizge +waerden en by hwa ’t men dos net maklik in mistaest bigean koe, mei +hjir net de eare oandien wirde der neijer op yn to gean. Mar hwet +fortretliker oandocht, ek ûnder de jongerein liket it my ta, det der +net folle ambysje for to finen is, yn kreaze en soarchfâldige opstellen +to wizen op hwet fen bilang wirde kin for ús tael. Rinke Tolman is wer +de iennichste, fen hwa ’t men sizze kin det er in suver en skerp +kritysk ynsjoch witte scoe to forbinen oan in pittige en frijmoedige +utering; lykwol kriget men by him foar en nei de yndruk, det er yet +gjin foldwaende stúdzje makke fen fryske skriften, en hwa, dy ’t bikend +is mei de nearzige rook, dy ’t opwalmet út de measte folkskinst-wirken +en mei syn romme en fearkrêftige fieling, scoe it weagje him oan to +fiterjen hiel dat goare en gammele saekje to ûndersiikjen? + +Sa liket it der dos folle op, det der to’n earsten yet gjin praet wêze +scil fen in goede bioefening fen de kinstkrityk, sa as dy dochs, ho ’t +men it ek biskôget, tige yn ’t bilang wêze scoe for ús letterkinde en +dêrtroch net minder for ús fryske tael. De forklearring for dizze +útkomst is net to finen yn karakter en aerd fen de Friezen, hwerfen +ommers langlêsten yet in hollânsk opfiedkindige meidielde, det it jamk +in eigenaerdige oanliz meibrocht for kritysk en sakelik biskôgjen, +sadet it wiskinde-ûnderwiis yn it hiele ryk for it greatste part is yn +de hânnen fen ús lânsljuwe, mar moat wer taskreaun wirde oan de +oermachtige ynfloed, dy ’t de folkskinst foarâl yn de lêste +tsjientallen jierren wist út to oefenjen op de Friezen, dy ’t bihâldend +yn safier, det hja der jimmer tsjin oanskoarje de ûnearlik-formastere +reputaesje fen somlike ljuwe oan to taesten, ienris bihirde yn +biwûndering for dizze kinst, it net bistienen hjar nije miening moedich +to úterjen, as hja wizer wirden, it ûnbihaechlik-breklike fen sok in +kinst bifetten. Och, it wier lang net altyd ûnaerdich om to sjên, dit +mak skiepeftich folgjen, en de neiteam scil der him in hiele toarn mei +fornoegje kinne, as it yn kommende jierren bliken docht, det de +gefolgen dêrfen op ’en dûr net sa bjustere neidielich wiernen: men naem +it nedige skriuwersark en stâlde ringen in teltsje fen „feinten, dy ’t +safolle ieten” gear, ef ljeaver yet, yn de rûchskerne to lânne kamen +nei mislearre ûnderhânnelingen mei in wrede en hirde foarstinne, sa +forbaesde grappich, det men forwachtsje koe det de sûrste en wrangste +minsken skodden fen noflik laitsjen—en dit barde sikersonk; men liet it +net by ien bliuwe, skreau for de foroaring ek ris in ljeaflik rymke, +joech safolle trivialia út, det bûtensteanders bigounen to begripen, +det ûnkrûd op Fryslands fjilden bare skoan dije woe—en de ynskiklike +lêzers, dy ’t dochs ek ris hwet biwûnderje moasten—hwent to biwûnderjen +is in eask for it minskelik aerd, lyk as biwûndere to wirden in +algemien-minskelike langstme is—keakelen wolfornoege: „nou, nou, dy kin +der hwet mei, hear!” Krityk bistie net, en, hwer wol, seach nimmen der +nei om, sadet it for de persoanlike kinst ûndwaenlik wier in fêste +hâlding oan to nimmen, dy ’t hja mei moedich en heech gebeart +fordigenje koe tsjin lyts-leffe oanfallen, en dy ’t hja fen doel wier +mei krêftich trochsetten to biwarjen; ljeaver den foroardiele, om by it +greate folk ûnbikend to bliuwen, as de nekke to bûgen ûnder it +ûndildber jok fen in minderweardich hearsker. En sa waerd de miening +fen it folk ek de oerstjûging fen forskate persoanlike skriuwers en +eltsoar de waerme hân tarikkend, songen hja yn machtich koar in +brûzjend hildeliet for hwa ’t de smeits fen it folts bidoar; de wiere +dichters tochten der by dizze nuvere foriening net oan, det as de +lêzers oplaet waerden yn drege biwûndering for de ûngeve folkskinst, +eltse weardearringe for oar en suverder wirk wol dôve wirde moast, en +sa dolden hja it grêf foar hjar eigen foetten, hweryn hja ringen +tommelje scoene om skoften forgetten to wirden. + +En iepen siz ik hjir in wytgjend wird, det dizze tastân, dy wis de +kiemen draecht for in deadlike syktme fen ús letterkinde, fen nimmen dy +’t it goed mient mei syn bertegroun, bistindige wirde mei en det, al +lykje de omstânnichheden dit eagenblik ûnginstich, om ’t men mei ljocht +bitwivelet ef der wol foldwaende krêften for to finen binne, dochs de +persoanlike kinst-krityk plak krije moat—en yn ’t earst sels in rom +plak, omdet der folle yn to heljen is—yn ús letterkinde, dy ’t dêrfen +neffens myn ynlike oertsjûging, neat as goeds to wachtsjen hat. Fensels +sjocht men lykwol yn, det it eltse kritikus ûnmûlk is meidogger to +wêzen van „Sljucht en Rjucht,” it krantsje hwerop men wol foar alles +oanfalle moat, omdet it, ta it skiere forline bihearrend, bliuwt in +swiere mislediging for ús tael, wylst „Forjit-My-Net” sa oan binyptens +lijt, det, waerden der ek gjin oare bydragen mear tastjûrd, it yet gjin +foldwaende romte ôfstean koe for in alles-hifkjende krityk, sadet ek +hwet dit oanbilanget it útjaen fen Fryslân (hwerom it dochs net Iduna +neamd?) hielendal needsakelik wier. + +Lykwol scil it ek for de meast oprjochte en binlike kritikus yn +kommende dagen tige lêstich wêze, him in suver en soarchsum oardiel to +foarmjen oer de folkskinst fen ús njoggentjinde ieu. Hwent lyk as ik +mien al earder earne sein to hawwen, men kin it wirk fen de folkskinst +net biskôgje troch nei to gean, yn hofier de ynhâld treflik en +heechsteand, en teffens de foarm wol-forsoarge en kreas is, omdet by de +wiere folkskinst dizze beide haedsaken hielendal net biachte wirde, mar +men allinne de yndruk en ynfloed op it greate en brede diel fen it +folts birekkenet, dôch earder troch to ûndersiikjen ef it de +folkskinstner lokt is, sok wirk to jaen, det it tsjûge fen net oan ’e +bûtenkant bliuwende kinde fen de libbene folkssiele. Trije útwirkings +binne der mûlk as in skriuwer mient alderearst rekkenskip hâlde to +moatten mei de geastelike ûntwikkeling fen syn lânsljuwe-lêzers: syn +skriften kinne wêze fen in geast, dy ’t it algemiene bigryp fen it folk +to boppe giet—en den hat neffens myn miening de kritikus alle rocht, it +wirk mislearre to neamen en it as heal spil, minderweardich oan +persoanlike kinst en net brûkber as folkskinst, ûngenedich ôf to +brekken—, de skriften kinne bliken dwaen, det de skriuwer krekt fielde +en oars nei soarchfâldige stúdzje fen it folksaerd ta it ynsjoch kaem, +hwet foreaske is om sa to fortellen en to rimen, det de geastelike +hichte fen it wirk lyk stiet mei de ûntwikkeling fen it folts—yn dit +gefal mei de kritikus him twinge ta in minlik glimke en yn bidêste +wirden it wirk oanpriizgje as nommele folkskinst—mar ek kinne de +skriften oertsjûgjend biwiizgje det de skriuwer like goed de fieling en +smeits, as it bigryp fen de lêzers, dy ’t er him foarstelde, to leech +oansloech—en dit is wol it skriklikste, dêr ’t men yen yn tinke kin; +omdet der den in net to forwaerloazgjen gefaer bistiet—. Yn ’t earste +gefal scil de ynfloed, dy ’t fen it wirk útgiet, minym wêze en mei de +meast soarchfâldige oertinkings mei men forwachtsje, det it wirk sa tel +forgetten wêze scil, as it dit fortsjinnet; fen it twade kin allinne +goeds komme: ommers de ljeafde for de lânstael kin troch wirk fen dit +gehalte by it greatste part fen it folk yn stân hâlden wirde, wylst +fieling noch ûntwikkeling fen de lêzers der minder fen wirde scil; by +it trêdde mei oannommen wirde det de ynfloed op it folts bûtenwenstige +great wêze scil, omdet dit meastal sterk fielt for alles, hwet fen +fortocht soarte is, al wol ik hjirmei hielendal net neamd hawwe det it +gjin fieling bisiet for hwet moai is en nommel,—mar like wis kin yn dit +gefal as wier biskôge wirde, det de geastelike ûntwikkeling en it suver +fielen in knoei kriget. En nou is it sikersonk net maklik wiis to +wirden, ho ’t it fryske folk yn ’t midden fen de XIXde ieu krekt fielde +en tocht, omdet men fensels net útgean mei fen de folkskinst, hwerfen +men krekt de wearde oanjaen wol. Dochs scil dit wêze ien fen de +wichtichste plichten, dy ’t de persoanlike kinstkrityk heart to +forsoargjen tsjinoer de folkskinst, omdet wy der folle bilang by hawwe +to witten ef de achting en oandacht, fen somliken oan ús +folkskinst-skriuwers tawijd, wol earlik en binlik bistege is; dit scoe +ommers wol skriklik wêze en yen forgoed de moed binimme, ús tael to +sterkjen yn hjar lijen en to stypjen yn hjar striid, as it bliken die +det somlike skriuwers, hwa ’t der waerme hilde brocht waerd, omdet hja +de fieling for de sprake by it fryske folts wekker makken en hâldden, +yn wierheit teffens de smeits for it goede en moaije by ús lânsljuwe +fordoarn hienen. Binim ús den dochs dizze neargeastige twivel, o +kritikus fen de takomst! Net licht scil wêze de foarstúdzje for sok in +moedich wirk, en folle scil rieplachte wirde moatte om oersjoch en +bigryp to krijen fen it tinken en fielen fen forstoarne slachten; mar +wy hawwe der rjocht op, to witten eft ús biwûndering ús taelstriid +foartsterke ef yn ’t efter brocht. + +Mar—en hjirmei kom ik werom op de fen my bispritsen forhâlding twisken +persoanlike kinst en folkskinst; ik haw oer de krityk efkes útwreide, +omdet it my talike, det men oan dit genre to min oandacht wije scoe, as +men der net op wiisd waerd—salang it net biwiizge is, det wy mei dy +biwûndering forkeard diene, wolle wy oannimme, det de folkskinst fen de +lêste ieu wierlik yn geastelike ûntwikkeling lyk stie mei de ljuwe, for +hwa hja skreaun waerd, det hja dos wier de wjerspegeling fen hiel it +wêzen en bistean, dat yn dizze minsken libbe. Ut it bigryp +„folkskinst”, lyk as ik it yn ’t bigjin fen haedstik II útspriek, +folget klear, det hja dit ek yn de takomst bliuwe moat; it is dos wol +it forstânnichst nei to gean, ef en yn hofier ús folk foroare is, omdet +de ûntwikkeling fen de folkskinst lyk bliuwe moat oan de ûntwikkeling, +fen hwa ’t hja birikke wol. + +Oer it _algemiene tsjinwirdige aerd_ fen ús lânsljuwe scoe men hiel +hwet opstellen skriuwe kinne, sûnder det yet de folle bisûnderheden +útlein wiernen, dy ’t wy eltse dei wer op ’e ny by it folts merkbite, +lytse eigenaerdichheden, dy ’t faken sa mei eltsoar yn tsjinstriid +binne, det men by yen sels freget eft yn hiel det +wûnder-tizich-opwoeksen wâld wol paed to bikennen wêze scoe. Mear as +troch in mânske en oanheljende ynfloed fen Hollân en syn ridlik wiffe +bigjinselleazens oan to nimmen, liket it my ta det dit to forklearjen +is, mei to bitinken, ho ’t ús folk for de twade kear yn syn bistean, +forkeart yn in tige bilangryk oergongs-stadium: + +Al yn skiere tiden sjogge wy by de fryske stamme dieden, dy tsjûgje fen +greate ljeafde for de eigen groun, al is dizze fieling miskien earder +ûntstien út tsjinsin om to gean, hwer oare en frjemde foltsen wenje, as +omdet de Fries fen oanliz sa heech roun mei alles, dat er sines neame +koe. En sa kaem hja der ta mei forwûnderjende krêft alle oanfallen fen +útlânske foarsten en foltsen ôf to slaen, lykwol net om den wer fredich +fierder to libjen op de groun, dy ’t sa geskikt wier for feardige +fordigening, mar om hjar krêft forlern gean to litten yn in einleas tal +strideraezjes, dy ’t, hja mochten tsjûgje fen stoere karakterfêstens, +faken ûntstien wiernen út lytsgeastige kwesjes; in tige bilangryk +forskynsel dit, hwerop ik skielk werom kom. Mar op ’en dûr seagen de +Friezen, minsken mei minder fieling for it romantyske fen in apart lân, +hwerfen mar in bytsje nei bûten útlekket, as for it praktyske foardiel, +dat jamk troch omgong mei foltsen fen oare stamme to biheljen is, +better yn, det stil stean to bliuwen by eigen biskaving, sûnder +ûntwikkeling út ’e frjemdte ta to litten, yen wol efterop bringe moat +en to min krêft tafoegje kin om sterkernôch to stean tsjinoer útlânske +machten—en hja bigjinne mear omgong to siikjen, mei hwa ’t der libje +bûten hjar lyts lân: dit bart yn de tiid, det it ein fen de frijdom fen +Fryslân as ôfsûnderlike steat al tichte by is. Dizze langstme nei it +frjemde, dy ’t wol komme moast as reäksje tsjin de strange +heitlânsljeafde fen earder dagen, kriget ringen rommer fjild, as +Fryslân twongen wirdt diel út to meitsjen fen it wrâldryk fen Karel V, +omdet den dizze frjemdsin, lyk men it sims yn ûnginstige biteikenis +neamt, neat misdiedichs mear hat: ommers sûnder det immen it ea uterje +doarst, wier inkeld as tsjinwicht for de greate ljeafde-fieling for +eigen groun kommen de langstme, diel út to meitsjen fen in oar en +machtiger ryk, hwer alles better en trefliker wêze scoe. Hwent bigearte +nei mear bleau de Friezen net frjemd, en omdet hja to lyts yn tal en +macht wiernen om it lân fen hjar bûrljuwe to oermasterjen, wier it +iennichste, hwertroch hja mear krêft útoefenje koene, in weardich diel +to foarmjen fen in op him sels al great-machtich ryk. + +Dit is hwet men neame kin de earste bilangrike frjemdsin-biweging, dy +’t in stoffelik karakter hat—feiliger to libjen ûnder hearskippij fen +in krêftich foarst—en hweroer wy, rekkenskip-freegjend neiteam, it +rjocht hawwe in strang-ûnginstich oardiel út to sprekken. + +Mar wier yn de tiid fen dizze bilangrike biweging, dy ’t wol nearne him +utere yn dieden fen bliuwende weardije, mar dochs for ús dúdlik to +folgjen is, it de ljeafste winsk fen Fryslân, mei greatskens wize to +kinnen op in machtiger ryk, hwerfen it in diel wier, hiel oars is it +langjen fen it tsjinwirdige fryske herte, dat yn syn sin for +ûntwikkeling en wiere biskaving jimmer groeijend, diel winsket út to +meitsjen, net mear fen in bisletten steat, mar fen hiel de wrâld. De +meast ûnderskate opfettings oer steatkindige en godstsjinstige kwesjes +fine noutiids hjar oanhing op de romme mieden fen Fryslân; it folts, +alear bikend om syn fêsthâlden oan âlde brûkmen en seden, bigjint +stadich wol, mar fêst-bisletten oerein to rizen út de bihâldende +winterdodde en langet nei ljocht en witnis, op de ljeafde-leare fen de +tsjerke bitrouwend somliken, oaren folgjend in djûre, eigen-woune +oertsjûging. Foarby rekke njonkenlytsen de tiid, det Fryslân stie bûten +eltse ûntwikkeling en de striid, dy ’t dizze jimmerwei meibringt en do +’t syn mieden ús wiernen lyk in treastlik plak, hwer wy mimerje koenen +en rêste, soargeleas en bidêst; ear ’t wy it wisten kaem like goed oer +ús de langstme, stridend to stean mids hiel dy woelige wrâld, net +earder delsittend as hwennear wy to rêsten fortsjinnen. + +Sa mei ik den sizze: wy steane yn de twade frjemdsin-biweging, in +suver-geastelike dizze; hwent net scil de tiid ús langer foarbygean, +sûnder det wy wizer wirde, en yn ús dieden wytgje, det wy it doel fen +it libben werfounen. Dos wirdt it ús dúdlik, det it libben fen ús folk, +lyk as to forwachtsjen wier, ta yn syn inerlikst wêzen foroare, sadet +it tiid wirdt, det wy soks ek bifine yn de wjerspegeling fen dit +libben, yn de folkskinst, dy ’t wy sa iverich biwarje woenen om by ús +folk de fieling for hjar tael wach to hâlden... + +Dochs net: nou wolle wy fen gjin folkskinst mear witte, hwent wy +sjogge, det hjar antlit stiif waerd en hjar each de glâns forlear, det +hja biheart ta foarbygeane tiden en forteach. En wylst wy mei smerte en +forbûke der nei skôgje, omdet hja ús dochs ljeaf wier, dit âld wyfke, +hok in lêst en lijen hja ús sims ek oandie, en fiele, det dit dochs wol +wis in forlies is, pynliker as wy tocht hiene, wirdt der sêft in hân op +ús skouder lein, en stadich sjogge wy, yet neimimerjend oer hwet barde +... den komt in glimke wer en fornoege sizze wy: „de keninginne, âld +fen jierren, stoar: sa libje den lang de nije!” + + +Men scil tinkelik ynsjên, hwet ik mien mei de lêste wirden. It fryske +folts wol, ho ’t somlike dompers der ek om skrieme, noutiids foar alles +mear witte fen de greate geastelike opfettings, dy ’t yn hiel de wrâld +hildige wirde as liedende bigjinsels en dos in net mânskernôch to +achtsjen ynfloed útoefenje op elts, dy ’t net bûten de wiere +ûntwikkeling sletten wirde wol. Der bistiet gjin twivel, det as men der +net ta komme kin yn it Frysk to skriuwen oer bilangrike +biskavingsforskynsels, de Friezen bisiikje scille dêroer ta +klearrichheit to kommen yn it Hollânsk net allinne, mar sels útlânske +wirden en sizwizen oernimme scille, hwet wer ien fen de slimste gefaren +is, hwertroch it Frysk as biskavingstael bidrige wirdt; en tige +machtich is yn dit stik fen saken de ynfloed fen de skriuwtael, sadet +men oannimme mei, det dit gefaer fensels wol oerbetterje scil as men de +nije keninginne net langer hjar wente ûnthâldt, as men ek yn ús sprake +romte jowt oan, hwet ik neame wol, de ûntwikkelingskinst. Ek hjir fyn +ik Jan fen ’e Gaestmar wer tsjinoer my; men scoene suver wirch wirde +fen sok in striid, dy ’t mistreastich makket lyk as eltse kriich tsjin +in wiet-oanfielende dize. + +Yn syn wirkje „Is der in fryske tael?” hwerfen û.o. de bistjûrder fen +in frysk wykblêd folle goeds wist to sizzen, der op wizend det +skriuwers der binammen in heap út leare kinne (!)—hwet hiel wol mûlk +is, mar den fêst net folle goeds—stiet op s. 42 ûnderoan to lêzen: + +„Yn dit forbân moat ik ek wize op it bidroefde forskynsel det de +Friezen langer de formogens net habbe om nije bigripen in Frysk pak oan +to tsjen (ornaris is for it meitsjen fen in pak mear ynspanning nedich +as for it oantsjen. K.). Mei oare wirden: det de Fryske folkstael it +fornaemste skaeimerk fen in tael: it oanrieden fen syn wirden en +gearstallingen út ’e eigen taelskat, kwyt is. Lyts hûndertfyftich jier +lyn koene de Frânsken hjir hjar _pommes de terre_ yet bringe, sûnder +det wy mei it frjemde ding it frjemde wird oernamen. As se ús hjoed de +dei de nije frucht stjûrden, einou, den wierne en bleauwen it _pommes +de terre_, yn safier, fensels, det de namme wol hiel gau forrinne scoe +ta _pommetèr_ ef soks sahwet.” (O! dat freeslik ûnformogen yn jimme, om +de sinnen gear to stallen ... lyk it yn goed proaze heart! K.). + +It sizzen giet fen dizze dichter-kritikus-taelkindige, det hy wol ris +jonge minsken oanfitere hat om mear to dwaen for de tael, dy ’t +spritsen wirdt yn hjar heitelân. Mar men scoe den dochs sa jerne witte +wolle, hwerom er alle mûlke war docht om ûnder de minsken neamd to +wirden, fen hwa ’t in lieder fen ús skriftenkennisse ris krekt +forklearre, det hja om ’e hoeken mei modder stean to smiten, om dêrnei +út to roppen: sjoch, ho bismodze it klaed fen ús skienne fryske sprake +is. Hwent elts, dy ’t efkes trochtinkt en him rekkenschip jowt fen de +tastân fen oare talen, wit tige skoan, det gjin inkelde folkssprake yn +staet is for elts nij bigryp in nije namme to finen; in wird as it +Hollânske „fiets” is sok in greate útsûndering, det de taelkindigen der +yet wol lang nocht oan hawwe scille; útfynsels yn it fornoegjend genre +„plakdinkie” komme ek yn ús tael yet by de rûs for, en elts dy ’t dit +ûntstride wol, jowt dermei oertsjûgjend biwiis, det er net foldwaende +thús is yn de libbene folkstael, wylst in wird as „vliegenier” hwerfen +de takomst yet ûnwis is, allinne yngong fine kin om ’t it bitocht waerd +troch de hearen fen de skriuwtael. Teikeneftich is, det men yn alle +talen by nije útfinings boarget by it Gryksk ef Latynsk, wol mei omdet +de namme den forsteanber wirdt for alle ûntwikkelen oer de hiele wrâld, +mar mear yet om ’t it nou ienris ûnmûlk for de sprekkers fen de tael +is, sels in feardige namme to finen. Fierders scoene men hjir wer de +bûtenwenstige skerpens biwûnderje kinne fen it taelkindich ynsjoch, +hwermei de Gaestmarder Hear him sa nuvere bliid makket, mar dat dochs +bliken jowt net bifetsje to kinnen det wy ienfâldich sizze „jirpel” ef +„pommetèr” al nei ’t de ljuwe oan’e oare ich fen ’e sé dat dogge, sadet +dit foarbyld, ynpleats fen in forkearde redenaesje ta to ljochtsjen, +dizze yet diziger makket. Om lykwol ús binlik oerdiel oer ’e +taelwittenskiplike skerpens fen ’e Gaestmarder Hear to biwarjen, wolle +wy mar oannimme, det dizze koarte útwreiding inkeld ûntstien is, omdet +de hear Hof sa danige graech sjên litte woe, det er ek al wist, hwet +„jirpel” yn ’t Frânsk is en yn dizze prizenswirde iver wol hwet tige +nuvers uterje, as wy den mar op ’e hichte kamen mei syn talekennisse.— + +Do ’t Ingelân dizze striid bigoun, hwerfen it sels forwachtsje koe det +er swier en pynlik wirde moast, waerd der fen ien fen de ministers in +nommel en treflik wird sein, dat it hiele lân om syn stoere ienfâld en +hege libbenswizens lang oare oandwaen scil; de utering wier dizze: +„Lokkich meije wy ús priizgje, det ús bilangen en ús frjeonskip beide +de selde side kieze”—hwent oars is der strange striid twisken dizze +twa, ljeafde en it eigen biderf. Mei men it lytse lykje by it greate, +litte wy den bliken dwaen dit wird forstien to hawwen, troch mei rie en +die ús ûntwikkelingskinst oan to moedigjen, om sa it fryske folts wer +for lange tiden trou strider to meitsjen for syn tael, troch it yn syn +biwende lûden de geastelike stipe to jaen, hwerom it freget. Dit kin +lykwol net mei genôch klam sein wirde, det eltse partij-opfetting fier +fen sok in kinst bliuwe moat en gjin inkelde kear in skriuwer fen eigen +bline biwûndering laet, eat uterje, dat ek mar de skyn hat fen somlike +steatkindige bigjinsels ôfkarre ef oanpriizgje to wollen; ommers yn ús +fryske letterkinde, hwer dochs al in striid geande is twisken +opfettings hwerfen men earder it oanboazjen as de frede to wachtsjen +hat, kin en mei net in twade oarloch ûntstean, dy ’t ûnder ûnginstige +omstânnichheden it moaiste en djûrste fen ús wirk to neate dwaen koe. +Fen in lyts en forsichtich bigjin scoe al greate oanfiterjende krêft +útgean: in koart-ienfâldich, sakelik en ûnpartidich, mar foarâl yn +goe-fryske wirden gearstâld ynlânsk en útlânsk oersjoch, hwerfor men ús +treflikste en rypste skriuwers oansiikje moat, scil biskôge wirde as in +blier ûnthjit, det einlings it Frysk hâlden wirdt for in folsleine tael +en it dos wol-fortsjinne eare jaen. En omdet ús skriuwers for it +greatste part bidaerde en ienfâldige minsken binne, dy ’t hjar troch de +bank net op ûnbigryplike wize uterje en yn hjar fielen jimmer frysk +bliuwe, mei men forwachtsje det de persoanlike kinst, dy ’t it Frysk in +moaije en soune letterkinde jaen kin, sadet ús tael den ek hjiryn lyk +stiet mei dy fen oare lânnen, en de ûntwikkelingskinst, dy ’t yn steat +is wirden to sizzen, hwernei de Friezen langje, sadet „hjar bilangen en +frjeonskip deselde side kieze” mear for ús sprake dwaen scil as allinne +de folkskinst, hwerûnder njonkenlytsen sels it folk fortreflik wirdt en +dy ’t ivich bisocht de persoanlike kinst it swijen op to lizzen. + +En mocht der yet in tal minsken wêze, to slap en to toar om fen hwet +oars to genietsjen as fen folkskinst, en dat men dochs net for ús tael +forlern gean litte woe: woloan, hawwe wy al gjin folkskinst genôch yn +de „Rimen en Teltsjes” en de wirken fen W. Dykstra? Mar elts nij stik +yn dit kinstsoarte scil wêze in nij stik modder, keild nei it klaed fen +ús sprake en in húnjend wird, hjar mei opset sin tafoege. + +Yet wol ik in wirdmennich sizze oan de jonge fryske skriuwers, dy ’t +allicht foarljochte troch tsjoede rie hjar fine lieten de wei fen de +folkskinst to bitraepjen, hwerop lyk hja gewoan binne to sizzen, ek +Walingom sok in tige namme makke en eare bihelle. Jong binne jim’, lyk +as ik en dêrom myn frjeonen; sa sjoch ik den ek kâns it folgjende to +sizzen yn rêstige en frjeonskiplike wirden. Wêz der dochs wol fen +oertsjûge, det it de geast fen de forneamde skriuwer net is, dy ’t +jimme miene to fordigenjen troch jim’ oan to sluten by hjar, dy ’t syn +namme misbrûkend om sels plak to finen for hjar nearzich-lyts wirk, +bisiikje de deade folkskinst in hâlding en uterlik to jaen, as wier hja +yet yn wêzen; hwent Waling Dykstra woe mei syn skriften hânnelje yn ’t +bilang fen folk en lân en tael, mar as jim’ noutiids bisiikje syn +skriuwtrant nei to folgjen, geane jim’ út fen in fordroege bigjinsel, +dat yn tsjinstriid is mei it wolwêzen fen tael en folk en lân. En +mochten jim’ fen bitinken wêze, det soks minder skele kin sa lang jim’ +mar eare wirde as fryske skriuwers, den wol ik, hok in wearze ik fen +sa’n ûnderstelling haw, dochs der op wize, det yet fêster as in +rjochter boppe de warbere wolkens, der in ierdsk rjochter bistiet oer +uterings fen geastelik libben, dat syn strang oardiel sprekt, hwennear +men yen der net mear tsjin forsette kin: it rekkenskip freegjend +neiteam. + +Meitsje jimme den net ta in libjende hún for hiel ús fryske tael, troch +rymkes en teltsjes to skriuwen, hweryn gjin fris-bloeijende fieling +hjar uteret; doch dos net as bijierre wyfkes, dy ’t witte det hjar ein +tichte by is en yn hwa ’t it libben noch krekt biwarre wirdt troch in +broeijend koaltsje en in kopke hite kofje; en skriuw gjin neare en +stroffelige kleilieten det it flesk sa djûr wirdt en mear as de drank +de pronk hjir kwea stiftet. Myn djûre fersen-meitsjende frjeonen! jim’ +scille, bihalve goede, bêste rimelers, dochs ek jonge minsken wêze, dy +’t wol ris langje nei eat oars, as hjarren bean wirdt fen deistige +sleur, wol fieling hawwe for it lok fen it libben, en dy ’t net to lef +en ynbânnich binne om soks oprjocht en earlik to uterjen. Det jimme +moeike earne in hiele toarn as tsjinstfaem wenne hat, wol, soks hat +sûnder mis bilangrike wrâld-skiedkindige biteikenis, mar yn ús tael +lêze wy dêroer dochs ljeaver gjin houten rymkes; forhelje ús fen de +oandwanings, de meast inerlike, fen jimme moed, en fensels wirdt it +fers wol better. Hwent sikerwier, as jimme fierder gean yn sok in trant +to skriuwen as jimme dienen oant nou ta, den scil it bilang fen ús tael +ús twinge ta skerpe en ôfbrekkende kritiken, dy ’t for jimme net noflik +wêze scille to lêzen, allike min it for ús in ynlik geniet is, hjar to +skriuwen. + + +Gearfetsjende fine wy it folgjende: + +1e. de folkskinst heart in wiid fjild to forliezen oan de persoanlike +kinst en hwet hjar bliuwt, ôf to stean oan de ûntwikkeljende utering; + +2e. de persoanlike kinst heart mear bioefene en krêftiger to wirden. + +Men scil ynsjên, det beide is yn ’t bilang fen ús sprake, hwent howol +de persoanlike kinst oerwoun waerd, is hja net forslein, sadet mei +koarte tiden de striid tsjin de folkskinst dochs wer mei nije krêften +bigjinne scoe, fûleindiger yette den, omdet hja nou foar ’t forstân +krige hawwe, ho ’t de ien net bistean kin neist de oar. Lykwol is +striid twisken persoanlike kinst en ûntwikkeljende utering ûnmûlk, +omdet beide ljocht bringe wolle en forheging.—Yn dizze twa haedstikken +dielde ik mei: de oertsjûging fen de jong-fryske biweging yn +letterkindige saken. + + + + +IV. + + +Seagen wy by ús koarte biskôging oer Fryslâns _skriftenkennisse_ al, ho +folle ûnwissens hwet bigjinsel en fêste opfetting oanbilanget, dêryn +waernommen wirde kin, sadet it in ûnbihaechlike saek liket in +letterkindige skiednis to skriuwen, hweryn rekkenskip hâlden wirde scoe +mei de foarnaemste geastlike streamingen, skerper en pynliker fiele wy +dit brek, dat men hast bigjinselleazens neame moat, as wy neigeane it +forrin fen de fryske _taelstriid_. Ommers de letterkinde, samling fen +uterings, lyk hja yn ’t earste plak is, fen forskillend-tinkende, faek +hjarsels tsjinsprekkende persoanen, scil jimmer bûnt en tige forskieden +wêze, al mei men easkje, det de ûnderskate bigjinsels mei de nedige +fêstens fordigene wirde; mar yn de taelstriid, hwer mar ien great doel +wêze mei, nammentlik de machtichste en meast bliuwende krêft oan de +sprake ta to foegjen, en hwer eltse persoanlike opfetting heart to +fordwinen for de algemiene, mei men dochs forwachtsje bliken to finen, +dy tsjûgje fen _ien_ great wollen en dy ’t lyk as kompasnidlen op fier +fen eltsoar lizzende kriten, wize nei ien fêst doel. Ut it fortretlike +fyt, det soks yn ús taelstriid oars is, mei men lykwol net ôfliede det +it fryske folts sels net wit, hwet it wol, en gjin fêste, dûrjende +winsken hawwe scoe, mar inkeld en allinne dit, det de foarmannen, de +geastlike lieders fen in folts, dy ’t as gefolch fen riker en riper +ûntwikkeling, forlearden de ienfâldige wizens, gjin hichte hienen fen +de ynlikste winsken fen de lânsljuwe, dy ’t efter hjar stienen, en yn +hjar bisiikjen der klearrichheit fen to krijen, kamen ta ûnderskate +útkomsten. + +Langlêsten waerd my thússtjûrd „de Koarte Oanwizing,” in wirkje dat +foarâl om de lytse kronyk oer de fryske taelbiweging, hweryn it lokt is +neffens de tiidsrige oan to jaen, hwet der foarâl bilangryk wier yn ús +taelstriid, sûnder dochs it oersjoch út eltsoar to skoerren, mear goeds +ta stân bringe kin as somlike wiidweidige biskôgings, dy ’t neat +betters witte to dwaen, as in tankliet to sjongen oan de treflikens fen +it selskip.[5] En ien fen de earste dingen, dy ’t myn oandacht wer +namen, lyk as al sa faken as ik lies fen fryske taelstriid, wier, ho ’t +al dizze minsken, forneamd fen namme, krêftich fen die en mei praktysk +forstân rom seine, neist eltsoar bouwe en timmerje, sûnder foar hjar to +hawwen ien soarchfâldich útwirke bistek, hwernei hja hjar dieden dwaen +kinne sûnder earnstich biskôgjen en moedleas mimerjen. Freget men dizze +ljuwe fol earlike en suvere bilangstelling, hokfor bitinken al hjar +hânneljen laet, den uterje hja, nei yen in skoftke twiveljend oansjoen +to hawwen, kypjend en stoarjend yn dizige fierte, as wier der biskreaun +hwet hja sochten, mei minlike rêstigens it âlde, wol-bikende wird: „Ut +ljeafde for ús tael, ús folts, ús lân.” En wis, sok in blier andert +makket him dy ’t it heart in amerij bliid en lokkich, yn ’e oertsjûging +det men rekkenje mei op fruchtbere útkomst as sok in tal minsken, dy ’t +safolle mear witte as wy, yet steande oan de poarte fen ús libben, +forklearring jowe fen de ynlikste fieling for dizze moaije, hast +hillige saek; mar ringen komt wer de âlde ûnforsetlike twivel. Twivel +net oan de wierheit fen dizze forklearring, hwent dat wier wol in +missedie en ûnwirdich (hm!), mar twivel eft sok in utering, sels +hwennear it wird mei de die yn ienklang is, foldwaende wêze scil, en yn +steat op ’en dûr sa folle, en foarâl wirk fen sok in bliuwende wirdij +ta stân to bringen, as nedich is en wy wol jerne seagen. + + [5] Bjuster hinderlik is lykwol wer det de liedende ljuwe dizze kronyk + dalik biskôgen as in gelegenheit om eltsoar fortsjinne en ûnfortsjinne + plomkes út to rikken. In kras foarbyld: in oars goedmienend man, + hwaens wirk as taelstrider, lyk as bikend wêze mei, foarâl hjirút + bistiet, det hy sims op sok in treflike wize soarge for it miel nei de + Algemiene Gearkomste en hwaens bitsjutting dos it bêst oanjown wirdt + mei in wolsprekkend stilswijen, wirdt yn it foarwird hildige om syn + geskiktens en goed ynsjoch by ’t oanpakken fen saken. Us foeget to + hoopjen det men fen sok in plomke rynskens njonkelytsen genôch krije + scil. + +Ho bryk de neikommende forgeliking ek wêze mei, ik moat der wol efkes +op wize, omdet ik soarch haw det ûnredsume minsken yn hjar iver yn +dizze forhânling opfettings to finen, dy ’t mei eltsoar yn striid +binne, my forkeard forstean koenen en in gehaspel mei ûnsuvere +redenaesjes wer it gefolch wêze scoe: al kin der by de persoanlike +kinstkwesje net genôch klam op lein wirde, det hwet easke wirdt, is it +fielen en tinken fen in inkeld skriuwer, ho apart dat ek wêze mei, by +de taelstriid moat eltse persoanlike fieling ta swijen brocht wirde om +to folgjen ien great bigjinsel, dat fen de measte striders goed neamd +en oannommen waerd. En as men de dieden fen ús fryske striders (net +langer skriuwers nou) soarchfâldich biskôget en in liedende geast dêryn +bisiket to finen, den komt der wis, ho goed men ek biachtet, det al +dizze dieden tsjûgje fen machtige ljeafde, de twivel eft dizze geast +wol ea bistie, en, slimmer, noutiids wol libbet. + +Al rekkenje ik my net yn steat, in weardige miening út to sprekken oer +de ûnderwiis-bifoardering, dy ’t safolle suver trochtinken, praktysk +ynsjoch en djippe bisprekking foreasket, de saek is to dúdlik in +foarbyld, om ta to ljochtsjen hwet ik mien, den det ik dit stilswijend +foarbygoan scoe. Dit witte wy sikersonk allegear tige skoan, det it +ûnderwiis yn ’t Frysk lange jierren tafek bliuwe moat en det wy tige +blier glimkje scoene, as it mar tafek wier op alle skoallen yn ús lân +(men scil hjiroan wenne moatte, det ik troch de bank mei _ús lân_ +Fryslân mien, wylst ik it hiele keninkryk neam _it ryk_, omdet ik +biswier meitsje it wird „gewest” yn ’e mûle to nimmen). Mar woloan, +tinke wy der ús yn, det moarn de dei in minlike ingel op ierde +delsaeide, dy ’t ús tasei, det hwet wy oer it ûnderwiis winsken, ta +stân komme scoe, den wier it gefolch dalik krêftige striid, dy ’t +fensels wer forroun ta persoanlike rûzje en salang oanhold, det de +ingel mijen, mar moanjend, freegje moast om hwet gauwer biskie, det hja +mei de tynge fen de winsk nei de kriten fen it ljocht opwjokje koe, +foardet hja troch de kjeld op dizze keale wrâld bifêrzen wier. Hwent +somliken scoene fen bitinken wêze, det it wol it treflikst bislút like +yn hiel it lân op alle skoallen it Frysk to biwarjen as tafek, oaren as +hjar miening yn ’t formidden bringe, det it fen eltse kant biskôge +sûnder twivel it bêste wier it Frysk en Hollânsk like folle romte to +jaen, wylst in trêdde partij it ûnderwiis hielendal barre litte woe yn +it Frysk, mei derneist it Hollânsk as tafek. En nei minskelike +birekkening scoe de ingel wachtsje moatte oan it ein der dagen. + +Dit brek oan ienriedigens is hjirtroch wol it bêst to forklearjen, det +de mannen fen it selskip, ynsafier ik neigean kin, allegearre miskien +mei útsûndering fen H. Sytstra,[6] oer hwa ’t ik oant nou ta mear +stúdzje makke haw, hwet syn dichterlik wirk as hwet syn +selskipsstreevjen oanbilanget, fen de miening útgien binne, det men +bisiikje moast to foarderjen trêd foar trêd en det men, earst nei +útfier jown to hawwen oan ien plan, neigean moast hwet as twad wirk it +winskelikst en nedichst like. Faken sprekt hjir dúdlik út ús frysk aerd +en libbensopfetting, dy der in tige biswier tsjin meitsje ek mar ien +hea-raei mear op ’e foarke to nimmen, as men foarút troch strange +birekkening wis wit tille to kinnen, dy ’t ljeaver hwet stadich en +eltse kear weroan oerlizzend to wirk giet. Mar it gefolch is, det by in +demokratysk regearjend selskip, hwer’t alle saken fen mear as gewoane +biteikenis foarlein wirde oan de Algemiene Gearkomste, men elts +eagenblik stiet to mimerjen hokker wei men ynslaen moat, om, as men +einlings in bislút naem, to ûnderfinen, det wer in oar in oare kant +opwol, hwerfen in fortretlik-stadich en dûrjend mieningsskeel it +gefolch is. Noutiids foarâl, wylst it op eltse Gearkomste en mear yet +yn it hiele selskips-libben bliken docht, det der in krityske geast him +bigjint to oppenearjen tsjin de dieden en plannen fen it Haedbistjûr, +wirdt it jimmer dúdliker hok in gefaer der bistiet, det de krêften fen +it Selskip to neate gean scille troch inerlike striid. By elts nij plan +bistiet der great forskaet fen miening en opfetting, sadet in +bûtensteander dy ’t net op de hichte is mei it tinken fen de +selskipsleden, wer fêster groun en greater frijdom kriget for syn +oertsjûging, det de Friezen wol wis in sin hawwe eltsoar yn de tsjillen +to riden, dat faek machtiger twingt as de ljeafde for de sprake en it +rêstich biskôgjen fen hwet wol it bêste wier for hjar bloei. + + [6] Yn it bisit fen syn soan O.H. Sytstra binne yet forskate brieven + oer út ’e briefwiksel twisken H.S. en Tiede Dykstra; scoe ús samler + der net ta komme kinne yn Forjit-My-Net-Fryslân hjirút iepenbier to + meitsjen, hwet mei de taelstriid yn forbân stiet? + +Mar ûnwiten-better as in foarderjen-trêd-for-trêd, om as útfier jown +waerd oan ien plan, nei to gean, hweroan men nou de measte oandacht +tsjinnet to wijen, is dochs ek earst fêst to stellen in +fier-útstrieljend doel, dat lyk it stjerte twinkeljend ús leart stadich +mar wis de rjochte wei to bigean. As men earst wit, hweroan men yen to +hâlden hat en jimmer syn tinzen fêstiget op it fiere wyt, dat men +ienris, sij it ek nei tsjientallen, tritichtallen jierren, winsket to +birikken, den scil men, kommen oan in krúswei, allinne mar nei dy +stjerre hawwe to sjên, om mei in fornoegjende wissens fierder to gean, +dy ’t like folle krêften jowt as de twivel binimt. Den hoecht men +allinne mar op yens hoede to wêzen, om, fen de stjerre forlaet, net mei +to brimstige hast de wei to bigean, sadet men stroffelet ef, slimmer +yette, warch delfalt, ear ’t men kaem hwer ’t men wêze woe; en hawwe wy +yn ús frysk aerd, dat nea net talit de sokken deryn to setten, as men +it ôfdwaen kin mei stadich traepjen, dat fij is fen alle oerdwealskens, +mar oanstiet op rêstich en forstânnich hânneljen, net in treflik biwiis +det sok in útlitten dwaen dalik gjin geneed hat? Litte wy dos earst ús +eagen iependwaen for dizze minlike stjerre, det wy net mear hoege roun +to taesten yn in nearzich tsjuster, hweryn wy eang binne for kûlen en +sûgende sompen; hwent do ’t ik niis spriek fen in doel _fêst to +stellen_, wier myn sizzen ûnsuver. + +En nou moat ik, howol it my moeit, in wird sizze det forskaten ûnder +myn lêzers rou en hird yn de earen klinke scil, en meitsje, det men, as +men troch myn foarste haedstikken yet gjin genôch wirdearringe for myn +wirk krige hie, wol tige frjemd tsjinoer my komme scil to stean: de +mannen fen de fryske tael wolle blyn wêze en blyn bliuwe, omdet hja +eang binne it ljocht net forneare to kinnen; hja doare de strange, +moedige trochfiering fen hjar eigen bigjinsels net oan, hja sjogge der +tsjin oan to dwaen lyk it herte hjar talústeret. Myn frjeonen en ik +lykwol scille, wol fier fen sok in tsjoed foarbyld nei to folgjen, it +jimmerwer útsprekke, oant twivel net mear bistean kin: + +Ho lange tiden fen striid der ek foarby gean moatte, ear ’t wy it +birikke, jimmer bliuwt it it eigentlik doel fen ús taelbiweging, det +_de fryske tael_ wer komt yn ’t bisit fen al hjar rjochten, det hja dos +_wer wirde scil de hearskjende_ tael yn ús lân en it Hollânsk allinne +op ús skoallen leard wirdt, om ús bûten it lân dochs rêdde to kinnen; +en det, mochten de hollânske ljuwe hjiryn oanlieding fine yn kommende +tiden de fryske taelstriid mei lytse en feninige middeltsjes tsjin to +wirkjen—ta hjar eare moat sein wirde, det dit hjarren ûnwirdich wêze +scoe—hja allinnich de skild der fen binne, det ús striid, noutiids +inkeld miend tsjin hjar sprake, keard wirde koe tsjin hjarren sels.[7] + + [7] It liket my ta, det men yn Hollân, dêr ’t men ek sa folle fieling + hat for de flaemske biweging, oan sok sizzen gjin niget hat. + +Sikersonk moat it yen binije, det nei hûndert lange en ûnderfiningsrike +jierren fen taelstriid en taelbiweging der yet jimmer ljuwe libje, +foaroansteande yn ûntwikkeling en faken frisse, to wirdearjen +bioefeners fen ús letterkinde, dy ’t as hja hearre, hwet elts +forstânnich-biskôgjende lêzer ôflaet út hjar skriuwen oer ljeafde for +de âlde sprake en biwarjen fen it folksaerd, fen kleare bare +forwûndering en oerstjûrens gjin wird mear to sizzen witte; hienen hja +den sims forwachte en winske, det biwûnderjende lêzers al de +klinkklank, út in nea net warge, jimmer troch-njuentsjende mûle +streamd, lyk de mistreastige drippen op in tjirmjende hjerstdei, mar +hâlde scoene for tiid-koartsjende lietkes-sûnder-ynhâld? + +Mear yet; somliken, lokkigernôch net talryk ûnder de Friezen dy ’t yn +steat wierne hjarsels to bliuwen, mar binammen to finen by sokken, dy +’t ûnder ynfloed fen falske biskaving neibauwend it dwaen fen saneamd +heech-ûntwikkelen, hjarsels bispotlik meitsje by Fries en net-Fries +(foarâl ûnder de heareboeren binne hja yet tsjok), witte yen mei +bjuster-binijd troanjemint to forheljen, det _it Fryslân for de Friezen +en it Frysk_ net oerienkomt mei de geast fen de tiid, striidt mei de +miene opfettings, en mei ûnfordildich skokskouderjen fen +hearink-noch-ta-hwerom-dêr-yet-mear-oer-to-praten is men wol sa +frjeonlik as syn miening mei to dielen, det sok in doel dochs net mear +to birikken is. Ien fen de grouwélichste uterings oer dit stik fen +saken is earne to lêzen by Jan fen ’e Gaestmar (quousqe tandem!), dy ’t +dêryn bliken docht him sa doelleas en stjûrleas driuwe to litten det +wy, njonkenlytsen bigripend det by dizze dekadint fen H. Sytstra en +Pieter Jelles eltse skittering net wytget fen edelstien, dochs +oanstriid hawwe yn in minder ljeaflik wird, as wy wend binne to brûken, +ús forheardens to forklankjen; dizze strider den wit mei to dielen, det +immen, dy ’t mei him praette oer fryske ûnderwiissaken, as syn miening +to kennen joech, det it ús wyt wier op de skoalle it Hollânsk to +forfangen troch de eigen tael (hwermei hy net ienris sa fier mis wier), +om dêroan, tinkelik yn in nidige rite ta to foegjen—ik helje oan út myn +ûnthâld—„sa ûnsinnich wirdt nou ús skreppen forknoeid!” Hjir hawwe wy +dos in man, dy ’t nei ’t er sels yn in rombommich dicht forklearret, +mei foarenoan stiet yn de fryske taelstriid en teffens biwiiz’get it +wierlike doel fen hiel ús wirk net to forstean en it sels bistiet lilk +to sjên, as in oar it sahwet liket to bigripen. Litte wy nou dochs +einlings ris, iepen lyk it ljuwe fen ús stamme past, en dúdlik derfor +útkomme, det it wol wis ús ljeafste winsk is de tael, dy ’t wy heech +sette omdet it in diel is fen ús libben en fen it bistean fen ús lân, +wer it plak to jaen dat hjar takomt en as keninginne dos ús skoallen +binnen to lieden; mar det wy, ynsjênde det in inkeld slachte dit doel +net birikt, yn ’t earst tofreden, howol net bliid, wêze scille as de +sprake as tafek wer in plakje wint op alle skoallen yn Frysk-sprekkende +kontreijen, dit net hâldend for it ein fen it ein, mar for it bigjin +fen ’t bigjin. Allinne troch mei in rom herte dizze wirden oer to +nimmen, scil men bitizing en ûnienigens yn it frysk libben witte tsjin +to gean, hwet sûnder mis barre moat, as wy ús kâns op oerwinning +biwarje wolle; inkeld troch dit to uterjen hâlde wy heech ús forneamde +oprjochtens en earlikens—ommers skandlik is it, as men oerlizzend in +trêd docht en wytgjend wirdt der sein: „wit, dêr jinsen is it doel, +hwer ’t er einlings bilânje wol”, swiet-glimkjend to sizzen: „Dochs +net, dochs net, goede ljuwe; skielk forlitte wy dizze wei en doarmje +hwet roun yn de mieden”. + +Jowe wy dos ta, det ús doel is to birikken hwet ik niis oantsjutte, den +bliuwt de frage allinne, ho ’t wy safier komme, sûnder mear fen ús +krêften to forliezen, as wy misse wolle, en hwennear de lêste die in +krânse lizze scil op ús striid, net langer for it bihâld, mar _for it +rjocht fen ús sprake_, en _for it wach-hâlden fen ús folksaerd_. + +En sûnder nou mei oerstjûre wirden de lêste forhearlikjend romje to +wollen, scoe ik dochs sizze, det wy wirdearjende wirden uterje meije +oer it karakter fen ús stamme, dat yn tweintich ieuwen him sa tige lyk +bleau, det fen forfal gjin praet is, allike min dos fen teikens, dy ’t +wytgje fen hastige dead. De krêft, hwerop jimmer hiel ús folts greatsk +wier, bleau yn wêzen, en earder helle hy oan as er ôfnaem; hwet dit +oanbilanget is it iennichste, dêr ’t wy net kâld for bliuwe meije, de +soarch det dizze krêft him net bigjint yn to spannen for bigjinsels en +winsken, dy ’t frjemd binne oan ús hillichst doel. En dêrom is in +sprekker as de hear de Zee, hwaens wirden jimmerwer wize op it forbân +twisken ús folts en syn tael, for ús sok in weardich bisit: fen tige +bilang scoe it den ek wêze, as it Selskip fen 1844, op oanrieden en +ûnder lieding fen it Haedbistjûr ljuwe, fen hwa ’t men wist, det hja +genôch talint hienen en ljeafde for ús tael, oanfitere hjar bitinken yn +it iepenbier to uterjen en hjarren de bêste wegen wiisde. It wirk fen +sokke ljuwe mei men yn gjin gefal propaganda-meitsjen neame, lyk as de +hear Sipma dit earne docht,—ommers sa hjit allinne it bisiikjen oanhing +to winnen for tinsbylden fen de minsken; sprekkers as dêr ’t ik niis op +doelde, wize it folts allinne op syn plicht tsjinoer syn sprake, ef +oars en better sein: moedigje it stjerlik folts oan yn syn to skrutele +ljeafde for de tael, dy ’t him jown waerd fen de ûnstjerlike, fen God +bisiele natûr. Hjirmei forfalt aldergeloks ek it biswier fen de hear +Sipma, det ús lânsljuwe troch de bank net folle fiele for sok in +propaganda, hwent, mei it wier wêze, det in Fries fij is fen ropperij +for bûtenwenstige dingen, dêr ’t er yn syn deistich libben neat mei to +dwaen hawwe wol, it folts fielt jimmer for syn ljeafde.—Lykwol fergje +wy fen de fryske foarmannen yn dit stik fen saken fierders net mear; op +de krêft fen it folksaerd mei men sikerwier bitrouwe, sadet wy nou nei +to gean hawwe, ho ’t wy de taelbloei it bêst forsoargje en bifoarderje. + +Omdet in tael ûntstien is like goed ûnder ynfloeden, dy tsjûgje fen +mear as minskelike macht, as ûnder de twang en it wollen fen de +wrâldbiwenners, bistiet ek hja út siele en lichum, eat dat ivich bliuwt +en in ringen weiwirdend omskot, it lichum: de tael dy ’t jimmeroan +brûkt wirdt fen deistige minsken, en de siele: de utering fen it +krêftichste minskelik fielen yn bliuwende wirden; ef koarter en faeks +bigrypliker sein: in folsleine tael bistiet út in _sprake_ yn de meast +oarspronkelike biteikenis fen it wird en út in _letterkinde_. As wy yn +wierheit it goed miene mei de bloei fen ús tael, scille wy goed dwaen +ús oandacht oan dizze beide dielen to wijen, hwertwisken sa folle mûlk +harmonije bistean moat; for beide scil soarge wirden moatte, hwent in +ûnsuvere sprake by in heechfielde letterkinde is in grouwel, like goed +as in fris ûntwikkele sprake, dy ’t nea hjar rykdom liene koe om wirk +to leverjen fen dûrjende wirdij. + +Hwet nou nedich is om ús _letterkinde_ to bringen ta in hichte, det men +der ek as strang oardieljend kritikus mei achting oer sprekke kin, is, +scil men miene, al wiidweidich oanjown yn haedstikken II en III fen dit +wirkje. Dochs moat men wol bitinke, det ik it op dy siden allinne hie +oer omstânnichheden, hwerfen ik biwiiz’ge det hja for ús doel it +ginstichst wierne—sa de stifting fen Fryslân—en oer de wei, dy ’t de +fryske kinst yn to slaen hat, as hja hjar alteast better ûntwikkelje +wol—persoanlike en ûntwikkelingskinst—wylst ik stilswijend ûnderstelde, +bitrouwend op it achttal jonge frjeonen om my hinne, det der genôch +opkommende Friezen binne, yn steat de bloei fen ús letterkinde to +stypjen. En sikerwier bin ik dêrfen oertsjûge, det nou ’t it Selskip +fen 1844 der ta komme koe oan myn forsiik to foldwaen, wy folle moais +to biwûnderjen krije scille hwerfen wy foartiids gjin ealgjen hienen, +mar ho ’t in oanwinst fen sok in tal ûnthjittende, dielswize hjar nou +al uterjende skriuwers, stoffe wêze mei for bliere tofredenens, dit +bliuwt dêrom net minder wier det, ear ’t wy rêstich en wol-fornoege de +takomst tomjitte sjogge, dit tal op syn alderminst trijeris sa great +wêze moat. Dêrom bliuwt it de plicht fen ús allegearre, soarchfâldich +nei to gean eft wy jonge Friezen oan to wizen witte, mei oanliz for +wirkdiedige letterkindige stúdzje en hwaens ûntwikkeling net to +winskjen oerlit; en hwa scoenen hjir better for yn de gelegenheit wêze +as de ûnderwizers, minsken, hwerûnder forskate binne mei fieling for de +fryske saek en dy ’t jimmerwer sjogge, hwet yn de bern it measte +ûnthjit? Ik wiis hjir foarâl op it foarbyld fen de hear Sipma fen +Snits, dy ’t sûnder twivel yn dit stik fen saken al mear goeds ta stân +wist to bringen as somlike ûnderwizers op it lân, dy ’t dochs tahâlde +yn ’t formidden fen Frysk-pratende ljuwe. Litte wy ús lykwol foarâl to +wacht nimme, dizze jonge skriuwers opskoattelje to wollen yn in +steatlike foriening mei forheven karbrieven en oandwaenlike +talittingsdeftichheden, lyk wy dy to biwûnderjen krigen by it boun Jong +Fryslân, hwerfen de oprop, forslaggen en mear sok moais as in net to +dylgjen mislediging fen ús tael opnommen waerden yn de selskipsboekjes! +Forhâlding fen frjeonskip mei bloeije twisken hjar, dy ’t yn letter +dagen to soargjen hawwe scille for forriking fen ús skriftenkennisse, +mar hwêrom dochs dizze jonge geasten ta eltsoar bringe to wollen yn in +duf en skimmelich boun, hwerfen de leden alderearst +paedfynders-tsjinsten to dwaen hawwe for it Selskip, dat dochs ek wol +bigrypt, ho ’t de earste langstme fen in jong en krêftich minske is in +folsleine frijdom? Wis, it plan fen ús Gaestmarder Hear, sa in stik ef +tritich aeijen ûnder syn wjokken to lizzen, om dêr den kinstners út to +brieden fen like machtich talint as sines, wier wol treflik fen wizens +en tige to priizgjen om syn minlike bidêstens, mar de waermte, nedich +ta it ûntwikkeljen fen libben, like der net to wêzen, en do ’t, slimmer +yet, op in stikelfjild in jongfaem hânnen fol taelkindich sie bigoun to +struijen, strûsde de hoanne by de him tabitroude aeijen wei. Sels in +foriening fen fryske letterkindigen kin allinne tsjoeds ta stân bringe +en is bûtendat neist en tsjin it Selskip net nedich; de jonge skriuwers +scoenen ek wol swak fen moed en lef fen bitinken wêze moatte, as hja, +oanfitere fen wizer liedsljuwe, yn hjar striid for persoanlike kinst +stipe en die-krêftich holpen troch it útjaen fen it Wykblêd, yet langen +nei mear. + +Hwent hjirmei is wol alles oanjown, hwet men fergje mei fen it Selskip +en alle Friezen, om to meitsjen, det ús letterkinde net mei noed en +eangstme de rêd-oansweevjende folgjende jierren hoecht ôf to wachtsjen, +lykwol net hwet men to dwaen hat om de nedige en winskelike suverens +fen de _spritsen_ tael to biwarjen. Al seagen wy yn haedstik III, det +wy yn de ûntwikkeljende utering teffens in machtich middel hawwe ef +foarmje kinne om hollânske ynfloeden tsjin to gean, dochs knibbelje wy +net mei sok in forearjende oanbidding for hjar del, det wy, hwet +taelsuverens oanbilanget, alle heil fen hjar forwachtsje wolle, en it +sizzen wer uterje, troch de Friezen sa jamk yn ’e mûle nommen: „Sa +hawwe wy den yn ’t earst al wer genôch út ’e wei set.” Ommers dizze +kinst moat yn it deistich libben krêftige wjerklank fine yn de praktyk +fen skoalle, rjochtseale, tsjerke, as de ynfloed dêrfen útgean scil, dy +’t wy ús tinke; hjiroer yet inkelde wirden, dy ’t ik lykwol bidoel as +in persoanlike miening, hwerfen de krektens miskien maklik yn kiif +steld wirde kin, omdet ik, lyk men faeks al opmirken hat, better op dré +bliuw, as ik oer kinstsaken praet. + +1o. Oer it _ûnderwiis yn Frysk_ fornimme wy net folle mear as nou en +den in treastleaze en fortretlike meidieling, det de saek net to bêst +flotsje wol, omdet der sa folle biswieren oan fêst sitte, sadet wy +eltse kear wer in ljeaflike gelegenheit hawwe, om der ris binijd oer +nei to mimerjen, hokker biswieren dochs wol sa wichtich wêze meije, det +sok in bilangrike saek net genôch ta syn rjocht komt. Troch de bank +liket men der yet al eang fen to wêzen yn ’t iepenbier op dizze +ûnginstige omstânnichheden klam to lizzen, howol it eltsenien dúdlik +wêze moat, det de biswieren, as hja yn wierheit sa machtich binne, +inkeld oerwoun wirde kinne trochdet mear as oant nou ta, it hiele folts +meiwirket. Ik hoopje, det men my myn frage net kwea ôfnimme scil, +hwerom men bûtensteanders net earlik mei dizze biswieren bikend makke, +ljeafst yn de selskipsboekjes ef, hwennear men fen bitinken wier, det +sa de stimme yet troch to min minsken fornommen wirde scoe, troch in +rige artikels bygelyks yn de Ljouwerter Krante?[8] It fryske folts hat +der sûnder mis rjocht op, dúdliker fen hjarren, dy ’t bineamd waerden +for dizze taek en sa faken al bliken joegen, der ek for birekkene to +wêzen, oer sok in geastelik bilang ynljochte to wirden; it is myn +oertsjûging det de biswieren, ho skriklik hja den ek wêze meije, net sa +kretenzysk-doalhôfeftich binne, ef alteast ien scil de útwyk wol to +wizen witte. + + [8] Hwa ’t der op wize, det yn 1906 de Ljouwerter wegere oan it + Forsiikskrift oan Deputearre Steaten plak to jaen, scoe bitinke, det + der do praet wier fen in oanbigjin, noutiids fen in fierder gean op in + ienris ynsleine wei. + +2o. It mei bikend wêze, det ús _rjochterlike macht_ for fierwei it +greatste diel wol foldwaende op ’e hichte is mei ús tael, om tsjûgen en +biskildigen, dy ’t hjar ljeaver yn de eigen sprake uterje, to fetsjen, +mar nimmen hearde der yet fen, det de president ek yn it Frysk frege, +hwet dochs scoene men hoopje, net yn striid mei de algemiene rykswetten +wêze scil. + +Men scoe witte wolle ef dit to forklearjen is, trochdet dizze hearen ús +tael net machtich binne, ef trochdet hja hjar ljeaver hâlde oan it +brûkme, dat lange ieuwen trou folge waerd. Yn ’t earste gefal scoe men +der by nije bineamings op oanstean kinne de rjochterlike macht yn ús +lân ek oan Friezen ta to bitrouwen, wylst yn ’t oarde men inkeld +wachtsje kin, ef den nimmen moed genôch hat to hânneljen, lyk as er +sels wol ynsjocht, det it it meast praktysk is. + +3o. Hwet nou de _tsjerke_ oanbilanget, liket it my ta, det trefliker as +in hopen gepraet en geskriuw, hwermei men meastal net mear opsjit, as +det de partijen fêster bisletten en grimmitiger as ea foar eltsoar +komme to stean, is in ienfâldige die as dy fen ds. Wumkes en oaren, +hwaens moedich weagjen net nôch to wirdearjen is for it bilang fen ús +tael. Ik stean der dos mei klam op oan, det dit foarbyld hwerfen wy +moaije útkomsten seagen, neifolge wirde scil troch allegearre, dy ’t +hjar dêrfor birekkene achtsje, en scoe it in prizenswirde die neame as +sokken, dy ’t hjarsels net bitrouden, der oer gear komme koene, ds. +Wumkes ris út to noegjen, ek yn hjar plak de hillige saken to +bihânneljen yn ús eigen tael, det de fieling for it Frysk by ús +lânsljuwe yet krêftiger wirdt. Hat ienris dit streevjen folle oanhing +foun, hwerop wy rekkenje meije, nou ’t wy al goed gefolch waernimme fen +it alderearste bigjin, den scille de tsjerkerieden en gemeinteleden +fensels ta it ynsjoch komme hok in weardich ding it is, yn in frysk +doarp in Fries as harder to hawwen, en men scil bitsjuttende oanwinst +krige hawwe for ús taelstriid.[9] + + [9] Yn dit forbân bring ik myn oprjochte hilde oan ’e tsjerkerie fen + Dearsum dy ’t, sa ’t ik fornaem, Ds Wumkes sels útnoege dêr in fryske + preek to hâlden. + +Fierders is der yet in saek, dy ’t howol faeks net sa bilangryk yn +wêzen en ynfloed as de trije boppe-neamde biwizen for de brûksumens fen +ús tael yn en bûten it deistich libben, docht net forwaerloazge wirde +mei, omdet ek hja folle goeds dwaen kin for de taelsuverens. Yn ’t +miene sein hearsket der ûnder de jongerein fen ús folts in ljeaflike +ûnforskilligens for de fryske saek, hokker sloppens slim kwea nommen +wirde kin, om ’t fierwei de measten nea net hearden fen in +sikerwier-bitsjuttende taelstriid, to min alteast om der ek mar in +bytsje bilangstelling for to fielen. Wol leannet it dos de moeite, ris +nei to gean eft der ek bûten it Selskip, toaniel-forienings en sa mear, +neat dien wirde kin om in ein to meitsjen oan dit ûnwit, en ek it +opkommende Fryslân to winnen for hwet wezentlik syn plicht is. + +Miskien scoe in forstânnige, mar dêrom net minder libbene, organisaesje +fen ús fryske jonkheit ûnder fryske lieding goeds dwaen kinne, hwerby +men foarâl hjirom tinke moast, det men jonge minsken net oanfiterje mei +ta droege taelstúdzje, sûnder det men as tsjinwicht soarget for +útspanning yn sport, dy ’t lokkich tsjinwirdich yn ús lân him ek mear +en mear bigjint to ûntjaen. To’n earsten wier it al tige moai as wy +keats-, iisklubs ensf. der ta krije koene de stive, offisieele +hollânske tael, dy ’t faek sok in ûnbihaechlik stimpel jowt oan de oars +sa sellige byienkomsten, to forfangen troch dy fen eigen groun. Wylst +ik dit wirkje skriuw, ben ik yet drok dwaende mei it útwirkjen fen de +plannen hwerop ik hjir doel, sadet ik, howol it my moeit om ’t ik jerne +sa dúdlik mûlk bin, hjiroer wol de ûngaedlike meidieling dwaen moat, +det ik my yet net yn steat achtsje oer dit stik fen saken praktyske rie +to jaen. Mar tinkelik haw ik letter wol gelegenheit op dizze saek yn +Forjit My Net ef Fryslân werom to kommen, hwet yn safier ek better is, +det ik den troch earst it útfier fen myn plannen hjir en dêr bisocht to +hawwen, sels oardielje kin oer hjar geskiktens. + +Om in goed oersjoch to biwarjen oer de fryske taelstriid en de +foarnaemste middels fetsje wy efkes gear: + +As ús winsken, dy ’t ik útspriek yn it bigjin fen dit haedstik, ea +forwezentlike wirde scille, moatte wy ús oandacht wije oan + +1. de fieling fen it folts for syn tael; dizze ljeafde wirdt wol it +treflikst oanmoedige troch sprekkers as de hear de Zee, dy ’t lykwol +hjiryn net allinne stean bliuwe mei; + +2. de bloei fen ús tael, to sizzen + +_a_. de skriftenkennisse; dizze hat allinne heil to wachtsjen fen nije +bigjinsels (persoanlike kinst, ûntwikkeljende utering), en soarge heart +to wirden for in fikse fryske oplieding fen jonge skriuwers. + +_b_. de taelsuverens; dizze scil tanimme troch romte ôf to stean oan de +ûntwikkeljende utering, troch yn skoalle, rjochtseale, tsjerke alteast +to’n earsten ús tael fakultatyf to stellen en troch organisaesje fen de +jonge Friezen. + +De greatste ynfloed op frysk gebiet giet út fen it Selskip fen 1844, en +yn it Selskip fen it Haedbistjûr; men forwachtet det de Algemiene +Gearkomste hjiryn nea wer frysk-forriedende konservativen dildzje scil. + +De jong-fryske biweging wijt hjar krêften yn haedsaek oan trochfier fen +de nije letterkindige bigjinsels. + + +Sa hawwe wy dos dúdliker ynsjoch krige oer de fryske taelstriid sels, +witte wy better hwet hjar doel is en hawwe klearrichheit oer it forrin +fen dizze biweging, lyk as dit it suverst en winskelikst is, lyk as it +nei minskelike birekkening komme scil yn de earst-folgjende tiden ek. +Dochs bliuwt, al mei men oannimme det it greate merkteiken fen it +fryske karakter yet is in ynbânnige krêft, en det, sa opfette, it +stânfriezendom net, lyk fen somliken jamk sein waerd, ta it forline +biheart, der yet altyd de kâns bistean, det somlike ljuwe moedleas +stoarje nei it boppe oanjown, folle-omfetsjend program en det mear as +ien uterje scil it ûnbihaechlik bitinken: „Wis, dat alles is tige +forstânnich úttocht, mar de oermacht is sa nearzige great, det wy yn ’t +ein dochs forslein wêze scille; sa is dos de striid omdôch en hwerta +den yet to bigjinnen?” + +Ik fiel det ik oanstriid krij om hjir minder bidaerde en wol-oertochte +wirden to brûken, as ik oant nou ta, tinkend om myn lêzers en it doel, +dat ik mei dit wirkje haw, yn ’e mûle naem. Mar my wer to foaren +hâldend, det in lyriske boai fen lilke tael hiel hwet minder to weech +bringe scil as in ienfâldich-birekkenjend wjerlizzen fen dizze miening, +scil ik bliuwe by de hâlding, dy’t ik yn dit wirkje oant nou ta +biwarre, en biwiiz’gje, det dit bitinken, howol maklik to forklearjen +en dêrtroch faeks ek wol to forjaen, dochs hielendal net oerienkomt mei +de wezentlike tastân, det earder oarsom de omstânnichheden ús +bitrouwende moed jaen kinne om ûnbisoarge, mar dochs jimmer soargjend, +de takomst yn’e mjitte to gean. Litte wy dos earst neigean, hwa ’t +eigentlik ús fijân wêze mei, eft der wol reden bistiet eang fen him to +wêzen, en mocht it ús talykje det dit sikerwier sa is, den op hwa ’t wy +rekkenje meije, as trouwe bounsnoaten. + +En foartdalik wirdt it ús den klear, det mei de striid op ús rêstige +mieden ek gean tsjin in frjemde sprake, dêrmei hielendal net miend +wirdt, det wy ûnder alle omstânnichheden, it Hollânsk to biskôgjen +hawwe as fijandinne; hwent inkeld wolle wy war dwaen, de ynfloed fen +dizze sprake op ús tael hjir yn Fryslân to kearen, wylst wy der nea net +om tinke scoenen to sizzen, det wy tsjin hawwe op it brûken fen +Hollânsk yn hiel de oare wrâld, hwerearne it den ek wêze mei, mar dizze +sprake earder tawinskje in rom taelgebiet. + +En fierders hat men yen dizze striid hielendal net sà to tinken, det +tsjin ús iverjen for de fryske tael de Hollânners bisiikje scille ús +sprake sa folle mûlk neidiel to dwaen; hwent dêr jinsen wier men jimmer +dôf for ús saek en wegere men ús freegjen om mear rjocht, om mear +bilangstelling alteast, faken to forstean en omdet sok in dôvens ús +noutiids gjin skea mear docht, scille wy wiis dwaen net to bisiikjen +dizze syktme to genêzen. + +Sa mei men dos ús striid mear lykje by it streevjen fen warbere +minsken, om it jimmer-rizend wetter to kearen bûten de kriten, dy ’t +yet droech bleau, ho ’t dêr omhinne it wiet ek stadich omhegens skoude, +en dy ’t dat bliuwe scil, omdet de krêft fen de mânljue dy dykje +greater is as dy fen ’t wetter, dat ringen wer falt, as minlik de sinne +wer glimket. + +Mar nea net wolle wy biskôge wirde as minsken, dy tsjin hawwe op in +fêste en krêftige iendracht fen hiel it Ryk; as wy bisiikje it wird +„Fryslân for de Friezen en it Frysk” to meitsjen ta seine wierheit, +easkje wy allinne wer de rjochten, dy ’t men ús lang lyn binaem. +Mochten wy dêrby in tsjinwirking ûnderfine, stoefer as wy fordrage en +dildzje koenen, den kin der wol gjin twivel bistean, ef ienris scille +wy witte to anderjen mei it oprjochtsjen fen in frysk-naesjonale +partij, mar sels den scil dizze net yn hjar findels skriuwe: „los fen +Hollân” hwent yn de lêste ieuwen learde Fryslân him to bûgen—mar +allinne oanstean op it earbiedingen fen ’e rjochten fen ús tael, dêr ’t +wy net búten kinne. + + + + +V. + + +For ús, dy ’t yn steat binne ús in oersjoch to foarmjen fen hwet barde +yn de tiden, dy ’t aldergeloks efter ús lizze, en dy ’t as strange +ierdske rjochters oan to wizen witte, hwet yn dieden fen ’t forline +krêftich wier ef ôf to karren, moat it wol makliker wêze as for de +ljuwe eartiids, der hichte fen to krijen hokker gefaren yn de neiste +jierren foarâl fen ús mijd wirde moatte. Hwent mei in minske, âlder +wirdend en jimmerwer nije ûnderfining en wizens garjend, sims +fortretlik wirde, as er werom tinkt oan misslaggen, lang forlyn fen him +bigien, en mei hy sa altyd wer klearder ynsjên, hwerfor er him letter +to wacht to nimmen hat, mear is dit yette wier for in hiel folts, dat +ommers net bistiet út ien libben mei ien ûnderfining, mar earder neamd +wirde moat in mienskip fen minsken, tige forskillend yn fieling en +tinken, mei ryk forskaet fen bifinen dos ek. + +Hwet ús taelstriid oanbilanget, bûten in pear ûnbitsjuttende +tsjinslaggen, dy ’t jimmer to forklearjen wiernen troch ûnginstige, +tidelike omstânnichheden en dy’t gjin bliuwende wearde hawwe, wiernen +der oant nou ta gjin wichtige tsjoede ynfloeden mei earnstige gefolgen, +dy ’t ús de eagen iepenje koene for gefaren, dy ’t ús bidrigen sûnder +det wy it sels wisten. Mar hiel oars stiet it mei ús frijdom, dy ’t wy +al sokke lange ieuwen misse en dy ’t net bilies jown hat as nei tiden +fen hjitte striid, hwerfen ek wy yet leare kinne. + +It frysk karakter den is yn ’t earste plak krêftich yn dizze +bitsjutting, det in Fries maklik alles, hwet yn striid is mei syn +persoanlike opfetting, minderweardich achtet en, oertsjûge fen de +treflikens fen syn eigen ynsjoch, fen gjin rêst en frede wit ear ’t it +libben alhiel sa rint, as neffens syn bitinken it bêste is. Great +forskeel lit dit foartdalik sjên mei somliker súdlike foltsen, hwaens +winsk it like goed is hjar nea net to skikken en yn alles hjar eigen +sin troch to setten, mar dy ’t bitrouwend op it fielen mear as op it +tinken, meast to wirk geane neffens de tafallige rite fen in amerij, +sûnder djip nei to tinken oer de inerlike wearde fen hjar doel. In +Fries is nou ienris, allicht oarspronkelik dêrta twongen troch de +oerstjûre wiksel fen waer en wyn yn dizze kontreijen, wend by alles +hwerfen er it great bilang fielt, lang nei to mimerjen en jamk al to +soarchfâldich it for en tsjin to hifkjen, sadet by dit stil en rêstich +libjend folts de inerlike striid meast wol minder forheftich, mar dêrom +net minder djip en binammen langer fen dûr is as hwer de sinne +krêftiger hearsket; earst as it tinken net komme kin ta in útkomst, +rieplachtsje wy de fieling en litte oan dizze it lêste wird. Mar as wy +der einlings nei lange dagen fen stadige striid, ta oergien binne in +bislút to nimmen, den wolle wy faken jerne miene, det krekt om ’t wy sa +soarchfâldich it goed en tsjoed hifke hawwe, dit bislút nou ek tsjûget +fen wiis ynsjoch en, leauwend oan de alles-oerljochtsjende treflikens +fen ús eigen opfetting, geane wy mei moed en foarâl mei selsbitrouwen +elts tomjitte, dy ’t it weaget oer sok in wichtige saek in oare miening +to hawwen as wy, om’t wy hjir dochs, lyk as wy eltsenien hearre litte, +sok in bisûndere stúdzje fen makke hawwe. Hiene wy nou yet hwet mear +forstân, den scoene wy by ús sels tajaen, det de oar dy ’t ommers fen +deselde stamme is, sûnder mis allike min in bilangryk bigjinsel +fordigenje scil, as ek hy dêr net lang-rêstich en +forstânnich-birekkenjend oer neiprakkesearre hie, sadet wy wol fier fen +dy oar ûnskiklik to bijegenjen, minlik en fordildich oanhearre scoene, +hwet der wol to sizzen wier for syn opfetting, om dêrnei yet ris nei to +gean, ef hwet wy seinen den dochs sikersonk minder folmakke wier, as wy +sels wol hawwe woene en sa faeks ringen wer fen nijs oan to bigjinnen. +Mar—aldergeloks hie ik hast sein—sok in folslein forstân bitochten de +goaden ús net, det neist it tinken for it fielen gjin romte mear wêze +scoe; hawwe wy ienris in bislút nommen, woloan, den is dit in útdragen +saek for ús wirden en den jowe wy hommels oan ús fielen sok in +oerstjelpjende krêft, det as immen it bistiet tsjin ús miening op to +kommen, wy him skildich achtsje oan misledigjen fen de persoanlike +hilligens en mei in suchtsjend sizzen: „As hy him den net bikeare litte +wol, ja, den bliuwt allinne de striid mear oer”, wirdt der den in +bigjinseloarloch oankindige, dy ’t almeast net mijen, mar fûleindich +fen aerd is. + +Mei der immen wêze dy ’t by dizze teoretyske biskôging net neilitte kin +efkes meilydsum to glimkjen en miene, det immen dy ’t der sa oer +redendielt net foldwaende op ’e hichte is mei it wiere wêzen fen ús +folksaerd, him wiis ik nei de mistreastige en fortretlike praktyk fen +ús skiednis, binammen nei it neargeastige diel, hweryn forhelle wirdt +ho ’t Fryslân syn frijdom forlear. Sims, lêzend fen de Middelieuwen fen +ús lân, wirdt it forskaet en de drokte fen de partijen sa +forbjusterjend, det men sin kriget, oan to nimmen, det dodestiids elts +mar tsjinne syn eigen bilangen, en him inkeld oansleat by ien fen de +meast mânske partijen, as it persoanlik foardiel it sa woe; yn dizze +skimerige dagen uteret him klear de net to teamjen drang nei striid, dy +’t altyd diel wier fen ús wêzen, noutiids net sa dúdlik mear, omdet +like goed yn de greate mienskip as yn bisletten forienings, der folle +drige wirdt mei minder nochlike straffen, dy ’t sok in utering fen +striidsin witte tsjin to gean en sa de langstme sels machtleas to +meitsjen. Bûtendat wist men yn dy skiere dagen net fen saneamde +biskaving, hwerfen men wol ris lústere hat, det hja de measte minsken +it alderrouste wit to binimmen, al komme wy yn de lêste moannen lokkich +wer hwet skeptysker tsjinoer sok ûnbiroaid praet to stean, omdet wy der +einlings hichte fen krije ho ’t dizze biskaving inkeld bliuwt in ding +fen de bûtenkant en dos fen minder biteikenis; det dêrtsjinoer de +machtichste minskelike langstmen jimmer deselde bleaun binne en bliuwe +scille, wachtsjend allinne op in skok, om hjar wer mei skriklike krêft +to ûntjaen. Sa fine wy dêr yn de drôve skiednis fen ús lân in swier +biwiis, det in Fries jimmer twongen wirdt ta striid, om ’t er syn +persoanlik tinken, hwerfen er wit det it greate weardij hat, biwarje +wol tsjin eltse twang, eltse oanfal, eltse ynfloed sels fen bûten, en +omdet er libbet yn ’t formidden fen syn lânsljuwe, striidt er sûnder +ophâlden tsjin minsken fen deselde stamme. + +Tige earnstich liket nou hommels hiel de saek ús forhearde eagen ta; +moedleas is wis it bitinken, det fen hiel ús bisiikjen mar in bytsje, +to min sels, to ljochte komme kin, hwent frjeonskip, as dêr ’t ik op +wiisde oan ’t ein fen myn earste haedstik, mei mûlk wêze twisken +minsken mei itselde doel, dy ’t wend binne mei eltsoar to wirkjen en +folle omgong hawwe mei eltsoar, twisken alle ljuwe fen hiel in folts, +dy’t eltsoar faken net earder sjogge, as hwennear hja al as fijân tinke +en hânnelje, frjeonskip ta stân to bringen, soks liket sikersonk dochs +wol bjuster slim. + +—Mar, sa forfettet de stimme nei ús wiidweidich forhelle to hawwen oer +forskate lytsgeastige, mar dêrom net minder fûleindige rûzjes: as de +hollânske greven kamen, den wier meastentiids dalik hiel it folts wer +ien... + +Dat is it hwet wy forgeaten, myn frjeonen: det wy better dwaen scoene, +mei, as wy dochs sjogge, det ús miening net troch it greatste diel fen +it folts oernomd wirdt, net to bisiikjen steech troch to setten, +hwerfen wy nou ienris mienden, det it it bêste wier, mar ús del to jaen +by it bislút fen de measten, sadré wy oertsjûge binne, det dizze it +selde for ’t forstân krigen hawwe as wy: det nammentlik eltse striid +binnen de poarten ûnforstânnich is en yet slimmer, as der bûten de +poarte immen stiet, dy ’t war docht ús ljeave stêd to oermasterjen. +Litte wy dos jimmer bitinke, det yn dagen fen striid mei it frjemde, +lyk as wy lang al bilibben en sûnder twivel yet lang meimeitsje moatte, +it forkeard en tsjoed for ús mien doel wêze scoe to dwaen, eft sok in +striid net bistie; litte wy fierders soargjend tinke om de treflikste +wapens en de krêftichste striidhynzers, wy allegearre, hwaens wirk is +for de bloei fen ús tael, om skielk as wy wer byeltsoar binne, +bitrouwend ek op it goede ynsjoch fen oaren, nei to kommen hwet +goedkard wirdt fen de measten. Yn lânnen om ús hinne swije de partidige +stitnmen, en wirket men ienriedich mei en neist eltsoar, omdet men wol +wit ho ’t inerlike striid ek hjar, dy ’t it bêste wolle, de dea dwaen +kin; scille wy dit foarbyld folgje, bitinkend det al ieuwen ek ús +striid geande is en de eigen tael yn gefaer, ef scille wy foartfarre +mei faken lytsgeastige strideraesjes? + +Litte wy wer neigean: wy stride for in ljeafde en in djûr bigjinsel, +hwerfen de oertsjûging ús machtige krêften tafoeget, wy steane neist +eltsoar iendrachtich en ienriedich fen wyt en fen wollen, towile men yn +Hollân faeks ús streevjen mei weardearring oanskôgje scil; dit alles +ûnthjit wol folle, mar tsjinoer ien dy ’t petearret yn ús tael steane +fiif-en-tweintich dy ’t heech hâlde de sprake fen it ryk. Sa, scille de +moedleazen sizze, binne wy yet net wis fen de oerwinning... + +Alwer bitwing ik myn oanstriid dizze minsken hird to fallen, dy to +folle tinke, mar to min ef forkeard fiele, en wer scil ik, dy ’t er +sels forwûndere oer bin, det ik sa forstânnich en birekkenjend wit to +skriuwen, my ynbine; for de twade kear siz ik: sûnder folle ynspanning +ûntwikkelje wy yet mear krêften. + +Faek wier ik binijd as ik, lêzend in Hollânsk letterkindich tiidskrift, +jimmer wer foun in waerme en moaije ljeafde for de sudeliker ljuwe fen +hollânske stamme: de Flaemsken, op hwaens rjochten en krêftige striid +for hjar tael men aloan wist to wizen mei minlike ljeafde en djip-geand +ynsjoch, wylst men for de fryske saek, dy ’t dochs wis mear biwûndering +fortsjinnet, omdet ús tael yn hjar slimme striid net stipe wirdt fen in +machtige sister oer de grinzen, gjin wird fen weardearring oer hie. It +is dúdlik, det de moaijens fen skriftenkennisse op sok in saek dochs +mar in bytsje ynfloed útoefenje mei, omdet de taelstriid hielendal los +fen de letterkindige kwesje biskôge heart to wirden; hwent is yn +heechste ynstânsje de letterkinde net in wirk fen de minsken, mar de +tael in goadebern? Moat der den socht wirde nei in better forklearring, +den liket dit wol de oannimmelikste, det wylst de Flaemsken jimmer +folle ynnimmends fen hjar hearre lieten, wy Friezen, forneamd om ús +stilswijen, ek hwer ’t it gjin foech jowt, ljeaver stil ús wegen +gyngen, en al wierne wy der tige mei ynnommen as wy bilangstelling ef +eat hwet dêrop like, for ús saek oan ’e oare ich fen de sudersé mienden +to merkbiten, it ús dochs ûnweardich achten sels dizze bilangstelling +oan to fiterjen. Mar dochs, al weardearje ik dizze ynbânnigens ek tige, +omdet ik sok in dwaen fiel as eat krêftichs en dos eat moais, bin ik +fen bitinken det wy, sûnder kwea to dwaen oan de bigjinsels, dy ’t wy +foarsteane, gerêst yn Hollân hwet mear fen ús hearre litte kinne; dêr +scille bûten de Friezen dochs ek wol somlike oaren tahâlde, dy ’t as +hja fornimme hwet wy ús rjochten achtsje en hja foar ’t forstân krije, +det al bliuwt lyts de macht fen ús tael, hja dochs like goed sprake is +as it Hollânsk, yn steat binne mei ús mei to fielen for de moaijens fen +ús ljeafde, al kinne hja, salang al ús rjochten net yn acht nommen +wirde, tinkelik op taelgebiet gjin frjeonen fen uzes wêze. It scoe my +al tige nij dwaen, as der, hwennear wy mear fen ús hearre lieten en mei +mear klam ús saek bipleiten, wer twa partijen ûntstiene, hwertwisken de +skied lyk foel mei de politike grins (men tinke hjirby oan hwet yn +Ingelân barde: de Unionisten yn hjar forset tsjin de liberalen, dy ’t +opkamen for it Ierske _home rule_), en hwerfen ien de fryske saek, wier +it den ek net mei fjûr, bistride scoe. Sûnder twivel scoe der nea net +folle fen sokke partijen to fornimmen wêze, al bliuwt der gefaer +bistean, det, as wy foarderen mei ús striid, somlike ljuwe, dy ’t net +foar ’t forstân krije kinne, det wy in geef en soun diel fen it ryk +útmeitsje scille, as men ús folsleine frijichheit jowt yn taelsaken, +wer bigounen to roppen fen provinsialisme en mear sok moais.— + +Wy binne miskien der to folle yn biwend by de namme „Fryslân” to tinken +oan it haedlân twisken Dokkumer Nije Silen en Starum, Harns en de +Stellingwerven; it mei wier wêze det dêrre de measte Frysk pratende +ljuwe toevje en de libbenskrêften fen de sprake dêr as needsakelik +gefolch it meast forneare kinne, dochs wenje der, lyk as ús bikend +wirden wêze mei yn de lêste jierren, nou ’t dizze saek aldergeloks mear +ta hjar rjocht komt, yn it Westen fen Sleeswyk ljuwe bisibbe mei ús yn +bloed en tael—in earmtlik oerskot wol fen hwet ienris Magna Frisia +wier, mar wezentlik dochs ús broerren, fen hwa ’t wy inkeld al hâlde +omdet hja, allyk in lyts, mar fleurich-grien eilân yn +forheftich-weagjende sé, ienlik stean bleauwen. De njonkenlytsen +forneamde oprop fen ’e hear De Clercq, ien fen de moaiste dieden den +ek, hwerop wy yn de lêste jierren romje koene, hat einlings nije +oansluting ta stân brocht twisken de West- en Noardfriezen, dy ’t yet +mear it karakter fen in frjeonebân krige do ’t somliken fen ús fryske +foarmannen der oer gear kommen wierne, persoanlik dizze fiere, mar ús +dêrom net minder ljeave sibben to bisiikjen. Ek for ús scoe it spitich +en neidielich tagelyk wêze as it fryske libben, dat dêr sa moai oan ’t +bloeijen wier en ús herte fornoege, to neate gean moast yn dizze +oarloch, omdet der sikersonk mear for it bihâld en it foartsterkjen for +de tael dien waerd, as men easkje mocht en forwachtsje koe by sok in +lyts tal minsken ûnder dútsk regear, ja sels nei forhâlding mear as by +ús, dy ’t dochs, foarâl yn in hopen ta weismiten kearde rymkes, der +jamk sa heech fen opjowe, hofolle wy for ús tael oer hawwe (it +merkteiken is tjinwirdich „ynmoai”, for in tweintichtal jierren wier it +fêst „swietlûdich”; ek hjir in twingende moade!). + +It is ús plicht, dêroer to weitsjen, yn safier wy dêrta yn steat binne, +hwent in earnstich forlies scoe it for ús wêze as ek dit fiere, frisse +libben dat ús altyd wer wytge fen tiden, do ’t ús lân machtich wier en +sa ek ús moanne ta moedige dieden, for goed daet waerd en tige scoene +wy hjar misse, dizze broerren mei hjar kleare, blauwe eagen en blond +hier, dy ’t gâns mear as wy sels yn uterlik de âlde Friezen lyk +bleauwen. + +Mar al is tichter oansluting fen West- en Noardfriezen for beide fen +greate sedelike wearde, it scoe tsjûgje fen leffens en strang to +kastijen selssucht, as wy forwachten, det dizze warbere striders, dy’t +sels al sa danich to fjochtsjen hawwe tsjin de ôfbrekkende macht fen +Deensk en Dútsk ús, dy ’t folle sterker stean moasten as hja, stypje +koenen yn de striid tsjin it Hollânsk. Earder scille wy ús der op ré +meitsje moatte, om, hwennear de tastân fen ús eigen tael it talit, hjar +by to stean yn ûnderskate opsichten, al is dit fensels in soarch fen de +fiere takomst; hwent jimmer bliuwt it for ús in saek fen great bilang, +det dêr yn ’t Noarden fen Dútsklân ljuwe wenje, dy ’t rekkene wirde +kinne ta de fryske stamme,—letter sjocht men soks faeks better yn as +nou. + +Underwiles wirde wy troch de wolkomme oansluting by ús fryske broerren +yn ’t Noarden dos neat net sterker yn ús striid tsjin in frjemde tael +yn ús eigen lân; wy scille yet siikje moatte nei bounsnoaten, dy ’t, +howol hja to ’n earsten ús net hoechden to stypjen, omdet ek sûnder +hjar helpe ús saek yet net hopeleas liket, dochs mocht it ris bigjinne +to knipen, ús krêftich byspringe kinne, in soarte fen reserve dos. +Dizze bounsnoaten moatte minsken wêze, hwaens aerd en karakter nei +bisibbe binne oan dat fen ús folts, omdet in mieningsskeel, útdijend +faeks ta striid mei dizze helpers for ús sels sa fordjerlik wirde koe, +det wy fen ús doel fierder ôfstaet waerden as ea foartiids, en moatte +yn steat wêze mei to fielen yn ús geastelik bistean, omdet as wy mei +fjûr in saek fordigenen, fen hjarren waerme bystân wachtsjend, wylst wy +al ringen yn pleats dêrfen in kâlde, ûnforskillige hâlding by hjar +merkbite moasten, dit faeks great neidiel dwaen koe oan de frjeonskip. +Dizze bounsnoaten moatte minsken wêze mei frysk bloed, omdet in boun +ûntstien út suvere birekkening, sûnder ynlike fieling, it waerme libben +mist, dat it bliuwend meitsje kin en tideliker is as it wifste +simmerblomt, mar ien twisken broerren fen it selde hûs for beide net +oars meibringe kin as seine en wolfeart. Dizze bounsnoaten moatte, ho +machtich en great, yn haedsaek deselde bilangen hawwe as wy, biwenners +fen in útherne fen de wrâld, hwent wy wolle net út it each forlieze de +wirdij fen it sizzen, earder yn oar forbân al oanhelle, det lokkich to +priizgjen binne hwa ’t mei eltsoar gean, dêrta twongen fen hjar ljeafde +en hjar bilangen. + +Dizze bounsnoaten moatte minsken wêze mei in tael, dy ’t yn rju folle +punten liket op dy ’t wy sa trou biwarren, omdet in dúdlik biwiis fen +us bisibbens nedich is for folle ljuwe, dy ’t earst frjemd foar hjar +fiere sibben stean scoenen; en it is winskelik det hja wenje yn oarden, +dy ’t net to fier fen uzes lizze. Mar hwet fen it aldermeaste bilang +is: hja moatte oertsjûgjende bliken jown hawwe to fielen for de +rjochten fen lytse foltsen en hjar tael, en de moed hawwe dizze fieling +to fordigenjen, hokke machtige fijânnen der dêrom ek tsjin hjar +opstienen. Dit binne wichtige bitingsten, en dochs mei net ien dêrfen +forwaerloazge wirde omdet men maklik ynsjocht, det it better is allinne +stean to bliuwen yn de swiere striid, sûnder to rekkenjen op de stipe +fen oaren, as fen yens bounsnoaten mar healwei folge to wirden, sadet +der al licht wriuwing mei hjar ûntstiet en de frjeonskip forkoellet ta +ûnforskilligens, en út wrok oer dizze ûnforskilligens sels foroaret yn +hate, hwet earnstige gefolgen meibringt. Mislearret it ús dos sokke +bounsnoaten for ús to winnen, den binne wy, ho ’t it de moedleazen +ûnder ús ek moeit, oanwiisd op eigen krêften en allinne scille wy +fierders hawwe to striden, oant wy warrich binne en langje nei rêst, +oant it ein komt det wy ús sin krije, ef oan de binijde wrâld sjên +litten hawwe, ho ’t ien fen hjar heechstbijierre talen en dêrnei faeks +ek ien fen hjar âldste foltsen de wei nei Walhalla bireizget. + +Mar sikerwier, dit liket net nedich: hwent blyn moasten wy wol wêze, as +wy net seagen ho ’t der jinsen oan ’e oare ich fen de Noardsé wennet in +folts dat, al hat it tsjinwirdich ek in hillige striid to fieren for +syn bistean en it bihâld fen it plak, dat it ûnder de greate machten +fen dizze ierde ynnimt, lyk as oant nou ta jimmer yn syn romrofte +skiednis, it witte scil to winnen fen hwa syn greatste bigjinsels en +syn wichtichste bilangen bidrigen. De fryske foarmannen hienen it by ’t +rjochte ein, do ’t hja der op wiisden, det wy fen Ingelân ginstiger +omstânnichheden for ús tael to wachtsjen hienen; troch syn sedelike +stipe koene wy folle bidije, al hoecht de oansluting twisken dit folts +en ús to ’n earsten net to binend to wêzen, omdet wy ommers stride net +for de frijdom fen in lân, mar for de rjochten fen in tael en wy, lyk +as boppe al mei klam sein waerd, yn it gefal, det wy dêr jinsen greate +bilangstelling for ús saek machtich wirde koene, sok in stipe mear to +biskôgjen hawwe as reserve, hwennear somliken hjar ris op hinderlike +wize mei ús bilangen bimoeije woenen, en net as gewoane, wiere +striidkrêften. Wy Friezen geane ús eigen wei en scille dy jimmer gean, +mar binne altyd leard forsichtich to wêzen en hawwe neat gjin sin om +skielk, as men in grou berchblok op ús paed delkeile mocht, der mei +bilitsen antlit nei to sjên en—wol it meast to forspijen ding, det in +Fries him foar de geast krije kin—sels twongen to wirden in sydpaedtsje +yn to slaen. En fen hokker kant men den de saek ek biskôgje wol, jimmer +wirdt it ús dúdliker, det wy oanwiisd binne op Ingelân, dat wis wol +genôch krêften hat, hwerfen it biwûnderjen as wy sels moedleas wirde +mochten, ús wer treastgje en opfleurje kin. + +Hwent yet wit men to forheljen, ho ’t lange tiden lyn fen it fêstelân +mânske striderskloften teagen en weiswalken oer de woelige weagen, oant +der opriisde in lân, dat yn syn fruchtbere mieden folle wolstân ûnthiet +en hjar, wend oan de earmtlikens fen hjar bertegea, hwer ’t jamk krapte +wier en brek troch oerbifolking, útnoege dêr hjar stevige wenten to +bouwen; de swalkers hawwe de ynlânske stammen, dy ’t yn hjar +machtichste dagen for de Romers net wieken, fordreaun nei de fierste +hernen fen it greate eilân en wiernen ieuwen lang hearskers. Do’t hja +einlings bilies jaen moasten for hwa kamen út it Suden, bleauwen hja +yet in bisjuttend diel fen it ingelske folts, al moasten hja to’n +earsten machtleas oansjên, ho ’t it regear oergyng yn hânnen fen ljuwe, +hjar frjemd yn sprake en seden. En wytgjend wiist de skiednisskriuwer +ús derop, det ûnder hjarren dy ’t út de swart-skaedzjende bosken +weireizgen oer it warbere wiid, om op it eilân to hearskjen oant +machtiger stammen kamen, mei hwa ’t hja ringen torane scoenen ta ien +krêftich folts, ek folle Friezen wierne. Al sweijen wy oer dy bisibbens +lange jierren, omdet it net yn ús aerd leit minsken, dy ’t út hjar sels +net by ús komme, om bilangstelling en mear to freegjen, dit bliuwt +dêrom net minder wier, det fen forskate Ingelsken it âlde Fryslân it +stamlân is; al slomme de nei eltsoar lûkende fieling ek in hiele rek, +hja wachtet der allinnich op wekke to wirden en troch de rêst oansterke +scil hja yet krêftiger wêze. Forkeard en ûnwird is den ek it dwaen fen +somliken, dy ’t wylst hja dochs witte det Friezen sterk hingje oan hwa +’t it bloed hjar bynt, wirden sizze hwerút men ofliede mei, det hja fen +ús, dy ’t der rounom for oanskreaun steane, det wy der fij fen binne in +blêd for de mûle to nimmen, forwachtsje in nearzich en lef stilswijen, +in ûnforskillich oanskôgjen fen dizze wichtige, hwent de earste +biskavingsbigjinsels oanbilangjende striid. + +En yn it stik fen tael-bisibbens, hawwe wy ús der al lang net op +foarstean litten det hja yn ûnderskate bilangrike punten sterk oan uzes +tinke liet, ho ’t wy den sims ek stien hawwe ûnder ynfloed fen it +opskouwende Hollânsk en ús broerren oan ’e oare kant fen de Noardsé +heappen wirden oernamen fen latynske komôf? Den is yn haedsaek it aerd, +it karakter fen it ingelske folts en uzes itselde: beide like +birekkenjend, lang hifkjend it goed en tsjoed fen hwet men ûndernimme +wol, mar den ek rjocht oanstjûrend op it doel, sûnder yen dêrby fen +tsjinslaggen en tsjinwirking fen oaren forbjusterje to litten; dêrneist +itselde wêzen yn langstme en bigearte, dy ’t fen beiden lang yn hjar +utering tsjinkeard wirde, mar ienris fen bânnen ûntslein ek ninter it +hearskjen oerjowe. Den de gelikens yn bilangen: wy Friezen dy ’t yn de +striid for de rjochten, dy ’t wy to fordigenjen hawwe yn it stik fen +tael jerne rekkenje woenen op krêftige stipe fen it folts, for hwaens +wird men wend is oandacht en earbied oer to hawwen, wylst hja fornoege +wêze scille, as hja witte, det oan ’e oare ich fen de skiedende sé in +folts wennet, dat utering jaen scil oan syn tankberens for hjar +sedelike stipe, hwer soks foech jowt: sa wirdt it ús dúdlik, det dizze +de bounsnoaten wiernen, nei hwa ’t langjend en fortretlik fen twivel de +moedleazen ûnder ús sochten—en earlik en iepen sein, hwa ûnder ús, dy +’t nea net soarch hie oer de ôfrin fen de striid? + +De wichtige frage, dy ’t goed en folslein biandere wirde moat, omdet +dêr sa folle bilangryks fen ôf hinget, bliuwt dos dizze: ho bringe wy +tichter en steviger oansluting mei Ingelân ta stân? + + +Al is dizze langstme nei tichter oansluting by it lân oer de sé yet nea +net mei de dúdlikens utere, dy ’t ik miende ek hjir biwarje to moatten, +dochs kin en mei ik net sizze de earste west to hawwen dy ’t hjar +fielde, omdet der yn de skiednis fen ús taelbiweging fen de lêste +jierren bliken binne to finen, det noch oan ingelske en fryske +taelkindigen, noch oan in diel fen ús folts, nij is hwet ik niis +útspriek. Twa dingen wol ik op wize, dy ’t der neffens myn bitinken fen +tsjûgje, det sok in oansluting net lang mear op hjar wachtsje litte +scil, en dy ’t sadwaende fen like folle bilang binne for ús taelstriid +as hja fortuten dien hawwe en dwaen scille for de bloei fen de fryske +taelwittenskip. + +Neidet dûrjende de hiele njoggentjinde ieu de stúdzje fen dizze +taelwittenskip en -skiednis for fierwei it greatste diel bioefene wier +fen dútske learden, fen Friezen mar for in lyts diel, wylst men mar +komselden in ingelske namme neamen hearde, is hjiryn mei en koart nei +it bigjin fen de tweintichste ieu in bitsjuttende foroaring kommen. De +Dútskers geane fierder mei hjar oandacht ús tale ta te wijen, yn safier +hja piele mei djip-geande taelstúdzje, al wit it jonger slachte net +mear dy krêften to ûntwikkeljen, hweroan wy njonkenlytsen by de dútske +learden wend wiernen, wylst yn Fryslân de bêste en dreechste +tael-bioefeners as hjar bitinken uterje, det dizze for ús tael sa +bilangrike stúdzje like folle en mear forsoarge heart to wirden fen +soannen út it eigen lân as fen ús eastlike bûrljue en—tige wichtich +forskynsel dit—der yn Ingelân somliken bigjinne mei oandacht de +oplibbing fen Frysk to folgjen. En nou is it treastelik to sjên, ho ’t +foartdalik de oansluting twisken de fryske en ingelske learden ta stân +komt, hwerfen by de Dútskers, hwaens wirk dochs hwet dit oanbilanget +tige to achtsjen en wirdearjen is, nea net praet wêst hie, alteast +hyn-efte-nei net yn dy miette, as wy tsjinwirdich mei de minsken út it +West waernimme. Yn dit forbân heart foarâl neamd to wirden it +trijemanskip De Clercq-Sipma-Craigie, hwerfen op dit gebiet, lyk as +bikend is, noutiids fierwei de measte krêft útgiet, sadet der alle +reden is oan to nimmen, det wy oer it plak fen it Frysk yn de +indogermaenske talen en net minder oer de forhâlding fen de fryske +„dialekten” nou de klearrichheit krije scille, hwernei al sokke lange +tiden winske waerd. En sa komt den út it greate ryk yn 1909 Dr. Craigie +oer nei syn fryske frjeonen om yn it lân sels nei de sprake, hwerfor hy +folle bilangstelling fielt, ûndersiik to dwaen en safolle mûlk mei hjar +wêzen op ’e hichte to kommen, hweryn hy op biwûnderenswirde wize +slagget; as gefolch dêrfen forskynt yn 1913 fen de hân fen in Fries, +nou de hear P. Sipma, de bêste biskriuwing fen it lûdwêzen fen ús tael +en spraekleare fen it Frysk, dy ’t wy oant nou ta ûnder eagen krige +hawwe, en diz’ kear howol it in wittenskiplik wirk is fen bûtengewoane +wirdij, net mear earne yn Dútsklân ef yn de Dútske tael, noch yn it +Frysk, dat dêrfor in to lyts taelgebiet hat, mar printe op de +University Press to Oxford en diel foarmjend fen de „Publications of +the Philological Society”. Yn forbân mei hwet ik hjir bihânnelje is +foarâl fen bilang de winsk, dy ’t de skriuwer uteret oan ’t ein fen syn +Preface: + +—May his (nammentlik dat fen Dr. Craigie) example be followed by many +in showing an interest in the study of my native language, which has +been overlooked and neglected for too long a time, + +en fierders de bikende utering, dy ’t nou ek fen Ingelsken fornommen +wêze kin: + +—But still more noteworthy is the fact that Frisian is of special +importance as a sister-language of English. From time immemorial +English and Frisian have had in common a certain number of +peculiarities in their system of vowels and consonants: these must have +been proper to the original Anglo-Frisian language... + +Hjir hawwe wy dos al in stikmannich oanwizings, det de oansluting +twisken de fryske en ingelske _taellearden_ ta stân kommen is, sadet ek +hjir aldergeloks de grounslach al lein waerd, hwerop wy, dy ’t dochs +ûnmûlk alle nedige herfoarmings it earst oanwize kinne, omdet ek ús +krêften ienris in ein nimme, inkeld mar hoege fierder to bouwen. De +oansluting, dy ’t nou alderearst oan bar komt en hwerby wy allinne tige +foarútgean kinne, is dy twisken de ingelske en fryske skriftenkennisse, +dy forwezentlike wirde moat, om in tsjinwicht to hawwen by de ynfloed +fen de hollânske kinst. Ek dit is net mear as de strange trochfiering +fen in bigjinsel, dat al fen de bêsten oannommen waerd en dêr ’t men +dos net mear oan ûntkomme kin; mei in pear wirden wol ik yet efkes +oanjaen, hwet neffens myn bitinken de bêste wei is for de oansluting +twisken de skriftenkennisse fen beide foltsen, hwerfen it gefolch +fensels wirdt, dat de beide naesjes better mei eltsoar bikend reitsje. + +In forearing fen somliken ûnder myn jonge frjeonen-meiwirkers, dy ’t +earst, ik jow it jerne ta, ek mines wier, mar dy tsjinwirdich by my +jimmerwer oan waermte en fieling fen ljeafde forliest, en my net mear +haget lyk as to ’n earsten, do ’t ik alles hwet tsjin folkskinst +skettere yet yn de earmen fleach, is dy for de hollânske ljuwe fen +tachtich. Nou mei dit miskien ek by somliken fen hjarren to forklearjen +wêze út wearze fen de folkskinst, hwerop wy yn Fryslân folle ûnthelle +waerden, en dy ’t men ús yet jimmer tapijt, en út ynlike forearing for +de persoanlike kinst—is dizze forklearring de wiere, den mei men dizze +biwûndering in lokkich forskynsel neame—, mar in greate kâns bliuwt der +bistean, det wy mar mak de miening oernimme fen hwa ’t yn Hollân alle +letterkindige wizens miene to bisitten en det wy _sa_ ûnder ynfloed +steane fen de kritikasters dêrre, det wy de macht net mear hawwe sels +to skiftsjen en sels to ûndersiikjen—hwet hiel hwet earnstiger liket—. +Hwent as wy ús eigen fris oardiel biwarre hiene, scoenen wy ringen +bigripe, ho ’t de hollânske skriftenkennisse troch de revolúsje fen +tachtich wol lottere waerd fen hiel hwet ûnwiers en minderwirdichs, mar +net oansterke yn inerlike sielekrêft en wezentlik al likemin yn +bliuwende wearde, en det men de hollânske letterkindige net yn wêzen, +mar yn gefolch earder lykje moat by de frânske steatkindige revolúsje +fen 1830, as by de Greate fen 1789. It wirdt sikersonk tiid det wy +ynsjogge, ho ’t njonken rju sonnettisten, dy ’t de ynlikste biwûndering +fortsjinje om de suverens, hwermei hja hjar heech-minskelike fieling +witte to uterjen, romanskriuwers as van Eeden en de Meester, bihearre +ta de wrâldletterkinde en det de alles-omfetsjende en folslein-suvere +kinst, hwerop ús tael wachtet om krêftiger as ea de takomst tomjitte to +gean, ûnmûlk ûntstean kin troch in slaefske neifolging fen ’e nijste +hollânske skriftenkennisse, hwerfen it oerstjûre wêzen ek yn +tsjinstriid is mei de rêst fen ús romme kontreijen. + +Fortsjinstliker as ús oer to jaen oan de lieding fen de hollânske +kritikasters, liket it, myn frjeonen, for ús mei eigen fieling en +oardiel ris nei to gean eft der oan ’e oare ich fen de Noardsé den +wierlik sa’n bytsje goeds skreaun wirdt, as men ús faken forkindige; +better as de omgong to siikjen mei de hollânske langhierrige en +forwieljassige jonge kinstners, hwaens iennichst doel it liket in +hopeleazen war to dwaen de minlike frânske swier, bihaechlikens en +lossens machtich to wirden, det men dochs foarâl net sjên kin ho ’t hja +opwoeksen binne op klaei- en fean-boaijem, liket it, oansluting to +siikjen mei de jonge ingelske kinstnerswrâld, dy ’t noutiids net tinkt, +mar docht, net skriuwt, mar striidt for it eigen lân. Troch, mocht it +mûlk wêze, tiden to toevjen dêr jinsen oer sé en ús jonge, dêr for ús +woune frjeonen, for hwa ’t jimmer ús fielen wier, to noegjen nei it +eigen lân, det hja witte hwet wy wolle en sjogge hwa ’t ús tsjinstiet, +stiftsje wy in boun twisken minsken fen it selde bloed. + + + + +VI. + +De Jongfryske Biweging en Geart Jans Fenema. + +Oan ’e reklame, dy ’t minsken as Canne, Hof en Rypma sa ynskiklik +wiernen to meitsjen for ús bigjinsels en wirk, scil it for in great +diel ta to skriuwen wêze, det it my sikerwier lokt is, mei myn kritiken +yn ’e Ljouwerter Krante, dy ’t oars—en ik siz soks mei greatskens—net +bjuster populair skreaun binne, dochs alle Friezen ús eigen lân to +birikken, dy ’t mei nocht al it wichtichst yn ús skriftenkennisse, +binammen dos de ûntwikkeling fen jongeren, folgje en ûndersiikje. Dizze +biskôgings, foarâl dy oer it wirk en it streevjen fen Jan fen ’e +Gaestmar, hienen, trochdet it oanfallen hearskip sa jamk syn mûle +foarbypraette, eigenaerdige gefolgen, dêr ’t wol de oandacht for frege +wirde mei, om ’t it sa mei forbjusterjende klearens bliken docht, ho +nearzich ûngeef de tastânnen yn ús skriftenkennisse wiernen foar it +opkommen fen ús, Jong-Friezen. + +Yn myn earste opstel, dat biskôge wirde moat as in ynlieding for ’e +hiele rige, wiis ik der op, det Jan fen ’e Gaestmar him yet jimmer +lokkich priizgje mei om it kommando oer in pear tsjinstfeinten, ljuwe +oars fen minder wicht en bitsjutting, mar dy ’t, nei oarders fen hjar +foreare Master krige to hawwen, mei nuvere redsumens al faker as ienris +de hiele Algemiene Gearkomste wisten to meitsjen ta in âlderwetske +poalske lânsdei,—sûnder krekt oan to tsjutten, hwa ’t ik hjirmei +miende. Lyk as ik forwachte hie, fleach de hear Canne, de forneamde +Gearkomste-Ropper, al foartdalik tsjin ’e lampe en frege yn in oerstjûr +stikje yn ’e Ljouwerter Krante my om biwizen for sok sizzen, dy ’t ik +dodestiids miende yet ljeaver net meidiele to moatten, sadet ik him +inkeld oanret haw, de skoech oan to lûken, as dy him sa krekt passe +mocht, dêr ’t er tige breinroer om wirden wêze moat. Nou lykwols fyn ik +frijichheit, hjir mei to dielen, hwet in lid fen it Haedbistjûr, dy ’t +yn Ljouwert lieding jowt oan it krite-libben (_net_ dos de hear Sipma) +my yn forbân dêrmei to witten die: det de hear Canne syn toanielstikken +lyk as „Rjochten en Plichten” tastjûrt oan ’e Gaestmarder Hear, dy ’t +him den oanwiist hwet dêryn forbettere wirde moat; det by de opfiering, +as it niismiende Haedbistjûrslid de hear Hof rounút seit, det er net +folle goeds sjên kin yn it stik fen syn frjeon Canne, dizze dit +forklearret as tige bigryplik, „om ’t Canne net alle foroarings +oanbrocht hie, dy ’t hy, Hof, him opjoech”; en det yn it krantsje, der +’t Hof haedredakteur oan is, sok in stik, netjinsteande dy +bigryplikens, dochs wer bioardiele wirdt op in ginstige wize, det it is +om der wé fen to wirden. De lieder fen it Ljouwerter krite-libben +fornijde my bûtendat, det him langlêsten hwet oanbrocht wier, dêr ’t it +yet klearder út waerd, det ik it by ’t rjochte ein hawn hie, do ’t ik +Canne in tsjinstfeint fen Hof neamde; ik haw der net fierder op yn +frege, om ’t ik fen myn gelyk wol oertsjûge wier, ek sûnder nije +biwiisstikken, mar kin de hearen Hof en Canne út goederbêstens yet de +rie jaen by dit Haedbistjûrslid fierdere taljochting to siikjen, dy ’t +hjarren sûnder mis den jown wirde scil, mear as hjar sels wol ljeaf is. + +Oan it ein fen myn fjouwer opstellen oer ’e Gaestmarder Hear joech ik +in pear gearfettings fen hwet ik sein en biwiizge hie yn myn kritiken, +in koarte oantsjutting fen ’e haedsaken, dy ’t letter noch fen Hof, +noch fen Rypma my sels mar mei it oanheljen fen sitaten ûntstriden +binne en dos biskôge wirde meije as algemien wier-field en oernommen, +sadet ik se hjir mei yet ynliker klam as to ’n earsten, herhelje kin: + +1. Om ’t it diel fen ’e „Klankboarne”, dat trochgean wol for djipfield +dicht, al dalik bliken docht inkeld to bistean út in heap ûnwiere, +rombommige utering, hwerfen eltse ynlike fieling skou is, docht men +forkeard en is men ûnbinlijk jinoer it wiereftich talint, as men de[10] +rimeler Hof forearet mei de dichternamme. + + [10] Noutiids wol ik hjir ynlaskje: _him dêryn uterjende_. + +2. Om ’t it oare diel bistiet út breklike oersettings en rymstikken, dy +’t hjar ek net útjaen wolle for mear as dat, kin sels de meast +ynskiklike krityk net de miening uterje, det mei de „Klankboarne” praet +wêze kin fen in forriking fen ús skriftenkennisse. + +3. Om ’t de mislearring fen ’e biweging fen 1905 foarâl hjiroan ta to +skriuwen is, det de hear Hof, howol dekadint fen ’e tachtigers, +oannommen waerd as hjar lieder op it fjild fen taelstriid en +letterkinde, is it net dúdlik hwer ’t de fortsjinsten fen de nou +bispritsen skriuwer to siikjen binne, en kin him, alteast to’n earsten, +for syn streevjen yet gjin liedende posysje taskikt wirde. + +4. Allinne den scil de hear Hof yn steat wêze ienris minder ûnsuver +wirk to jaen, as er, weromkommend op syn ûnbiredenearre sels-forearing, +en war dwaende him hwet suverens en rêstigens fen utering eigen to +meitsjen, mei de die tajowt, det syn rombom fen eren net fierder +biachte hoecht to wirden. + +Woe men dizze gearfettings mei fortuten bistride, den scoe men +oertsjûgjend taljochtsje moatte, det de „Klankboarne”, yn safier dizze +dichten bifettet, utering jowt oan suvere fieling yn oprjochte wirden, +det de rymstikken bjuster geastich binne, en de oersettings +fortsjinstlik; det de hear Hof gjin skild hat oan it mislearjen fen ’e +biweging fen 1905 en det er do ús taelstriid laet hat mei talint, wylst +troch it bistriden fen ’e twa earste de fjirde gearfetting fensels +krêftleas wirde scoe. Om ’t hjirta nimmen yn steat wier, kaem der fen +soks lykwol neat en hie de simmeleftich-wirden Gaestmarder Hear, dy ’t +jimmer yet yn ’e loksillige ynbylding liket to libjen, det er hearsker +wêze koe op Fryslâns fjilden, roun to sjên nei oare, mocht it ek wêze +minderweardige middeltsjes, om sa alteast yet hwet fen syn eren sa +krêftich prestige to biwarjen. Tsjin better witten yn biskildige hy my +derfen, det myn ienris ginstige miening oer syn wirk, omslein wier yn +in ûnfortsjinne-leechlizzende, _neidet_ en _omdet_ er my in bydrage for +syn krantsje, dat my do allinnich fen hearren sizzen bikend wier en +hwerfen ik net ealge det de Gaestmarder Hear bistjûrder wêze koe, +wegere hie plak to jaen. Dit sizzen, dat my oantaeste moast yn myn +namme fen earlik en oprjocht, allinnich sims hwet strang kritikus, koe +net ûnbistriden bliuwe, om ’t men oars fen my tinke mocht, det ik by it +bioardieljen fen in wirk gjin rekkenskip hold mei it bilang fen myn +tael, mar mei dat fen mysels en soks de saek, dy ’t ik fordigenje, wol +skea dwaen moast. Deselde jouns yet, det dizze lytse mar wol tige +Hof-eftige, ommers eltsenien nei him sels ôfmjittende, biskildiging +priele yn it Ljouwter Nijsblêd, hwerfen it gehalte dêrtroch dochs slim +rize koe, skreauwen myn frjeon Sybesma en ik neikommende stikken, dy ’t +gjin taljochting mear fen neden hawwe: + +Ljouwert, 5 July 1915. + +_Oan ’e bistjûrder fen it Ljouwter Nijsblêd._ + +Ik noegje Jo út, ynlizzen stikken op to nimmen, hwerby Jy nei ’t ik +hoopje mei blidens fornimme scille, det ek ik bisleat my de weelde fen +in pleitbisoarger to ginnen. Immen, dy ’t sels, om ’t er gjin man fen +it debat is, it bistiet in oar de kastanjes út it fjûr helje to +litten,[11] kin hjiroan, nei ’t it my taliket, net bêst niget hawwe. + +(_w. t._) D. KALMA. + + + [11] Ik doel hjirby fensels op ’e forhâlding Hof-Canne. Noat fen ein + Aug. 1915. + +_Oan Jan fen ’e Gaestmar._ + +Nei ’t ik Jou artikel lêzen hie yn Jou krantsje fen ’e 5te July waerd +it my ringen klear, det ik dochs eigentlik to heech stean om sels in +andert to jaen op sok in artikel, hweryn de ûnwierste biskildigings oan +myn adres utere binne sûnder ek mar in skyn fen biwiis. Dêrom bisleat +ik de hear Sybesma, dy ’t myn oandacht for Jou skriuwen frege, ynsjoch +to jaen fen ’e brieven en stikken, dy ’t hjirmei yn forbân steane om +dêr fierder it brûkme fen to meitsjen, dat himsels it bêst noaske. Det +ik sa gau ré bin mei in forwar leit him allinne hjiroan, det ik fen +bitinken bin, det men ûnwiere biskildigings net de tiid jaen moat +woartel to sjitten yn it moed fen ûnwittende minsken. + +(_w. t._) D. KALMA. + +_Achte Hear!_ + +De hear Kalma joech my frijichheit oer to nimmen út him tastjûrde +brieven, hwet mei dizze saek yn forbân stiet. As gefolch hjirfen mien +ik Jou oandacht for it neikommende freegje to moatten: + +It die my nammentlik bliken det de hear Kalrna syn earste artikel oan +’e Redaksje fen de Lj. Kr. tastjûrde, likernôch de 26ste Oktober ’14. +De earste brief alteast dy ’t er hjiroer werom krige, draecht de datum +31 Oktober. + +Yn ’t bigjin fen de moanne Novimber fette de hear Kalma it plan op syn +rige bydragen „Fryslâns dichters”, to ’n earsten for Slj. e. Rj. +skreaun, ôf to sluten mei in bisprekking oer Jins wirk as dichter. +Hjirfor wier nedich, det er de kinde mei Jins „Klankboarne” fornijde, +dy ’t er sûnt mear as in healjier net wer mei oandacht bistudearre hie. +It gefolch hjirfen dielt de hear K. mei yn it bigjin fen syn opstel oer +dr. Schepers, det yet yn hânskrift by him leit, en blikens de datum +skreaun waerd fen _3 oant 6 Desimber 1914_.[12] Dit bigjin is sa: + + [12] Alhielendal omwirke forskynt dit opstel nou yn ’e Ljouwerter + Krante. + +„Hwa de ynlieding lies fen myn earste opstel oer ús dichters, scil him +miskien yet witte to binnen to bringen, ho ’t ik dêryn ûnthiet to +bihanneljen it wirk fen Jan fen ’e Gaestmar, yn safier dit ryk is oan +dichterlike wearde, dos, scoe men allicht sa op it each sizze, somlike +lyriske brokstikken út syn proazewirk en, as haedsaek, de hiele +Klankboarne. For immen lykwol, dy ’t him net fen de wize bringe lit +troch hwet heech-opjaende rhetoryske bombast, noch troch in foarm, dy +’t lyk as oan alles bliken docht net út dichterlike fieling ûntstie, +mar hweroan, tinkelik mei ytlike switdrippen, machtich war dien waerd +om oan it dicht alteast in bjusterbaerlik kleurtsje to jaen—for immen +sadwaende, dy ’t net tofreden is as hy merkbyt mei al syn biwûndering +oan ’e bûtenkant to bliuwen, mar dy ’t earnstige moeite docht om to +kommen ta de inerlikste pit fen it wirk, scil it ringen dúdlik wirde, +det de Klankboarne, útnomd in inkeld fers det letter yet wol ris +bispritsen wirde kin, yn it djipste wêzen net mear is as de utering fen +in ûndichterlike geast dy ’t, it mei den wêze út ljeafde for de tael ef +út persoanlike earsucht, mei alle gewelt neamd wirde woe as de greatste +tsjinwirdige dichter fen ús lege lânsdouwen.” + +Fierders skreau de hear Kalma likernôch 5 Desimber oan de hear Sytstra, +samler fen F. M. N., det er net langer frijichheit foun, Jo, as dichter +eare to bringen. Miskien scil de hear Sytstra my de deugd dwaen wolle +de hear K. syn wirden oer Jins „dichterlik” wirk krekt mei to dielen. +Sels al wier dit brief fordwoun, den bliuwt my dit biwiisstik oer, det +de hear Sytstra yn syn andert oan de hear Kalma, det as datum draecht +_10 Desimber_, op dit oardiel oer Jins wirk yngiet. In andert op in +brief fen ’e hear Kalma oan syn frjeon B. Brouwer, hweryn er it selde +forkindige, is stimpele op de _5te Desimber_. + +De hear Kalma dielde my mei, det er, do ’t er syn bydrage tastjûrde oan +it Lj. Nijsbl., noch net wist det Jy hjirfen bistjûrder wiernen en det +syn direksje de selde is, as dy ’t ek útjowt it Nijsbl. fen Fryslân. +Soks koe him, yn Raerd wenjend, hwer Jou krantsje net bjuster bikend +is, bêst oerkomme. + +De _20 Desimber_ skreau er, lyk as men ûnder it artikel fine kin en lyk +as dos ek Jo bikend wêze koe, syn twad opstel oer R. Tolman. Hjiryn is, +lyk as Jy tajowe, al to fornimmen det syn oardiel oer Jins wirk wiizge +is, howol de brievekaert, hweryn Jy him de opnimming fen syn stik +wegeren, yn in slúfke siet, det stimpele is _29 Desimber 1914_. + +Hjirút docht bliken, det as er praet wêze kin fen in ûnweardige wize +fen bistriden, dizze inkeld oan Jou side to bikennen is. Jy uterje +tsjin ’e hear Kalma biskildigings, hwerfen Jy sels witte koene det se +ûnwier wiernen, wylst Jy oannamen, det er sûnder middels wêze scoe om +dizze ûnwierens to biwizen. + +Jy wirde hjirby útnoege sûnder útstel alles werom to nimmen, hwet Jy +mei it each hjirop tsjin de hear Kalma ynbrochten en yn Jou blêd dêroan +ta to foegjen det it Jo moeit soks skreaun to habben. Oars scil for de +hear Kalma de saek hjirmei net ôfroun wêze. + +Jins tsjinstré, +(w. t.) R. P. SYBESMA. + +_Alhowol it iennichste, dat de hear Hof wist yn to bringen tsjin myn +kritiken, dizze tsjin-better-witten-yngeande en ûnbiroaide biskildiging +wier, hat er wegere sels de fordigening fen myn frjeon Sybesma, dy ’t +dochs nea syn krantsje ûnginstich bioardiele hie, lyk as ik wol dien +haw, plak to jaen, hat er wegere de kopy fen ’e stikken werom to +stjûren, faeks hoopjend det wy gjin ôfskrift biwarre hienen, en is er +der mei gjin inkeld wird op yngien earder as de 21ste Aug., do ’t de +Algemiene Gearkomste dochs al mislaet wier troch syn ûnwiere +biskildiging, en er sels miende nij—spitigernôch wer like ûngeef—biwiis +to hawwen for ’e ûnkrektens fen myn kritysk ynsjoch._ Den, de 21ste +Aug. 1915, as net lyk forline jier, de sinne fortsjustere is, mar wol +it forstân fen ús Gaestmarder Hear—in minder ûngewoan barren dit—stiet +yn it Ljouwerter Nijsblêd neikommende skrutele útflecht to lêzen: + +„En de moarns nei ’t de jouns it earste diel dêrfen yn it Ljouwerter +Nijsblêd stien hie, hie ’k foart al in „Ynstjûrd stik” op ’t bureau, op +forsiik fen ’e hear Kalma skreaun fen syn frjeon R. P. Sybesma, in +learling fen ’e Poutsma-skoalle hjir yn ’e stêd; in jongkeardel, dy ’t +ek in goed fers skriuwt. Det stik, mei oan ’e ein it drigemint der by, +det ik mar sûnder útstel alles werom to nimmen hie, hwet ik tsjin ’e +hear K. ynbrocht hie en der oan ta foegje moast, det it my moeide, soks +skreaun to habben, „oars scoe for ’e hear Kalma de saek hjirmei net +ôfroan wêze,”—det stik, siz ik, dêr scil ik it fierder net oer habbe +(hm, hm! K.) Myn artikel „Unwirdige kritiek” wier in wearslach op +stikken fen K. dy ’t yn ’e Ljouwerter Krante stien habbe, en wol K. dêr +eat oer sizze, den is det it blêd dêr ’t er by forskine moat. Ik scil +den wol anderje, as ’t nedich is. Yn elk gefal: de redaksje fen it +Ljouwerter Nijsblêd wol fensels mei de hear K. _ef hwa ’t út syn namme +komt_ (skeanprint fen my, K.) gjin gedoente habbe, oant er net +weromnimt hwet er yn F. m. n. oer kranten skreaun hat (faeks scil dit +barre, ear ’t, der parren oan ’e finsterbanken groeije en de +Gaestmarder Hear in fortsjinstliker krantebistjûrder wirdt. K.) Om ’e +selde reden hat dy redaksje it briefke „Oan ’e bistjûrder fen it +Ljouwerter Nijsblêd” det de hear K. der by dien hie, oan ’e kant lein. +Mar der wier yet in briefke fen ’e hear K. by „oan Jan fen ’e Gaestmar” +en dêr sei er yn, det it him ... „ringen klear waerd, det hy dochs +eigentlik to heech stie om sels in andert to jaen op .....” ensfh. En +_dêrom_ hied er bisletten de hear Sybesma .... ensfh. Dy—mar hat dy +sels dit briefke wol lêzen?—stie dos net to heech .... (De Gaestmarder +Hear lies yn syn oerstjûrens, sûnder de bitsjutting fen ’e wirden to +fetsjen: it forskeel twisken Rintsje en my wier fensels, det, as ik +bigoun to skriuwen ik my sels fordigenje moast, wylst hy bûten it +eigenblik skeel stie en net de smoarge menear fen bijegenjen fen Hof +ûnderfoun hie, dêr ’t ik my oer fornoegje mocht. Hy hat it briefke den +ek wol lêzen ..... O Gaestmarder Hear, is de sinne den ivich +fortsjustere? K.) + +Do ’t ik net andere, mar de oare deis bidaerd-wei de twade helte fen +myn artikel forskine liet, habbe de beide baesmannen fêst wol ynsjoen, +det se hwet to gau west en ek to folle loslitten hiene, hwent in pear +dagen letter krige ik in koarte sommaesje fen ’e hear Sybesma, om him +sûnder útstel de my bikende stikken (to witten it ynstjûrd stik fen S. +en de beide briefkes fen K.) werom to stjûren, „dy ’t ik mei de nedige +taljochting nou opnimme litte scil yn ’e Ljouwerter Krante,” stie der +by. + +Ik hab neat weromstjûrd en tink ek neat werom to stjûren. De hear +Sybesma kin lykwol de twa postsegels, dy ’t er by syn lêst brief yn +die, werom krije, as er de reis derom dwaen wol. En in goêrie derby.” + +Ik jow eltsenien frijichheit, him in eigen oardiel to foarmjen oer ’e +wizânsje, dêr ’t de Gaestmarder Hear mient syn plichten as bistjûrder +op waernimme to moatten, ek de hear Hepkema, dy ’t wiis dwaen scil, as +er wer bistjûrders siket for in krante fen sines, mei hwet better to +hifkjen; ik wiis der yet op, det Hof myn kritiken útmakket for +ûnweardich, net om ’t myn oardiel en dos binammen myn gearfettings +bjuster ûnkrekt wéze scoenen, mar om ’t ik, lilk wirden om it wegerjen +fen myn wirk „De tinzen fen Fryslân”, dêr ’t ik net tankber genôch for +wêze kin, myn miening wizige hie, in biskildiging, hwerfen de +opsettelike ûnwierens biwiizge is. Myn gearfettings, hwerta ik dos kaem +nei soarchsum-neigeand ûndersiik, bliuwe stean as in bidriging for +elts, dy ’t de weardij fen ús sprake opofferje wol oan forearing fen ’e +ôfgod fen syn Ik; de Gaestmarder hear lykwol, skriklik bearend en mei +lûd gegûl, de hân hâldend tsjin it ûnderste diel fen syn rêch, dêr ’t +myn swipe faeks hwent al to pynlik strime, stroffelet keakeljend it +bureau fen syn krantsje, Galileëer Kerkstraat safolle, binnen en hjit +syn ûnderbistjûrders, sûnder útstel del to knibbeljen, him sa +fornoegjend yn ’e yllúzje, det men yet yn oanbiddende biwûndering +lústeret fen syn geny. Gerdyn: ein fen ’e earste útkomste. + + +Neidet dit mislearre Kloos-ke fen ús skriftenkennisse in toarn stien +hat to dounsjen fen oerstjûrens, rideljend fen simmeleftige +koartslangstme wer in wraem to dwaen op ’e jonge biweging, dy ’t him +wol-fornoege yn ’t spier kommen seach, ljochtet der troch de +tongerkloften fen ús Gaestmarder boppeloft in skriklike flikkerstriel +en prúst it hearskip forheftich, as teiken, det ringen „it donker swirk +syn tsjoed útspije moat”. „It is ús in wier en ljeaflik feest, soks to +oanskôgjen” sizze wy, en slagge de kape oer ’e holle, mar pakke meiien +de wirge dounser by syn baitsje, en sette him sa, det it measte fen +dizze snijende heil komt op ’e forheven kriten, dêr ’t hy, foar eagen +fen hiel Fryslân, stiet oan to gean, de fûsten rôljend en +wiid-útspriedend de earmen, lyk in houten-klaes, oan hwaens toutsjes in +opslûpen jonge lûkt, skodzjend fen it laitsjen, as er bar om bar de +foetten en earmen op en del gean sjocht mei krampeftich-gammele +biwegings. Dizze houten-klaes lykwol, net inkeld slacht er mei skonken +en hânnen, mar ek syn eagen rôlje en de noaskebril wibelet, det it in +wille is en in eachweid, dêrnei to skôgjen: sjoch him der stean, +oangeande hwer wy him yn in oerdwealske rite set hawwe, fordet hiel +Fryslân wearze krije scoe fen syn oerstjûre menear fen dwaen, lyk as de +Spartanen yn âlde tiden dronken hjar slaven boarnden, det eltsenien +merkbite scoe ho minderweardich in minske yn sok in tastân oangiet. En +wiles skûrt it swirk iepen en de heil tommelet del en kitelet de +Gaestmarder Fersenmakker net bjuster noflik en al mear bigjinne syn +eagen to rôljen en syn bril to wibeljen en syn earmen en skonken to +slaen: tsjinje wy him dos dalik in bidimjend middel ta en skriuwe wy +him lange tiden rêst for, hwent oars scoe soks einje kinne yn in +delirium, dêr ’t er dochs biwarre for bleaun wirde moat. + +Litte wy lykwol yn gewoan-rêstich proaze, lyk as wy jimmer wend wiernen +to skriuwen, (ik prebearre hjir in toarn utering to jaen, op in wize, +as dêr ’t Hof op wend is de jonge biweging to bistriden) forhelje ho ’t +de Gaestmarder Hear, neidet syn earste oanfal ôfstuite is op ús +rjochtfeardige bioardieling, bisiket de boppemeidielde gearfettings +hjar krêft to binimmen, om ’t er—bigryp ris oan—„dichterlik (!) wirdt +fen sin-oan-tsjoed-dwaen, sa ’t er tinkt det Nero waerd do ’t er Rome +barne litte scoe; sa ’t grif Lamech wier, do ’t er song: „Wier-wier, ik +scoe in man deije om myn woune, en in jong feint om myn bûde!” (Nommel +trijemanskip: Lamech-Nero-Hof! K.) + +„Det hab ik by riten hawn. + +„By riten, hwent sims kaem dy wearaksel yn alle wrake wer boppe, dy ’t +nei ’t ik tink, dôch lokkich yn alle sountinkende siele biskepen is, en +dêr ’t Jezus de heechste, treflikste utering oan jowch, do ’t er sei: +„As immen dy op it lofterwang slacht, hâld him it rjuchter ek ta.” +(Skandliker profanaesje barde der wis nea net yn ús skriftenkennisse; +hok for gelove Hof hat, kin minder skele, mar hwa ’t Jezus forearje as +de stifter fen ús godstsjinst, docht it pynlik sear, sok in namme yn +sok in forbân to hearren. K.) + +„En nou ’t it bigjin fen hwet ik forwachte pleats hawn hat: nou ’t ik +hwet yn ’e rik hab, dêr ’t ik by need wol mei ta kin, nou bin ik den +alteast sa fier, det ik kear ôf, mei beide hânnen tagelyk (hy bigjint +wer mei de earmen to slaen; K.), hwet oars yet folgje mocht. Ut +foarsichtigens, om it net to fier to driuwen, sa hab ik mysels en in +frjeon, dy ’t my yn dizze saek holpen het, wysmeitsje wollen. Ut +tsjinnichheid yn ’t brûken fen ’e boalsbile, dy ’t it bline rjucht my +yn ’e hannen triuwt (ta fordjer for de bline Gaestmarder Hear, dy ’t +him dêrmei yn ’e skonken slacht, K.) docht my bliken, nou ’t ik +_djippernôch yn ’e skatkeamer_ (!!! K.) fen myn tinken _taest_ (!!! is +it wer net fornoegjend, dizze heal-eigenwize en oanstellerige bombast? +K.)” + +De 17de July den, forskynt der yn it Sneinsblêd fen ’e Ljouwerter +Krante, it blêd, dat út fier-sjênde wizens jerne plak jowt oan +fortsjinstlik wirk fen myn maten en my, in sonnet ûnder de suvere en al +foartdalik sympatyk oandwaende titel „Myn taflecht” en ûnderteikene G. +J. F.,—yn ’e neikommende wirden: + + „Ik hâld fen dy, sa ’t stille minsken hâlde + Fen ienlikheid; by dy wier ’k bûten noed, + As twivel spûkrich omgong troch myn moed + En ’t soarchsum opkweekt herteblomt’ towâdde; + Forbjustring oer my optwong, sa ’t in kâlde, + Wreed blauwe loft omheech twingt, oant forgoed + Hjar tsjuster ’t wint, en ’t donker swirk syn tsjoed + Utspije moat, foar ’t ierdryk wer yn ’t âlde + Sêft-glânz’ge ljocht, det oer ’e lannen lei + Foar ’t ûnwaer kaem, him swiid formeitsje mei. + + Den socht ik dy en mocht dy altyd fine; + Under it boldrich driigjen brochst my wei + Nei fredich-stille kriten, dêr ’t de dei + Syn glâns hâldt en gjin onwaerswolken wine.” + +Nei dit efkes biskôge to hawwen, die it my bliken, det hiel goed fen +utering en geef fen fieling wiernen de rigels 1, 2, 11, 12 en 13_a_, +wylst twiveleftich wiernen de rigels 9 en 10 en hwet oerbleau, tinkelik +ûnwier fen fieling, hwent alteast ûnwier fen utering neamd wirde +moasten; det lykwol de bou, howol ôfwikend fen ús biwende italiaenske +foarm, oarspronkelik en krêftich wier, sadet ik sterk bigoun to fielen +det, wier de skriuwer hjirfen yet jong en hied er as gefolch yet in +libben fen ûnderfining en learing foar him, alteast fen in ûnthjit +praet wêze mocht. Mar neilêzend waerd ik heal wé fen dat sizzen: „en ’t +donker swirk syn tsjoed útspije moat,” dat my wer tinken die oan immen, +dy ’t ik koartlyn bispritsen hie yn fjouwer sakelike artikels en my oan +it neimimerjen brocht, eft it wol hielendal ûnmûlk wier, det ik hjir to +dwaen krige mei myn Gaestmarder frjeon, dy ’t wer brûkme makke hie fen +in tsjinstfeint. + +De oare deis—it wier Snein—roun ik to kuijerjen mei myn frjeon Ate +Sevenster, en mei him pratend oer fryske saken, spriek ik tsjin him as +myn bitinken út, det it wizer wêze scoe as net inkeld fjouwer, mar alle +njoggen my oant do ta bikende jong-fryske skriuwers, hjar yn ’t +iepenbier bigounen to ûntwikkeljen en sei him, det ik yn it Sneinsblêd +sjoen hie, det der wer immen opkaem, dy ’t wol yet gâns to learen hie, +mar yn hwaens wirk nou by soarchsum ûndersiik al in ûnthjit to bikennen +wier. Do ’t er hjir neat op andere, frege ik: + +—Jy hawwe dochs „Myn taflecht” fen G. J. F. lêzen? + +—Ja, mar dy „ûnwaerswolken” en dat „útspijen”... + +—Dat roait fensels kant noch ich, mar it kin him ôfleard wirde. Ik wol +bisiikje, forbining mei him to krijen. + +—Ik scoe hwet oppasse: witte jy hwet ik tocht haw? G. J. F., it scoe +mei draeijerij _J_an _F_en ’e _G_aestmar wêze kinne. + +—It sonnet scoe der net minder om wirde, al liket it hopeleas, det it +ûnthjit den ûntwikkele wirde scil. Ik haw der sels ek al oan tocht, en +ik scil der by it skriuwen fen myn brief rekkenskip mei hâlde, en +allinnich prate fen in ûnthjit. Is hy it, den moat er wol tige moedleas +wirde... + +En thúskommen fen myn kuijer, skreau ik dit brief: + +Ljouwert, 18 July 1915. + +_M_ + +Ta myn blide forwûndering fyn ik yn it lêste Sneinsblêd fen ’e +Ljouwerter Krante in stoerboud sonnet, hweryn ik tige sterk in ûnthjit +fiel,[13] en dat ûnderteikene is mei trije foarletters, hwerfen ik hiel +klear wit det gjin ien fen de my oant nou ta bikende Jong-Friezen hjar +draecht. Om ’t ik sikerwier gjin kâns sjoch, oars út to finen hwa ’t de +skriuwer fen dit fers wol wêze mei, haw ik de redaksje fen ’e +Ljouwerter forsocht it adres, dat hjar fensels bikend wêze moat, op it +slúfke to setten, om sadwaende dochs mei Jo yn forbining to kommen. + + [13] Yn syn oerstjûrens docht de Gaestmarder Hear jimmeroan, ef hie ik + skreaun „in tige sterk ûnthjit”, ef hie dos, yn pleats fen myn + fieling, it ûnthjit tige sterk west! + +Ik hoopje dos, det Jy sa frjeonlik wêze wolle my sa gau as ’t mar mûlk +is, Jins folsleine namme en Jins adres op to jaen, om ’t der wol gjin +twivel bistean kin, eft Jy scille bikend wêze mei it streevjen fen in +jong-fryske biweging en dêrfor faeks sels rju folle meifieling +oerhawwe. De striid, dy ’t wy noutiids hawwe út to fjochtsjen mei hwa +’t it goede wolle, mar it tsjoede winne, en hwerfen it allinnich +spitich is, det er net swierder wirde wol—hwent ho krêftiger in striid, +ho moaijer en wichtiger—twingt ús hâld oan eltsoar to siikjen en sa, +neist eltsoar, troch to setten oant wy oerwoun hawwe. + +Ik hoopje tige, det Jy net to fier fen my ôf wenje; mocht dizze winsk +wierheit wêze, ringen scoenen wy den mei eltsoar petearje kinne oer ’e +dingen, dy ’t ús djûr binne en alteast in diel fen ús krêften opeaskje. + +Mei gr. en achtinge, + +Jins tsjinner, +D. KALMA. + +Emmastr. 23. + +Yn ’e tiid, dy ’t forroun twisken it opstjûren fen dit brief en it +ûntfangen fen in andert brocht ik in bisiik oan ’e hear Sipma, in lid +fen it Haedbistjûr fen it Frysk Selskip, en praette mei him oer it +sonnet yn it forneamde Sneinsblêd op net ûnginstige, howol krityske +wize, deroan tafoegjend, det ik bisocht mei de skriuwer yn forbining to +kommen, wer sûnder myn ealgjen fen Gaestmarder wirk mei to dielen. En +de hear Sipma: + +—Wêz forsichtich, sei er; okkerjouns, do ’t ik oer dat ding siet to +prakkesearjen, kaem der in aldernuverste miening by my op: G. J. F.—kin +it _J_an _F_en ’e _G_aestmar wêze? Mar ik kin my net bigripe, ho ’t dy +yn ’e Ljouwerter komt. + +—Ik bin ré op elke draeijerij fen Hof, mar moast dochs mei de skriuwer +yn forbining sjên to kommen, hwent it koe in oar, b.g. in learling fen +him, wêze. Ik skreau fen in ûnthjit, en dêrtroch kin er net bêst noch +eigenwizer wirde; hy kin der yn elk gefal neat mei bigjinne. + +Mar wy beiden wisten yette net, det by de Gaestmarder Sinne +fortsjustering regel is en ljocht útsûndering, en rêstich arbeide ik +troch, oant ik einlings en to ’n lêsten op myn brief, hwerfen ik de +ynhâld niis-krektsa meidielde, it folgjend andert krige, dat my dalik +wer hiel hwet erchtinkender makke: + +Beetstersweach, 11 Aug. 1915. + +_Achte Hear Kalma!_ + +Jou brief ha ’k ûntfongen, ’t dûrre hwet lang, mar det kaem trochdet ik +in skoftsje fen hûs west ha. + +Mei koarten scil ik Jo wol ris mear skriuwe, ’k ha ’t nou hwet hiel +drok mei myn saken. Myn tank for Jou bilangstelling. + +Wol Jy my skriuwe, doch ’t den forearst „poste restante Beetsterzwaag,” +hwa en hwet ik bin? deroer letter ris. + +Mei achting, + +Jins tsjinner, +G. J. F. + +Myn lokkich stjerte, dat my, sa faken ik yn forbining kom mei Jan fen +’e Gaestmar, trochstrings yet ginstiger ljochtet as ornaris, brocht my +foartdalik ta de forûnderstelling, det dizze brievekaert, skreaun wier +mei de hân fen immen, fen hwa ’t ik net folle goeds to wachtsjen hie: +dy fen Canne,[14] hwaens hânskrift ik ienris biwûndere hie; en wiken +bin ik ûnforsetlik yn dy miening bleaun, oant my earst earjister in +brievekaert fen dit hearskip taskikt waerd, hwerút ik sjoch, det it +tige wierskynlik liket, det ik my yn dit stik fen saken forsind haw. + + [14] It wier my nammentlik net ûnbikend, det de heit fen ús + Gearkomste-Ropper skoallemaster is (west hat?) earne yn ’e omkriten + fen ’e Sweach, en, om ’t it fekânsje wier, tocht ik det de hear C. Jr. + der útfenhûzje mocht. + +Under de ynfloed fen dizze ûnkrekte miening, skreau ik oan G. J. F, +poste restante Beetstersweach, efter hwa ’t ik op ’e iene ef oare wize +Canne miende siikje te moatten, in kaert, dêr ’t ik my op hwet +gekoanstekkerige menear yn utere, howol ik yet jimmer rekkenskip hâlde +moast mei de kâns, det in ûnbikend persoan de skriuwer wier, de +forûnderstelde hear Canne „de sphinx oan ’e Boarne” neamde, him it +útstel die, de korrespondinsje sa troch to setten, om ’t it hearskip sa +fiks myn nijsgierrigens wekke hie en ik „fen sensaesje hold”—en as myn +miening to witten die, det de skriuwer fen ’e brievekaert for in examen +siet, hwet de opleappende hear Canne ridlik noflik kitelje koe. Dizze +kaert, hwerfen ik sels gjin kopy biwarre, lyk as by brieven nea net myn +gewoante wier, hat de Gaestmarder Hear yn syn Nijsblêd-artikeltsjes, om +’t er ynseach, det troch dy gekoanstekkerij syn hiel geskreau, det ik +der ynflein wêze scoe, machtleas wirden waerd, ljeaver net meidield, om +’t er „in gefoel hie, as wier er der net op in suvere wize oankommen.” +Men scoene wé wirde fen sok in draeijerij, en, om hem ek dy útwei ôf to +skoatteljen, jow ik, de skriuwer fen dizze kaert, him alle soarten fen +frijichheit de ynhâld, mar den ljeafst wird for wird, mei to dielen, al +scil er faeks hjirtsjinoan skoarje, om ’t syn sizzen, det ik der +ynflein wier, den dúdlikernôch opsettelike ljeagen waerd. Hwent ef de +Gaestmarder Hear is tsjin ’e lampe roun—mar den moat men him ek +biskôgje as in man, dy ’t sims it bistjûr oer syn dieden en binammen +syn wirden mist, en fierders as immen, dy ’t yn ’t iepenbier jerne in +oar fen brekken biskildiget, dêr ’t er sels mei bisocht is, om sa syn +eigen ûngevens to forbergjen,—ef ik bin foar de kroade riden, mar den + +1o. moat men yen forwûnderje, hwerom de ynhâld fen ’e niismiende kaert +net meidield wirdt, en as de Gaestmarder Hear twongen is soks to dwaen, +sûnder fieling wêze for in ironyske wize fen skriuwen, en allike +tsjokhûdich as de skriuwer fen ’e „Klankboarne”; + +2o. moat men, hwet ik hjirby forklearre: det fen ’t bigjin ôf earnstich +rekkenskip hâlden is mei de kâns, det efter G. J. F. Jan Fen ’e +Gaestmar skûle, ljeagen neame en my biskildigje fen ûnwierheden, my, dy +’t my dochs sikerwier nea net bisounige oan in draeijerij lyk as Hof yn +’e saek fen ’e priisfraech-boekjes; + +3o. moat men de forklearring fen myn frjeon Ate Sevenster, det er my al +foartdalik nei de lêzing fen it sonnet-yn-kwesje, warskôge hie en +oanret forsichtich to wêzen, hwernei ik to kennen joech, inkeld prate +to scillen fen in „ûnthjit,” ljeagen neame; + +4o. moat men de forklearring fen ’e hear Sipma, det er tsjinoer my +krekt itselde bitinken utere hie, hwernei ik forhelle, det ik mei dizze +kriichslist rekkenskip hâlden hie by it skriuwen fen myn earst brief, +ljeagen neame; + +5o. moat men Jan fen ’e Gaestmar in rêstich-oerlizzend minske achtsje. + + +Mocht men nou fen bitinken wêze, det mear as de frage hwa fen ús twaën +fen ’e oar to grazen nommen is, fen bilang is de wearde fen it sonnet +„Myn taflecht”, foarâl yn forbân mei de neat-weardigens fen ’e +„Klankboarne, den achtsje ik my lokkich, det ik for dit nuver +forskynsel ek in folslein-suvere forklearring to jaen wit, hwerby ik +stipe wird fen Jan fen ’e Gaestmar sels, dy ’t sûnder ergewaesje de +earste lêzing fen syn fers meidielt, do ’t it yet net foroare wier nei +myn smaek, om yn ’e Ljouwerter opnommen to wirden—do ’t er it dos, +neffens syn eigen miening yet net forknoeid hie. Lyk as ik sei binne +der yn dit fjirtsjinrigelich fers wol 4½ suvere rigels to bikennen, to +witten: + + Ik hâld fen dy, sa ’t stille minsken hâlde + Fen ienlikheit; by dy wier ’k bûten noed . . . + + Den socht ik dy en mocht dy altyd fine; + Under it boldrich driigjen brochst my wei + Nei fredich-stille kriten . . . + +wylst ek de titel „Myn taflecht” hwet hie, dat gjin ien kritikus al +dalik minder ginstich stimme mocht. Lykwol docht it út de earste +lêzing, dy ’t men fynt yn „De skiednis fen in sonnet” bliken, det it +opskrift oarspronklik wier it banale en heal yn ’e mûle fen in +Dykstra-rimeler thúshearrende „Oan myn sprake”, det for „altyd” yn de +trêdde rigel fen ’e krektsa oanhelle stien hat „jimmer”, hwermei hiel +de klang fen dat suver fers fordoarn is, wylst for: „Under it boldrich +driigjen _brochst_ my wei”, to ’n earsten stie: „Dou _loekst_ my ûnder +’t boldrich driigjen wei”, hwertroch ek fen de klank-expresje neat mear +oerbliuwt. De hear Hof hat sadwaende syn sonnet, do ’t er miende it to +forknoeijen, op syn alderminst in trêdde part better makke, dêrmei wer +bliken jaende fen syn krekt ynsjoch, hwet ferskinst oanbilanget... +_Tige sterk fiel ik_,—om de wirden fen myn brief to biwarjen— + +1. det as lêzing II (de Ljouwerter) skreaun waerd fen in jongfeint, dy +’t oan ’e yngong stie fen in fruchtber libben fen learing en +ûnderfining, op syn minst praet wêze mocht fen in _ûnthjit;_ + +2. det as lêzing II (de Ljouwerter) levere waerd fen immen fen boppe de +fjirtich jier, dy ’t dos faeks al de helte fen syn libben efter ’e rêch +hat, mar _efkes foldwaende_ mear is; + +3. det as lêzing I (de Gaestmarder) jown wirdt, binammen as in +folwoechsen man ús dêrmei fornoegje wol, it sonnet _ûnfoldwaende_ is, +_howol it dichtstik bliuwt en dos yet jimmer bitsjuttend heger stiet as +alle fersen fen ’e „Klankboarne”._ + +As de hear Hof sadwaende syn artikeltsjes slút mei to sizzen: „It +biwiis is nou wol levere, det ik gelyk hie, do ’t ik, nei ’t ik Kalma +syn tredde stik oer my en myn wirk lêzen hie, yn mysels sei, det dy +jonge man likernôch krekt rjochtoarsom oardielje scoe, sa gau as er in +fers ûnder ’e eagen krige, dêr ’t er net fen wist, det it fen my wier;” +yn pleats fen „It biwiis is nou wol levere, det ik net sa fier mis +wier, do ’t ik, nei ’t ik Kalma syn trêdde stik oer de Klankboarne +lêzen hie, yn mysels sei, det dy jongen man sûnder mis aerdich hwet +goeds fine scoe yn myn nijste fersen, fen _mear as acht jier nei it +forskinen fen ’e Klankboarne_, en sels twa jier jonger as myn yet net +fen him bispritsen sonnetten „Nij Libben”—den is dit in _krasse, +opsettelike draeijerij_, sadet myn gearfettings mei gloarje ek dizze +oanfal úthâlden hawwe en mei nocht de tredde ôfwachtsje. + +Hwent de hear Hof, faeks eangjend det it my maklik falle mocht, de +earste oanfallen ôf to wizen, ûndernimt twisken ’e bidriuwen troch yet +in trêdde troch de fordildich-harkjende lêzerskloft fen Hepkema to +freegjen, hwet men wol fen sokke kritiken—wer binammen fen sokke +gearfettings—tinke moat, as oer syn wirk yn ’e Ljouwerter stien hawwe, +as men fornimt, det de skriuwer dêrfen mar njoggentjin jier is en (dit +is binammen, hwet my tsjinstiet) in jongbaeske, twisken de gymnasiale +en de ûntgrieningstiid yn? + +Hark ris, Janneman! Hwet moat men tinke fen de ljeafde for ienfald, dêr +’t Jou rymstikken sa heech by opjowe, as it teltsje wierheit bifette, +det Jou wente ynrochte is mei sok in oeribele oerfloed fen divans en +draperieën, det it for in goê Fries is om der oars fen to wirden, to +mear om ’t Jiffer Hof aerdich sûr sjocht, as immen it bistiet mei syn +skoen oan, in kuijer yn hjar pronkkeamer to ûndernimmen? Ho to +oardieljen oer Jou fieling for Frysk, as de hjir forneamde Hof-anekdote +wier hjitte moat, det by it berne wirden fen Jou dochter in adfortinsje +yn it Nijsblêd priele fen „Berne Bernarda”, howol hjar beppe jimmer op +syn goê-frysk Bearendtsje neamd waerd? + +Ik koe de forlieding net wjerstean, Jo hjir mei deselde falske munt to +biteljen, mar moat der ynlike klam oplizze, det sokke +heislik-persoanlike strideraezjes, as wy inkeld to genietsjen krigen yn +’e dagen fen „Fij Lútsen!” en „Hark ris, Piter!” yn ús skriftenkennisse +_fen Jo_ wer ynfierd binne, det ik allinnich om my to fordigenjen, soks +neifolgje, mar, sa gau Jy ynsjogge, det sok in wize fen bistokeljen ta +neat laet, ek gjin ien mear meidiele scil fen ’e forskate +Hof-anekdotes, dêr ’t nei it forskinen fen myn artikels yn ’e +Ljouwerter, langer eltsenien mei oantôgjen komt. + +_De wearde fen myn gearfettings, hwerfen in sakelike bistriding jimmer +bliid fen my forwolkomme wirde scil, hat dos net fen gjin inkelde +oanfal to lijen hawn, sadet dêrmei de grounslach lein bliuwt for in +oprjochte, djip-geande, howol faek hwet strange, en it Frysk +heechhâldende krityk; de antikrityk fen Hof lykwol wier „ûnwirdich” oan +de dichter Geart Jans Fenema._ + + +En nou ’t wy den safier kommen binne, det Jy wol twongen waerden mei to +stimmen, det myn ûnginstich oardiel oer Jou wirk net meidield is ûnder +ynfloed fen persoanlik skeel, mar om ’t ik dêrmei miende it bilang fen +ús tael to tsjinjen, achte hear Hof, bisiikje nou yn my net langer +immen to sjên, dy ’t longerjend by Jo socht nei in heap +minderweardichs, om dêr it greate sensaesje-publyk op to ûntheljen, mar +in jongfeint, dy ’t stiet yet oan de poarte fen syn libben, en dat +jerne biwarje woe moai en suver en ryk. + +Sjoch, it wier in mistreastige hjerst-middei en de loften skriemden en +huzen en beammen stienen bitrienne; ik hie my los makke fen in frjeon, +oan hwa ’t ik hiel myn siele tabitroud hie en dy ’t my alles ôfferge +sûnder my sels hwet to jaen—do bisleat ik my tsjin myn sear to +forsetten troch my wer to wijen oan ’e tsjinst fen ús tael, en in +opstel fen weardearringe to skriuwen oer Jou wirk, hweryn ik, op gesach +fen oaren, tocht det in krêftich dichter spriek. En ik lies, wer for ’t +earst nei lange tiden, de oerstjûre fersen fen ’e Klankboarne, en lies +de „Omstikken en Sydstikken” mei de faeks-goedmiende, mar oerstallige +„Drankjes,” wylst „Is der in fryske tael,” dat ik oant do ta biskôge as +in Jo ûnweardich bisiikjen om hwet krom wier, rjocht to praten, my mar +al to goed bikend west hie—en it barde dy middeis, det myn tsjinsin +ûntstie en him heal ta hate ûntjoech, det ik oersloech yn in oar +uterste, en der gjin praet mear fen hearre mocht, det der in dichter yn +Jo libje scoe. + +En soks moeit my nou, al wier it my to forjaen, as men foar eagen +hâldt, ho komselden him de dichter-yn-jo utere hie. Efkes kaem ik ta +ynkear by it lêzen fen dy suvere rigels: „En dy ’t my lok-lokkich makke +en bliid, Do ’t libben my ta lijen waerd” en krêftiger haw ik it +oankommen field, do ’t ik it earste sonnet fen „Ny Libben” neigyng, it +bigoun my slim to hinderjen do ’t Jou ûnderbistjûrder, Bokke Simens, +nei oanlieding fen myn opstellen by my rinnen kaem, en mear as ienris +sei „Ik bin it wol mei Jo iens, mar dochs wit er wol fen eigen +ûnderfining, hwet dichterlike oandwaning is,” mar wissichheit is it net +wirden ear ’t ik oan ’e weet kaem, det „Myn taflecht” fen Jo skreaun +wier. En ynlik hoopje ik, det Jy my net ûntstride scille, det ik jimmer +oanfallen dien haw, op hwet ik neame wol de Jan fen ’e Gaestmar yn Jo, +de man fen ûnsuverens en ûnwierens, dy ’t Jy neffens myn bitinken fiers +to folle frij jown hawwe, mar de dichter Geart Jans Fenema nea net to +nei kommen bin. + +En as ik nou siz „Woloan, it plak fen ’e lêste is njonken, net jinoer +ús,” den mien ik dêrmei hielendal net, det, as Jy nei ús ta komme +wolle, soks inkeld barre kin trochdet ek Jy de Jan-fen-’e +Gaestmar-periode biskôgje as minderweardich en mei ynstimming myn +gearfettings oernimme, hwent mocht dat Jo to biswierlik wêze, tink den +oer de tiid do ’t Jan fen ’e Gaestmar him sa jamk utere, as oer dagen +det Geart Jans Fenema him mids folle striid al mear en mear ûntjoech. +En mochten Jy wegerje, neist ús plak to kiezen—hwet my sikerwier sear +dwaen scoe—om hwet ik sei oer ’e wize, hwerop Jy it Ljouwerter Nijsblêd +bistjûre en oer it gehalte fen dat blêd sels, den bin ik ré dat alles +fen stikje ta bytsje werom to nimmen, net om ’t ik oertsjûge bin, det +ik it net by ’t rjochte ein hie, mar om ’t _ik winskje ta +oerienstimming to kommen_. + +Jo oansiikje om diel to foarmjen fen ús jonge biweging, hweryn faeks +âldere minsken hjar net thús fiele scoenen, en dy ’t dochs jimmer +alhiel selsstânnich hjar gong gean scil, wol ik net, om ’t dêrmei in +ûnsuvere tastân berne wirde koe, mar de selde rie-jaende stimme oer +taelstriid-saken, dy’t de hearen Sytstra en Sipma takend waerd, wolle +wy ek Jo jaen, sadré de Jan fen ’e Gaestmar plak makke hat for de Geart +Jans Fenema. + +Achte hear Hof, litte wy mei eltsoar wirkje om it safier to bringen, +det ienris de skiednisskriuwer fen Fryslâns skriftenkennisse seit: + +„Fortuten brocht it jier 1916, hwent yn in nij orgaen ûntjoech him in +bitsjuttend tal jonge fryske skriuwers en ek for Hof, dy ’t him as Jan +fen ’e Gaestmar ûnder folle striid ûntwikkele hie, briek nou de dei +oan, lyk as er sels ynsjoen hawwe moat mei it oannimmen fen syn nije +skriuwersnamme Geart Jans Fenema.” + + +_Einoanteikening_. Mei it iepenbier meitsjen fen ’e +Sljucht-en-Rjucht-dokuminten dy ’t ik ûnthiet to jaen, bin ik fen doel +to wachtsjen oant „Fryslân” en dat krantsje as konkurrinten foar +eltsoar steane. Myn tank oan allegearre, dy ’t ús biwiis fen meifielen +yn ús streevjen stjûrden. + + +*** END OF THE PROJECT GUTENBERG EBOOK 75842 *** |
